Meidielingen
Meije wy ús lëzers en oare bilangstellenden wize op de Literaire Middei, útgeande fan De Tsjerne op sneon 30 desimber yn De Klanderij to Ljouwert? In útnoeging dêrta fine hja by dit nûmer ynsletten.
In register fan de ynhâld fan jiergong 1961 sil by it earste nûmer fan de kommende jiergong ynlein wurde.
Stimpelbannen foar de ôfroune jiergong kinne oer de giro of per brievekaert bisteld wurde by de Administraesje foar de priis fan f 1,75.
Wolle de lêzers har abonnemintsjild foar 1962 (gewoan abonnemint f 12,50; studinte-abonnemint f 10, -) stoarte op gironûmer 8 1 0 0 2 7 fan Stichting ‘Je Maintiendrai-Friesland’, Goudtsjeblomstrjitte 29, Ljouwert? It bisparret ûnnedige ynbarderskosten.
REDAKSJE EN ADMINISTRAESJE