| |
| |
| |
Lolle Nauta:
Op syk nei it lyrysk subjekt
Nei oanlieding fan op fjouwer winen, in kar út fersen fan jonge dichters mei wurk fan fryske grafici. Gearstald fan a.r. oostra, tjitte piebenga, durk van der ploeg en meinte walta.
Utjowerij a.j. osinga n.v. - boalsert - 1961.
In hoartsje forlyn hawwe durk van der ploeg, steven de jong en tjitte piebenga yn de tsjerne skreaun oer de problematyk fan de eksperimintéle poëzij. Dat waerd tiid en men kin der allinne mar bliid om wêze, dat der wer dichters binne, dy't har ôffreegje, hwat poëzij is en hwat hja hjoeddedei yn fryslân wêze moat. Einliks en to'n lêsten waerd de konstante stream fan fryske tydskrift-produkten, dy't fakentiids mar frijhwat automatysk fan de bân rûgelje, ûnderbrutsen troch in gedachte, in eigen idé, ja sels eat, dêr't men fan tocht, jonge noch ta, dit liket op in programma.
Dêrmei wol ik net úthâlde, dat alles, hwat dit trijetal biwearde, ek dúdlik wie en klear. Durk van der ploeg b.g. soe der net forkeard oan dwaen en foegje oan syn earnstich proaza in listke mei forklearjende wurden ta. Myn wurdboeken tominsten jowe noch al ris net thús, as ik se rieplachtsje ta better bigryp fan van der ploeg. En hwat de winkel fan sinkel oanbilanget, dêr't steven de jong syn antropologyske symboalen en filosofyske bigripen hellet, dêr mei wolris goed húshimmele en oprêdden wurde, hwant dêr lizze de nuverste geastlike artikels trochinoar hinne. Lykwols wie yn dy diskusje net alles abracadabra. Tjitte piebenga hat nei myn idé in hâldbere diagnose jown fan de situaesje fan de fryske poëzij en binammen fan de needsituaesje fan it bledtsje quatrebras, dat al jierren tangele sit mei de wanforhâlding fan poëzij en program. En in durk van der ploeg, mei al syn leafde foar tsjustere útspraken, ûntbrekt it net oan idéen oangeande de takomst fan in poëzij foar it fryske folk. As dizze jongerein der net wie, dan soe it swijen fan de âlderein yn dit stik - ik tink b.g. oan schurer, dy't in pear jier forlyn noch in miening hie oer de hjoeddeiske dichtkunst - pynlik wêze, wylst it jin nou suver net iens opfalt. De jongste generaesje hat it poëtysk foar 't sizzen yn fryslân. Dêr foroaret gjin Gysbert Japikspriis hwat oan.
Spitich foun ik it, dat it yn dy diskusje binammen gong om bigjinsels en prinsipes ynsté fan oer de yndividuéle dichters, dy't by eintsjebislut de dragers fan dy idéen en de subjekten
| |
| |
fan de biskate poëtyske biweging binne. It ynteressearret my net it meast, hoe't it stiet mei dè eksperimintéle poëzij yn fryslân. As poëzij-lêzer giet it my alderearst oan, hwat tjitte piebenga en durk van der ploeg as de yndiviuën, dy't hja binammen yn ‘de rol’ fan dichter binne en wêze moatte, to sizzen hawwe. As it earne net om kollektiviteiten giet, dan yn de literatuer. As earne it yndividu prévalearje moat boppe de groep, dêr't er de merktekens fan draecht en dêr't er him mei identifisearret, omdat dy groep him it earste middel oan de hân die om syn fielen in namme to jaen, - dan yn 'e kunst. Ik wit wol, de debaters yn kwestje is dit net alhiel ûntkommen. Hja relativearje it wurd eksperiminteel, sjogge it gefaer fan it arrivisme, dizze bistjurring, dy't binammen de artistike groep bidriget; hja wize derop, dat yn de anonimiteit fan de quatrebras-massa allinne jelle de jong der útkipt ensfh. Mar it feit bliuwt bistean, dat har subjektiviteit himsels forskûlet efter de sabeare objektiviteit fan in algemien poëtysk bilang. Of om it oars to sizzen: it yndividu liket suver to forsûpen yn ‘de ruimte van het volledig leven’, wurden fan lucebert, dy't sa faek siteard wurde, dat se foar my sa njonkelytsen earder de bihéíndens symbolisearje fan de romte, dêr't de eksperimintéle poëten har yn biwege.
