| |
| |
| |
Tiny Mulder:
In wite busdoek mei in swarte ranne
‘Jeltsje har beppe is dea’. Mei in sêft plofke, net liker as kaem der in bal del yn it sân, lei it sizzen tusken it sântaertsje, dat ik niiskrektsa bakt hie, en it taertsje, dêr't it blauwe foarmke noch oer hinne siet. It sân lei noch like igael yn de gleonwite neimiddei, mar Hike hie der in swart ding yn falle litten, tusken myn taertsjes yn: it iene dat ré wie, en it oare, dêr't ik krekt oer yn spanning forkearde, in triljen lykas de gleon triljende loft, hoe't it biteare soe. Hike bakte wer in taertsje. Op 'e knibbels leine wy foar elkoar oer yn de sânbak. Juf sliepte yn it skaed fan de skoalle. Ik naem it blauwe foarmke tusken de fingers, optille of net, of al? Ynienen sei Hike wer hwat, mar hja seach my net oan. Hja hâldde de holle fansiden en striek har jurkje glêd del oer de knibbels.
‘Jeltsje hat in wite bûsdoek mei in swarte rânne’. Ik liet it foarmke los en bisocht Hike har eagen yn mines to krijen. Hja tilde flechtich de holle op, glied hastich mei de eagen oer myn hier, by myn eagen lâns nei myn knibbels, en striek mei de platte hân omstannich sân glêd yn har foarmke. ‘En ek swarte knikkerts’, sei Hike.
Ik leaude der neat fan, net fan dy knikkerts. Hike koe lige! Mar dy bûsdoek, dat koe wêze. It like my sels wol moai ta en sinfol: skrieme yn in hagelwite bûsdoek mei in swarte rânne. Ien dy't by fleagen rûkte nei bleekwetter en licht knistere fan de stisel. Ik gyng op it liif yn it gleone sân lizzen, de dampe foarholle op de earms, om Jeltsje goed foar my to krijen, Jeltsje mei de wite bûsdoek foar de eagen, de wite bûsdoek dy't in rourânne hie. Ik spande de holle om Jeltsje hielendal to sjen, in bytsje wyt, in bytsje skriemerich, it hier oer de eagen, lykas hja der bytiden útseach as har frisselmatsje briek ûnder har dikke, ûnhandige fingerkes. ‘Skriemst?’ frege Hike. ‘Boartsje, Jikke!’ rôp juf tsjin my. ‘Dêr net sa lizze’. Karel stroffele oer myn fuotten. ‘Au! Suffert!’ Hy klattere lulk en rimpen oerein en sette Jurjen nei. Hwerom barden der safolle dingen tagelyk, wylst ik stil lizze woe to fantasearjen?
‘Sille wy togearre ris in fijne taert bakke, Jikke?’ Dêr wiene juf har stim en har skaed oer my hinne. Hearrich bakte ik mei juf in prachtige taert, ien fan trije fordjippingen, lykas by muoike Kristyn en omke Ytsen op de brulloft. Swarte knikkerts, dat hie Hike liigd. Hwa soe dy to keap ha?
Soe ik it tsjin juf sizze, sahwat flaeikjend: ‘Juf, Hike hat
| |
| |
liigd.’ Ik sei it, ik lústere it mei it gesicht fan juf ôfkeard, yn de hope, dat juf it hearre soe, yn de hope, dat juf it net hearre soe, yn de hope, dat myn sizzen in lange omwei lâns, de dyk út, by de feart lâns, om de beammen hinne, en dan sirkeljend mei de hege swellen by juf komme soe, nei skoaltiid. Dat juf witte soe, mar net fan my, dat Hike in liichbeest wie.
Hike bakte stil en leaf taertsjes. In hiele rigele gelikense. Dwers oer de taert fan juf en my hinne stie: jeltsje har beppe is dea jeltsje hat in wite bûsdoek mei in swarte rânne. En doe sei juf: ‘Allegearre yn de rige, bern.’
It sil in goed jier letter west hawwe, dat beppe stoar. Mem fortelde it my moarns by in stik bôlle mei bloedreade ierdbeijen en glinsterjende sûkerkerrels. Mem skriemde, en ik koe net in stikje bôlle mear troch krije. Ik kôge wol omraek, it iten waerd wol in wiete, kliemske klute, mar fierder kaem it guod net. Ik seach strak nei mem har skelksbûse, mar doe't hja de triennen droege, kaem dêr in gewoane bûsdoek út, ien mei griene en giele streekjes, leau 'k. Mem sei: ‘Ik moat fansels nei Fryslân ta, nou't beppe dea is. Heit kin dy hjir net hâlde, dat dou moatst mar mei. Dou krijst aenst in brief foar master.’
