De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 285] [p. 285] [Nummer 10] Rinke Tolman: Tsien kwatrinen Gods wyndermoune twirret troch de tiid En warrelt 't tsjêf de sfearen yn, wrâldwiid. Hy bliest dyn nôt sa skjin fan moude en soude: Stean yn 'e romte, om Christi wille bliid. ‘Ik bin in bêstenieri’, swietmûlkest tsjin de klyk, Mar 'k haw op 't lêst genôch fan dyn salon-ethyk. Dyn stounen hast togriemd ta tûzen micro-deugden En op dyn hobbelhynder sit in libben lyk. Dit is, o redenrike, in tige faei kerwei: Foreale op dyn stim, bisjuchst aloan-alwei Dysels yn 't spegelglânzgjen fan dyn glêdde wurden. Narcissus waerd in blom, mar dyn hol lûd stjert wei. Lavearjende torpedo's: 't swellefolkje jeit Stielblau en klien fan sneed troch maitiids ivichheit. Skoep God sa boartlik en fol blierens ea syn hôven? Ierd' en himel... Opheve is swette en skeid. Mahonia's mei beijen, druveblau, En ikels, glêd as 't neillak fan in frou: Dit is in printsje fan septimber. Blêdden Tikboartsje en dounsje, risseljend en gau. Sútler yn bravens, ropst fan eltse hege trâns Proastich dyn eablens roun. Tink lykwol om de blâns. Binn' al dyn wichten yk're? De Itichmaster Skonk tolman, moardner en it ljidske in skoandre kâns. [pagina 286] [p. 286] Ik smook myn piip en skink de romer fol. De wyn stiet yn 'e tsjilk meniscus-bol. Hwer komt myn blierens, dei nei dei, fandinne? Goe-stalkes leafde is jimmer wûndergol. Fan efter kouwesturt en groppe kaem er wei En teach nei d' akadeemje, fier fan dong en klaei. Mar, mei fakânsje yn 't doarp, mijde er spylfeint en fammen: ‘Latyn siket latyn’, wie hwat er swijend sei. Skoattelje doar en blyn en sykje in rap ûntwyk. Alaerm. Alaerm: in rabster giet bylâns de dyk. Har belladonna-loaits toropt dyn rêst en frede, Dyn siel en geast bismodzet hja mei dridzich slyk. Stil! Hearst it harjen fan de hantsjemier? Skerp wurdt de seine, wif dyn sier en tier. De dea stiet rispjensré: in krigel haeijer, Mar Christus rêdt it libben, let of ier. Vorige Volgende