Sûnder mis hâldt dizze klam op it algemiene ynpleats fan op it subjektive, forbân mei de literaire situaesje yn fryslân, dêr't de jonge dichters, ek as hja har ynspiraesje lokkigernôch net ûntliene wolle oan forset tsjin de tradysje allinne, twongen binne ta program en manifest. As oankommende dichters en literaten sûnder de sanksje fan in officium, binne hja partij. En hja binne dat nammerstomear yn in lân, dêr't de taeltradysje, sa't tjitte piebenga fêststelt, him forset tsjin it eksperimint. Sa ûntstiet der in hwat tsjinstridige situaesje. Nettsjinsteande it feit, dat de eksperimintéle biweging al lang arrivé is, moat dyselde sabeare biweging noch arrivearje. De jonge fryske dichters moatte biwize, dat hja der binne, ek al wiene hja der al lang en is der suver nimmen oars as sij.
De bûtengewoan goed útjowne bondel op fjouwer winen, in kar út fersen fan jonge dichters mei wurk fan fryske grafisi, is in manifest. En it is dat mei rjucht en reden, omdat dit boekwurkje, dêr't de typograef yn tsjinstelling ta in hiel soad oare fryske dichtbondels oandacht oan bistege hat, anno 1961 de earste blomlêzing is fan moderne, d.i. ‘zeitgemâsse’ poëzij yn fryslân. Oft men dy poëzij as eksperiminteel bititelje wol, is foar in part in suver praktyske kwestje, dy't lykwols gearhinget mei de prinsipiéle fraech nei de forhâlding fan tradysje en
| |
| |
eksperimint, in haedstik dat noch altyd ûntbrekt yn de boeken fan de théoretisi fan de eksperimintélen.
It is nammers dúdlik, dat dit wurk nij is, as men it forgeliket mei hwat der yn fryslân oan foarôfgiet. Dêr hoecht men net in soad wurden oer smoarch to meitsjen. De gearstallers - tjitte piebenga, durk van der ploeg, meinte walta en a.r. oostra - hawwe ienfâldich it gelyk oan har kant, as hja yn har lytse forantwurding mei licht pathétyske ûndertoan skriuwe: ‘fyftich, der waeit in oare wyn, sûnt der yn fryslân in jonge generaesje fan dichters oan it wurd is, dy't oan de poëzij in nije ynhâld jaen wol’. Oft it ek wier is, sa't hja fierder skriuwe, dat ‘de fryske poëzij op 'e grins fan sechstich’... ‘in nije tiid tomjitte giet’? My hat dat út dizze bondel, dêr't mear yn rispe as yn siedde wurdt, net bliken dien. It is lykwols yn 'e godstsjinstskiednis in bikend feit, net allinne dat profeten réalisten binne, mar ek oarsom. Om it folk yn biweging to krijen en in biskate krisis yn réaliteit om to setten, moatte der wolris útspraken oer de takomst dien wurde, dy't men foaral net as foarsizzingen opfetsje mei.
Ofsjoen fan algemiene forméle merktekens, dy't sa njonkelytsen eltsenien bikend binne - frijer fersfoarm, wurdmagy, ryklik gebrûk fan de assosiaesje, polyvalinsje fan it byld ensfh. -, falt it jin op, dat der alhiel gjin kontinuïteit is tusken it wurk fan de tsien dichters, dy't yn dizze bondel publisearje en dat fan har âldere fryske kollega's. Gjin ynfloed fan postma, schurer, tamminga, wadman of dam, ja sels net fan dichters as spanninga en wybenga, dy't qua libbensgefoel en styl dizze generaesje dochs neijer bistean moat as de oaren. De ynspiraesje-oarde fan de dichters fan op fjouwer winen leit oan de oare kant de ôfslútdyk. Ut dy hoeke waeit de wyn.