Mem skriemde in bytsje, doe't heit ús dach sei op it perron en ús allebeide in tút joech. Heit sei hwat oer beppe. Oh sa siik, leau 'k, en: sa is it ommers better. ‘Goed op mem passe, hear’, grapke heit, safier't er doarst om mem. Mem glimke en helle in bûsdoek út har tas, in hiel gewoane bûsdoek, dy't ik ek wolris mei hawn hie nei skoalle. It like my net alhielendal echt ta en dat bigreate my hwat om beppe, dy't dea wie. Mem hie my, foardat wy fan hûs giene, in skjinne bûsdoek jown. Hy rûkte út en troch wol in biwyske nei bleekwetter, mar hy knispere net fan de stisel en der stie op fan: ‘Onder moeders paraplu’, mei in plaetsje fan Hanneke en Janneke derby. Hwerom hie mem forgetten wite bûsdoeken mei rourânnen to keapjen? Ik woe der hwat radikaels fan tinke, my lulk tinke op mem, omt mem net wist hoe't it hearde as der ien stoar; of oars tinke: skriklik oerdreaun fan Jeltsje, sa'n fortoaning mei in bûsdoek, mar myn tinzen touteren mar hwat hinne en wer, ûnbifredigjend, en mem sei: ‘Sjochris, Jikke, sa prachtich, dy reabûnte kij ûnder de beammen. En dat wetter is de Isel.’ Ik wie bliid, dat ik net mear hoegde to prakkesearjen. Letter kocht mem in reep foar my op in perron. Ik die der sa stadich oer, dat it lêste eintsje molkesûkelade weak waerd yn myn hân, en doe moast ik mei mem nei it húske, dat forriederlik
| |
| |
stjitte en stompte, om de hannen to waskjen. Der wiene papierene handoeken, dêr't de hannen net hielendal droech fan waerden. Ik soe se oan myn nije jurkje ôffeije, mar dat seach mem krekt en mem fûtere en treau my hurdhandich foar har út nei ús coupé. In ûnforhoedske oanfal yn 'e réch, dy't my pûrlulk makke.
Pas by omke op 'e hege stoepe kaem beppe my wer yn it sin. De oerkleden fan it greate hûs sieten ticht. It skeat my yn de fuotten, hwant ik bitocht hommels: hjir is beppe yn 'e hûs. Ik wie deabinaud, dat mem my, krekt as niis yn de trein, wer ûnforhoeds foar har út triuwe soe, rjochtút nei de keamer dêr't beppe lei. Aenst as de glêdde, brune foardoar iepen gie, regelrjocht nei in tsjustere keamer mei beppe, dy't dea wie.
Muoike Tet die de doar op. Hja hie in wyt skelk foar oer in swarte jurk hinne; in wyt gesicht, wite hannen, wyt skelk, oars alles swart. Muoike Tet, folle âlder as mem, lei har de earm om de skouders. ‘Mem is o sa kalm hjir wei rekke’, sei muoike yn de koele, hege gong. ‘Neat lijd. De Hear hat wol goed foar har west.’ Ik fielde my djip ûngelokkich. Koe de Hear dan ek net goed op dy wêze en liet er dy dan al lije? Lije, lykas de houn fan Bakker, dy't ûnder de auto kaem, en jammere, oan ien tried wei jammere, oant de polysje him foar de kop skeat. Ik stie der by. Pang, in skot as waerd alles dea sketten yn de strjitte. Dêrnei libben wy wer fierder, mar de houn lei stil.
‘Ik moat noadich’, sei ik tsjin mem. ‘Kom dan mar gau, pop’, sei muoike, aldergeloks ynienen wer mei har aerdige stim fan gewoan útfanhûzjen. Hja naem my mei troch de lange gong nei de glêzen efterdoar. Dêrefter seachst in gysten gewimel fan gleon giel en koel grien en ynienen rounen wy yn dat gewimel fan sinne en soeijende beammen yn it greate tún. Wy moasten in gielstiennen paedtsje del en oan de ein dêrfan wie in doar mei in hertsje deryn. Ik wie bliid, doe't ik allinne op it húske siet. Hjir koe my neat ûnforhoeds barre. ‘Fynst sets it paed werom wol wer, nou?’ rôp muoike. Ik hearde har fuotstappen oer it paedtsje, wylst ik mei de hakken fan de nije, swarte lakskuontsjes tsjin it sket roffele.
