It fragmintaryske makket it boek somstiden hwat to krommelich. It hie faeks better west de fragminten hwat langer to nimmen. Beide forhalen hiene dan sterker ienheit krige en de forhâlding fan dizze twa minsken hie yn in komprimearre foarm yn in namsto skerper deiljocht kommen to stean.
Mulder hat yn dit boek in kompakte retrospektive fortelling set yn de lichte toets fan in Rahmenerzêhlung dy't oars net wêze wol as in simpel Frysk folksforhael mei emosionéle en boart like eleminten. Hjirmei is net allinne de konfrontaesje fan romte en isolearring symbolisearre, mar tagelyk in greater frijheit yn it tinken en skriuwen fan Gerrit Mulder. Hy is net in earsten komponist, estheet en logysk tinker, mar in boarter dy't, yn it isolemint great wurden, hieltyd wer bisiket dat isolemint geastlik en kréatyf to ûntflechtsjen, al is de dream greater as de werklikheit.
Soe men dit boek kwalifisearje as leafdesroman, hwat it by einsluten dochs noch bisiket to wêzen mei in op de eftergroun him ôfspyljende romance tusken Boukje Neisimmer en de féarts Ate Lyklema, dan sjit hja tokoart, al hoe sterk de langsten en bigearten ek troch dit boek spylje. Mulder hat mei in yn it ynterieur fan dizze roman opboud forhael, leafde, haet, forflokking, lok, forfrjemding, ûntdekking, wûnder, troubrek, romte, genede, bloed en forjeffenis tekenje wollen en in libben fan in frou trochelkoarskodde en wekker makke foar in romte, dêr't hja it bistean net fan wist. Hy hat dizze Boukje Neisimmer út har isolemint skuord om har libje to litten yn de romte, dy't hja lykwols net oan kin, dat hja fynt in útwei nei in oare man, en it libben fan Reimer de Hjerst, dat útspoun wurdt yn it retrospektyf kriget forbining yn it weromfinen fan syn hjelbroer, dy't as skoalmaster op itselde doarp wennet.
Der is yn dizze roman in wikselwurking. De figuer fan Reimer de Hjerst wurdt tekene út it forline wei en it libben fan Boukje Neisimmer libbet nei de takomst ta.
Oant nou ta haw ik it forhael yn de roman los sjoen fan it gehiel, net allinne om't it yn syn kwaliteiten los stiet fan it oare, mar binammen as objekt fan romte, dy't it paed yllustrearret. Mar dochs biheart dit forhael bloedeigen oan dit boek, dat fier boppe de midsmjitte fan de Fryske roman útstekt. Mulder is hjir net hingjen bleaun yn de sfear fan in bitroude mienskip. Hy hat der nei stribbe om mei in simpel gegeven boppe in formidden út to kommen. Hy hat yn dit boek de romantyk, de idéalisearring en de heimnissen fan in biwende wrâld typearre en in folslein eigen karakter jown tsjin de