Gjin kontinuïteit dus en dat wylst yn de hollânske literatuer sels de kontinuïteit tusken eksperimint en tradysje greater wie. Biwust of ûnbiwust koe men dêrre yn fyftich bihalven op it bûtenlân weromgripe op van ostayen en de jonge marsman, op lodeizen, gorter en de eksperimintator mei de tael nijhoff. Boppedat wiene dêr oergongsfigueren as van der graft en ek achterberg, wol gjin eksperimintéle dichters pur sang, mar dochs mannen, dy't men allinne mei in soad eksperimintéle stopferve yn 'e eagen foar tradisioneel forslite koe. In situaesje, dy't it op himsels wer net forhinderje koe, dat yn hollân ek it forset tsjin de tradysje yn in literatuer, dy't net allinne út van ostayens en achterbergen bistie, yn de earste revolusionaire jierren fûleindiger en om sa to sizzen kompleter wie as yn fryslân. Ek al wiene de hollânske eksperimintélen d e facto
| |
| |
de fuortsetters fan in biskate tradysje, de iure easken hja foar harsels it rjucht op fan de revolusionair, dy't sûnder de ylhúzje fan in nije aera gjin groun ûnder de unrústige fuotten hat. De filosoof hegel praet yn sokke gefallen fan ‘die List der Vernunft’, de geast, dy't himsels forrifelje moat, wol er himsels forwurklikje.
De posysje fan de eksperimintéle dichter yn fryslân is sa komplisearre genôch. It is wer piebenga, dy't fêststelt, dat it nasionael elemint it eksperimint yn fryslân yn 'e wei sit. Kontinuïteit tusken de eksperimintéle dichter en syn foargonger yn fryslân jawol, mar op it forkearde front. Hoe modern en radikael as er ek is, de fryske dichter sil altyd oanklaud sitte mei it gefoel, dat er it kollektivum ‘fryske literatuer’ mei yn stân hâlde en biadministrearje moat. It is net tafallich, dat yn it eksperimintéle tydskrift quatrebras somtiden ek fan dy nuvere nasionalistyske stikjes stiene, sadat men net wist, haw ik nou in frysk studintebledtsje of in eksperiminteel tydskrift yn 'e hannen. Yn dit opsicht is de moderne skriuwer yn fryslân principieel in frustrearre figuer. Like frustrearre as in dokter, dy't oer de modernste operaesjemethoaden biskikt, mar sa'n swakke, strieminne pasjint hat, dat er oars net as bloedtransfúzje tapasse kin.
Eltse groep hat syn bisinksel, syn leden, dy't der by hearre, omdat hja de skyn fan it algemiene bilang mei ophâlde kinne, ek al kin men har dêr subjektyf net op oansprekke. Dat jildt ek fan it ploechje, dat yn op fjouwer winen himsels ûnder oanfiering fan piebenga en van der ploeg manifestearret. De nammen fan dotinga en ella wassenaer hiene, hwat my oangiet, yn dizze blomlêzing ûntbrekke kinnen, wylst ik ienfâldich net bigryp, hwerom't hja trije fersen fan h. andela eksposearre hawwe. Hawwe se ballade en twisprek opnommen, omdat hja yn it ôfroune decennium it tsjerne-ljocht seagen? Dan hiene de gearstallers better hwat parlante fersen fan postma byinoar swylje kinnen - soks hie ironysk west yn dûbele sin -, om fan spanninga mar to swijen. Andela bihearsket biskate technysktradisionéle foarmen, mar oan syn gebrûk derfan is to merkbiten, dat er dy foarmen net op himsels forovere hat. Datselde jildt fan syn gedicht as ik oan fryslân tink, hwat eksperimintéler is as de beide oare, d.w.s. hwat minder lêstekens en in hwat frijer fersfoarm, mar fierder like konvinsioneel as de oare gefoelens, dêr't andela, sa't bliken docht oan syn produkten, it ynderlik mei stoffearret. As skreaun wurdt: ‘it fryske folk is in ding dat oerwoun wurde moat’, is dat in wierheit, dy't foarlopich allinne op de fryske dichter andela fan tapassing is, dy't