Ik woe, dat Getsje en Suske der wiene, myn nichtsjes, Getsje hwat âlder, Suske like âld as ik. Soene wy nou wol touterje meije efter yn it tún ûnder de parrebeammen, nou't beppe dea wie? Touterje en oangean yn it tún efter it hûs, dêr't ien dea wie?
‘Komst, Jikke?’ hearde ik ynienen Getsje har stiet. Ik haw
| |
| |
komselden sa optein west om de forlossing fan greate minsken mei har praet en dwaen, dêr't ik neat fan bigriep. Doe't wy togearre op de touter stiene, Getsje en ik, fortelde Getsje fan beppe. Ik harke mar heal, hwant it brânde my yn de mûle har to freegjen, oft hja ek in wite bûsdoek hie mei in swarte rânne. En soe ik har freegje doare, oft Suske en hja ek swarte knikkerts hiene? Stel, dat Getsje my útlake, útlake en laitsjend it tún yn roun ûnder de hege beammen troch, troch it gewimel fan sinne en skaed oer it fûl griene gersfjild. Sels op it paed tusken de roazen, sels ûnder de varanda, soe ik har laitsjen noch hearre kinne, in skril, wimeljend lûd; swarte knikkerts!
‘Kinst net better touterje?’ frege Getsje. ‘Ik moat hyltyd allinne ôfsette. Joun meist by ús sliepe op de Bouder.’ Ik sette mei ôf en wy fleagen omheech nei de koelgriene tûken en omleech nei it wite plak sân ûnder de touter. De peallen kreaken as wy ôfsetten. It koe gjin kwea. Neat koe kwea salang't wy touteren.
Ik hie beppe wol graech sjen wold, mar net ûnforhoeds. Dy jouns nei iten waerd ik sels nijsgjirrich, mar ik kaem beppe net to sjen. Nimmen bigoun der oer en ik doarst net ien fan de greate minsken to freegjen. Doe't Getsje en Suske en ik nei iten op de stoepe sieten ûnder de varanda, sei Suske: ‘Witst wol hwêr't beppe leit? Dêrre.’ En hja wiisde nei de glêzen doarren fan de túnkeamer. ‘As aenst it ljocht op is, kinne wy beppe miskien wol stikum sjen. De gerdinen geane net hielendal ticht.’ ‘Beppe is sa moai’, sei Getsje. ‘Der hat in frou west en dy hat beppe moai makke’, sei Suske. ‘Wachtsje mar oant it ljocht op komt.’ Ik trille fan nijsgjirrichheit, mar dêr kaem mem yn de moaije glêzen doar fan de gong. ‘En nou jimme op bêd, hear. It is al acht ûre.’
Wy stoepen stil efter mem oan de brede gong yn. Oan de oare ein fan de gong by de foardoar stiene swarte minsken yn de skimer. ‘Sa fredich’, snokte in frou. ‘Kom!’ sei mem healwei de treppen. Getsje en Suske giene omheech, mar ik siet fêst oan de peal fan de trep en koe my net forwege. Dy frou helle in bûsdoek út in swarte tas. In greate wite bûsdoek yn de skimer tusken de swarte minsken. En om dy wite bûsdoek siet dúdlik in swarte rânne. Ik siet fêst oan de peal fan de treppen en ik seach en ik hâldde fan dy frou, dy't wist hoe't it hearde, en ik wie skruten fan dy frou; dy frou wist in soad, dy frou wist dingen, dy't ik net wist, net ienris fiele koe. Ik hie ommers in gewoane bûsdoek mei in plaetsje yn it pypke fan myn broekje. As ik in swarte tas hie en in wite bûsdoek mei
| |
| |
in rourânne, mocht ik mei de greate minsken nei beppe ta. Getsje en Suske hiene beppe ek sjoen, mar fêst net mei al dy swarte minsken. Beppe is moai, moai makke, de Hear hat goed foar har west, en sa fredich.
Us mem skuorde my los fan de peal en treau my foar har út, ien trep op, dwers in brede gong oer en wer in trep op. Op de greate souder stiene twa ledikanten. Suske en ik moasten op it fierste bêd, tsjin de muorre oan. Getsje kaem yn it bêd dêrnjonken. Mem eage my hwat skruten oan, as fielde hja ek myn ûnwennigens fan myn keammerke thús foar my allinne. Mem koe der neat oan dwaen, en sa seach hja my ek oan: Ik kin der neat oan dwaen; hâld dy asjebleaft rêstich.
