Mear stipe frege
De Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân, mr. H.P. Linthorst Homan, dy't ta gelegenheit fan de iepening fan de Fryske Boekewike '61 op 13 oktober yn Boalsert al meidieling die fan boppeneamd útstel, krige fan de foarsitter fan de Stifting It Fryske Boek, de hear Keimpe Sikkema, in mennich sêfte winken, allyksa tsjinjende om de oerheitsstipe foar Frysk literair wurk to forgreatsjen. De hear Sikkema wie, sa die út syn wurden bliken, fan bitinken dat de bidraggen fan dr. Joast Halbertsma- en Gysbert Japikspriis (beide f 750, -) oan de lege kant binne. Hy oppere ek de winsklikheit, in útjefte oer Harmen Sytstra of fan dy syn wurken mei oerheitssubsydzje mooglik to meitsjen (takomme jier kin de hûndertste stjerdei fan Harmen Sytstra bitocht wurde; der leit yn hânskrift - foar in part publisearre - in wichtige stúdzje fan dr. D. Kalma oer dizze figuer). De foarsitter fan It Fryske Boek ornearre ek, de provinsje soe literaire en literair-histoaryske opdrachten jaen kinne en mooglik prizen foar wichtich literair wurk. Ek de leden fan de advyskommisje foar it takennen fan de Gysbert Japikspriis '61 hawwe by gelegenheit fan de priisútrikking to kennen jown, dat neffens harren de provinsiale oerheit de Fryske literatuer mear as oant nou ta bart troch middel fan opdrachten, subsydzjes ensfh. stypje moat.