sette. De tûkelteammen yn en om de ‘advyskommisje’ hawwe lykwols net ta gefolch hawn dat de dichter de priis wegere, en dat is foar 't neist ék in lokwinsk wurdich oan it adres fan de ynstânsje, dy't de Gysbert Japikspriis nei de oarloch ynsteld hat: Deputearre Steaten fan Fryslân. Marten Sikkema sil, sa is al bikend makke, de priis yn ûntfangst nimme op 13 oktober o.s., de middeis yn it Boalserter stêdhûs. Deselde jouns wurdt de Fryske Boekewike offisieel iepene.
De gearstalling fan de ‘advyskommisje’ dy't elk jier Deputearren riede moat oer de takenning fan Gysbert Japiks- of dr. Joast Halbertsmapriis wie oant nou ta elke kear in (min ofte mear publyk?) geheim oant dit kolleezje séls, op de dei fan de priisútrikking, mei in ‘wurdearringswurd’ yn it ljocht kaem. Unienzens yn de advyskommisje hat de oarsaek derfan west dat dizze tradysje dizze reis forbrutsen waerd. In foar de bûtenwacht nochal bitiisde en foar gjinien fan de partijen of bilanghawwenden botte streksume diskusje-viade-krante hat dêr it gefolch fan west.
Drs. Marten Brouwer, dy't diel útmakke fan de advyskommisje foar de takenning fan de Gysbert Japikspriis 1961, hat it by einsluten net lykfine kinnen mei de oare kommisjeleden, juffer dr. U.J. Boersma fan Grins en de hear Gerben Brouwer fan de Gerdyk. Hy biskuldige harren dat hja in net-literair kritearium op it aljemint brocht hiene, ntl. dat de kandidaet ek ‘foar it officium oer presintabel wêze moast’. Marten Brouwer, dy't sa út en troch yn quatrebras-formidden hege papierene ûnderskiedings útdielt, mar hwaens kandidaet nou troch de oare beide ôfwiisd waerd, hat yn dizze gong fan saken oanlieding foun, him as lid fan de kommisje werom to lûken.
Fan dat feit, allyksa fan syn sjenswize, die er summier meidieling net allinne oan Deputearre Steaten, mar ek oan de parse. Yn ien fan de Fryske deiblêdden hat Gerben Brouwer de biskuldiging, troch Marten Brouwer tsjin him en juffer Boersma ynbrocht, sûnder mear en nochal fits fan 'e hân wiisd. In nij brief fan Marten Brouwer oan Deputearren, ek wer yn ôfskrift nei de parse stjûrd, moast tsjinje om syn sjenswize krêft fan biwiis by to setten. Gerben Brouwer, jitris troch boppe oantsjut deiblêd geweken nommen, joech doe via de forslachjower syn nammegenoat de rie, ris in psychiater to konsultearjen - in biwiis faeks dat guon, âs hja ienris oan 't ‘advisearjen’ binne, min wer fan ophâlden witte.
Folslein bûten de sfear dêr't oant nou ta de priistakenning yn pleats foun hat wie nammers èk it feit dat Marten Brouwer yn syn twadbrief-mei-bylagen (oer lit ús sizze fyftich jier to bifreegjen by it Frysk Literair Museum) in boekje iependie oer hwat er yn de kommisje mounling en skriftlik (en dan gauris op briefkaerten...) bihannele wie oer in trijetal kânshabbers dy't as X, Y en Z oantsjut waerden en dêr't nou alteast Z fan wit, hwa't mei dy letter bidoeld waerd... Wylst Piter Terpstra yn Frysk en Frij (de iennichste krante dy't yn dizze dagen fan Berlyn en Fierljeppen tiid fine koe foar redaksioneel kommintaer) noch pleite foar it bineamen fan in alhiel nije advyskommisje, hiene Deputearren har bislút al nommen en it mearderheitsrapport oannommen. Doe't Marten Sikkema de priis, dy't rounom achte wurdt ‘goed to plak’ komd to wêzen, ek oannommen hie, wie dizze simmergoarre wer foarby.
Fragen dy't oerbliuwe foar ús dochs al sa swiertillende Deputearren binne neffens my ûnder oaren dizze: kin tonei de oanwizing fan adviseurs (bart dat net op foardracht fan de Fryske Akademy?) net