Nou't ik dy frou sjoen hie yn de gong mei de roubûsdoek, stie it foar my fêst, dat elkenien yn dit hûs sa'n bûsdoek hie. Se soargen der wol foar, dat ik it net seach, omt ik net yn dit hûs hearde. Jikke heart hjir net, tochten se allegearre. Dy is hjir allinne mar, omt hja oars gjin plak hat, mar Jikke heart der net by. Suske en Getsje hearden hjir wol, hja wennen hjir en wiene ynwijden. Mem wenne foarhinne ek yn dit hûs, mem wie ek ynwijd. Ik treau de holle stiif yn it kessen en draeide my op it liif om de pine yn 'e búk saksearjen to litten mei waermte. Ik krige altyd pine yn 'e búk as ik my ûnwennich fielde fan mem, soms samar op strjitte of yn skoalle ûnder it skriuwen. Nou fielde ik my ûnwenniger as ea, nou't ik tichte by mem wie, mar net by har hearde. Hja hearde ommers by alle oaren yn dit hûs, minsken en bern mei roubûsdoeken, en by beppe yn de túnkeamer ‘dy't dea wie.
Ik hearde sêfte stappen op 'e trep. Getsje en Suske riisden heal oerein. Dy sliepten dus ek noch net. Mem kaem teantsjend oer de souder, mar roun gewoan op ús ta, omt hja seach, dat wy noch wekker wiene. Skriklik, dat Getsje en Suske net sliepten, hwant ik koe myn ûnrêst net langer forneare. Ik moast mem freegje nei it geheim fan de bûsdoeken. Mem kaem oan myn kant fan it bêd. ‘Sliepe jimme noch net?’
Ik loek mem nei my ta, har ear tsjin myn mûle, en lústere: ‘Ik moat mem hwat freegje.’ ‘Nou?’ sei mem hwat brûkel. Ik waerd grimitich. Hwat hoegde mem to tinken, dat ik bigjinne soe to sangerjen. Ik hoegde net nei it húske, ik hoegde gjin wetter. Fortrietlik lústere ik yn mem har ear: ‘Getsje en Suske meije it net hearre. Ik moat mem hwat freegje.’ Mem seach skruten nei de beide nichtsjes. ‘Nou, kom dan mar’, sei mem. Hja tilde my op en droech my de trep del nei de brede gong. Mem joech har del op 'e twadde tré. ‘Hwat wie der oan?’
| |
| |
‘Hat mem in wite bûsdoek mei in swarte rânne?’ lústere ik, biskamme, omt ik fan neat wist. Mem seach my forheard oan, earlik forheard. ‘Né’, sei mem. ‘Welné, ju’. En de oare minsken yn dit hûs ek net? Né, net dat mem wist. En it hoedde ek net. Bûsdoeken mei swarte rânnen brûkten guon minsken gewoanwei ek wol, as der ien stoarn wie. Dy minsken mochten sokke bûsdoeken graech lije en soms waerden de rânnen makke fan moaije, swarte kant, mem soe my letter ek sa'n moaijenien keapje. Mem praette lang, mar ik harke net mear. Ik wist, hwat ik witte moast: dat ik der al by hearde, dat ik net útsletten waerd omt ik it geheime teken fan de bûsdoek miste.
Ik waerd der alhiel waerm en noflik fan, de pine yn it liif wie oer en ik fielde my sa oermoedich, dat ik sei: ‘Ik gean sels wol op bêd, hear mem.’ Mem soe my noch in tút jaen, mar ik ûntkaem har. Hastich sprong ik de trep op, draefde oer de souder en dûkte by Suske op bêd.
‘Hwat wie der oan, ju?’ frege Suske. ‘Neat’, sei ik koart. ‘Al! Der wie al hwat’, hâldde Suske oan. ‘Né, hear’, andere ik kattich.
‘Woest beppe sjen, nou?’ rette Getsje.
‘Ja’, sei ik gau, hwant ik woe wolris witte oft Getsje in plan hie. Getsje hie in plan en mei ús trijen wurken wy it út. Ik soe beppe sjen, nachts, as alle greate minsken sliepten. Getsje en Suske soene mei. Unforfeard praette ik mei, ûnforfeard, nou't ik der ek by hearde, by allegearre, by it hûs, by beppe.
