Yn 'e fierrekiker:
J. Slauerhoff sil bitocht wurde
De fyfte oktober fan dit jier sil it fiif-en-tweintich jier forlyn wêze dat de út Ljouwert ôfkomstige Nederlânske dichter Jan Slauerhoff to Hilversum forstoarn is. Ta bitinking fan syn stjerdei hat him in komité foarme ûnder foarsitterskip fan A. Roland Holst. In wurkkomité bistiet út G. Borgers, direkteur fan it Nederlands Letterkundig Museum en Documentatiecentrum to Den Haech, de útjower E.W.P. van Dam van Isselt en de skriuwer-kritikus Pierre H. Dubois. Yn in eare-komité hat û.o. sit de Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân mr. H.P. Linthorst Homan, wylst yn in breed opset komité fan oanbifelling út Fryslân wei sit hawwe dr. Sj. Douma, bibliothekaris fan de Prov. Bibliotheek to Ljouwert, mefr. G. Faber-Hornstra, direktrise Buro Kulturéle Saken yn Fryslân, dr. O. Postma, D.A. Tamminga en dr. A.S. Wadman.
Op Slauerhoff's stjerdei sil to Haerlim in bitinkingsplechtichheit pleats fine, dêr't A. Lehning in rede hâlde sil en Albert Vogel foardraecht út it wurk fan de dichter. Fierders sil dêr dy jouns in útstalling Logboek van Slauerhoff iepene vuurde, dy't in oersjoch jowt fan libben en wurk fan de auteur. Ek to Hilversum, Utert en Den Haech sille soksoarte manifestaesjes wêze. By de útjowerij Nijgh & Van Ditmar sil in nije edysje forskine fan Slauerhoff's Verzamelde Gedichten, dêr't ek fersen yn opnommen wurde dy't oant nou ta net yn it earder forskynde sammele wurk publisearre binne.
De útstalling Logboek van Slauerhoff wurdt yn de rin fan dit jier ek to Ljouwert forwachte.
D.A.T.