Wy lústeren in hiel skoft oer dit en dat en net yn 'e sliep falle, de eagen goed wiid iepen hâlde. Wy lústeren en gnysken oant wy ûnder ús de greate minsken hearden, dy't op bêd soene. En: doe't wy stil wêze moasten fanwegen ús plan, fielde ik my lokkich en frij. En ik lake stil om de swarte knikkerts, dêr't ik nou neat mear fan leaude.
Ik skoude hwat op, hwant Suske wie o sa waerm. Hja lei stil, sliepte hja nou? Hoeden lei ik in hân op Suske. ‘Wy moatte der ôf’, lústere ik mei de mûle tsjin har ear oan.
Mei't wy hoeden út bêd glieden, seagen wy ek Getsje, in wyt forskininkje, oer de swartskimerige souder gean. Stil, sûnder haest, mar op it uterst biret sloech Getsje in foet oer de trepsleuning en glied de earste trep del, stiek de gong oer en naem like stil en gau de twadde trep. Wy rûtsten efter har oan. Earst fordwoun Suske yn de djipte, doe ik. Ik genoat fan de lûdleaze, rappe feart troch it frjemde hûs, troch it ûnbidige swarte rom fan it hûs.
Doe't ik by de túnkeamer kaem, hie Getsje de doar al op. Ik hie nea tocht, dat myn hert sa bounzje koe, wylst ik dochs
| |
| |
hielendal net binaud wie. Troch it fel en de nachtpon hinne fielde ik in great hert, dat lykmjittich stompkes joech tsjin myn hân. Suske skoude forsichtich de doar ticht en Getsje draeide it knopke fan it ljocht om. It wie it earste lûd, dat wy makken, en wy bleaune alle trije kel stean. De stilte sûze om de lampe en sette him sêft gounzjend del yn myn earen.
Rimpene Getsje kaem it earst yn biweging en joech my in dúst, dat ik stie hommels foar in greate brune kiste. Ik hie beppe leau 'k op in bêd forwachte, ik wit it net sa krekt mear, mar grif net yn in kiste. Ik moast forheftich slokke en ik miende, dat ik de hik krige, mar dat wie sa net. Nei in pear kear slokken bidarre it en ek myn hert saksearre. Fansels hie ik wolris heard, dat deade minsken bigroeven wurde yn in kiste, mar ik seach dat nou foar it earst en dizze deade wie ús beppe, alhoewol, hja like op ús beppe, mar hja wie ús beppe net. Ja, ienkear like ús beppe hast krektengelyk as nou, op in snein yn tsjerke, doe't hja myn hân yn harres naem. Ik gluorke nei har gesicht, hja seach wyt en tryst ta. Doe tocht ik: Dat komt omt dominé krekt bidden hat foar de widdouwen en beppe is ek widdou.
Ik fielde in goede tofredenheit yn my opkommen, nou't ik mei myn tinzen by de tsjerke, de dominé en it bidden bidarre wie. Dat hearde sa by in deade. Ik mocht it mar heal lije, dat ik fuort dêrnei tocht: Hea, beppe liket folle lytser, as doe't hja libbe, en hja hat ek folle mear tearkes yn har hannen. Oan sokke dingen tocht de swarte frou mei de bûsdoek grif net doe't hja fan 'e joun by ús deade beppe stie. ‘Sa fredich’, sei hja ommers.
Suske bigoun ûnforduldich fan de iene foet op de oare to stappen. ‘Ik haw kâlde fuotten’, sei hja. Har stappen gyng oer yn hippeljen en ridlik gau dounse hja rap mei de bleate fuotten op it kleed. Doe kearde hja har om en kwânskwiis omsjend nei beppe, hippele hja nei de oare kant fan de keamer en ynienen rôp hja, mar net lûd, mei in soarte fan ynhâlden roppen: ‘Beppe kin my net mear krije.’ ‘Ssst’ ju', warskôge Getsje. Mar Suske rôp wer en hja gychele derby: ‘Beppe kin my lekker net mear krije.’ Ik stie der heal forûntweardige, mar ek wol mei stille wille nei to sjen; heal forûntweardige, omt ik fielde dat dit sa net hearde, mar ek wol mei wille en forlichte, omt Suske in spanning, dy't ús to mânsk waerd út 'e wei holp mei har roppen en gycheljen. ‘Ssst’, sei Getsje nochris, mar Suske wie net to hâlden. Hja dounse yn har nachtpontsje troch de keamer, en ik wist net mear mei hwa't ik it hâlde moast, leafst mei Suske, mar ik doarst net om Getsje.
| |
| |
Op dat stuit waerd de keamersdoar op dien en stie omke, de heit fan Suske en Getsje, op 'e drompel. Hy moat like forheard west hawwe ús dêr to finen, as wy wiene, alteast ik, om him yn in blau streekje pyama to sjen. Ik hearde tominsten, dat de stilte noch altiten yn myn earen siet. Ik bigoun in hekel oan dat gounzjen to krijen, en dus wie ik bliid, dat omke fierder de keamer yn kaem. Hy wie wol komyk yn pyama, hiel hwat minder driigjend as de manhafte forskining, dy't oerdei nei elk miel my djip ûnder de yndruk brocht mei de sahwat heal sjongende basstim, dêr't er mei út de Bibel foarlies. Us mem gnyske der wolris om, wist ik. Ik achte it dêrom neat frjemd, dat er nou yn pyama mei in hiel normale stim hiel gewoan sei: ‘Wolle jimme wolris meitsje, dat jimme op bêd komme, flarden.’ Eins wie dat it, hwer't wy op wachte hiene. Wy woene wol graech út dizze keamer wei en op bêd, der moast allinne ien komme, dy't ús dat sei, dy't ús forloste fan de úndernimming, dy't wy oangien wiene, mar dêr't it hichtepunt allang fan foarby wie. Wy skouden hastich ta de keamer út en flechten efterelkoar de beide treppens op. Underweis hearde ik omke it ljocht útdraeijen en de keamersdoar tichtdwaen.
Op bêd miende ik, dat ik noch hwat tsjin Suske sizze moast, in soarte fan kommintaer op dizze reis, dy't Getsje en Suske apart foar my opset hiene, in soarte fan biwiis, dat ik dizze reis op priis steld hie. ‘Ik foun beppe ek moai’, lústere ik tsjin Suske, mar myn muoite wie forgees. Ik krige gjin azem. In lome waermte bigoun yn myn earms en skonken en krong my troch de hiele lea, de eagen foelen my ticht, mar ik skuorde se ek fuort wer iepen, mei't ik bitocht, dat dit nou libben wie, waerm wurde en kâld wurde, jin noflik fiele en jin net noflik fiele; ast nèt mear fielst bist dea. Dat is it: beppe fielt neat mear, hja is net waerm en net kâld, hja fielt har net noflik en net net noflik. Dêrom kinst krektlikegoed yn in kiste lizze, as yn in bêd. Mar ús mem sei, dat beppe nei Heare Jezus ta gyng, en muoike sei, dat de Hear goed foar beppe west hie. Fan de dea bigriep ik minder as ea. Ik koe mei gjin mooglikheid mear sliepe, hwant myn tinzen mealden om yn dingen, dêr't ik gjin bigjin noch ein oan fine koe.
Ik hearde op de dyk it brommen fan in motor. Gau liet ik my fan 't bêd glide om to sjen. Ik stie foar it opskoude rút en djip ûnder my ried in motor foarby mei twa minsken, in man en in frou. De frou hie de earms om de man hinne en siet stiif tsjin him oan. Foar harren út fleach it ljocht troch de strjitte, mei har op reizge it lûde brommen. Ik seach har nei, de lange strjitte del, en dêr hwer't it doarp ophâldde rieden hja in bocht
| |
| |
om, de motor knettere fûl en hja fordwounen yn de geweldige, tsjustere romte. Ik hearde de motor noch lang en op 't lêst wist ik net, oft ik it lûd noch al of net mear hearde. Under it rút troch fierde de wyn roken oan; beammen, hea, benzine, kuil, blommen, benzine, gers, wetter. It wie de earste kear fan myn libben, dat ik myn hier fielde as útbundich waechsend gers en myn hannen as twa dertene dierkes, ré om meielkoar to boartsjen, spultsjes, dy't ik bitinke soe letter, hyltyd wer nije, spannende spultsjes. Formoedens fan it gearhingjen fan groun, wetter, beammen, bisten, en twa minsken deun tsjin elkoar oan jeijend op in motor, sûnder eangst jeijend efter in ljocht oan yn de swarte romte, waeiden as damp om my hinne. Oeral hearde ik by. Folslein fredich fielde ik my en doe't ik op bêd kroep, forwûndere it my, dat ik kâld wie.
|
|