| |
| |
mar ris by y.r. boarnstra neilêze moat, hoe't men oer de ûndergong fan fryslân skriuwe kin, sûnder der sels frij fan to bliuwen. Ella wassenaer, fan hwa't twa fersen opnommen binne, jit nei myn idé har persoanlike problemen, dy't sûnder mis oanwêzich binne, to maklik yn de eksperimintéle fersfoarm, dy't dêrtroch to glêd wurdt. Ik leau wol, dat it wier is, hwat hja skriuwt, mar it rekket my net. Fan jan dotinga is der in fers tragykomeedzje, dat my tinke lit oan fleane op ierde fan jelle de jong en dêr't de dichter tragikomysker yn is as de ‘hja’ en de ‘dreesmantsjes’, dy't er biskriuwt. Dan in fers advint, dat my de mythyske tic fan van der ploeg tobinnenbringt - faeks noch mei in flutske van der graft der trochhinne - en as trêdde gedicht stêd yn fryslân, dat yn tsjinstelling ta de beide oare prebearsels yn dizze bondel net misstiet. Better hiene hja in pear fersen méár opnimme kinnen fan liuwe dykstra, dy't nou as iennige fan de tsien mei mar ien fers fortsjintwurdige is, it gedicht tsjuster rondo, dat my leaver is as alles fan andela en wassenaer byinoar. Mar it is mûglik, dat de gearstallers net genôch seleksjemateriael ta har foldwaen hiene fan dizze dichter, dy't my fierder, bihalven troch in pear fersen fan itselde nivo en deselde earlikheit út de tsjerne jg. '57 ûnbikend is.
As men de poëzij fan durk van der ploeg en tjitte piebenga lêst, dan is it dúdlik, dat dizze beide dichters, dy't mei jelle de jong de big three fan de dichtsjende jongerein útmeitsje, bisykje út to kommen boppe it eksperimint, sa't dat yn 'e rin fan it ôfroune decennium yn nederlân tradysje wurden is. Yn dizze sin hawwe hja it oer harsels, as hja yn it neiwurd fortelle dat de fryske poëzij in nije tiid tomjitte giet op 'e grins fan sechstich. Piebenga en van der ploeg bisykje beide de brede wei fan it eksperimint òm it eksperimint to forlitten, al geane hja dêrby yn in diametrael forskillende rjuchting. Van der ploeg dolt yn it lân om; hy bisiket it fers mei de fuotten op 'e fryske ierde to krijen. Piebenga siket minder syn heil yn bûtenpoëtyske réaliteiten; sjoch ik it goed, dan docht hy war it fers mear diminsjes tagelyk to jaen. Yn in komprimearre styl - noch al in forskil mei it plastysk, mar soms ek bombastysk wurdgebrûk fan van der ploeg - siket er in poëtysk maksimum to birikken troch forskillende kanten fan de gefoelssituaesje yn kwestje sûnder kommentaer ûnderinoar to setten. Fersen as nei fannacht en de narsis bloeit binne in foarbyld fan dit ‘kubistysk’ procédé, wylst syn tredde gedicht hjerstich hûs naïver is, mear direkt oansprekkend en minder komplisearre. Ek fan van der ploeg treft men twa fersen oan (magyske frou en oh bloei fan forline), dy't net sa licht tagonklik binne, al sil de
| |
| |
dichter sels faeks miene, dat er mei sok wurk in brêge bout nei de mienskip, dy't er tsjinje wol. Van der ploeg bisiket in mythyske réaliteit op to roppen en mei de angel fan it mythyske of magyske fers - what is in a name - ek in stik fryslân op to fiskjen, dat forsonken leit yn it wetter fan it forline. Hy docht dat mei wurden en bylden, dy't somtiden in virtuose, mar faker in kunstmjittige yndruk meitsje. Van der ploeg is faeks biynfloede troch guillaume van der graft; fgl. it fers fan it oanbigjin yn dizze bondel. As in goeije fries hat er lykwols allinne mei van der graft syn mythomany kontakt makke. Hy mist de boartlike irony, dy't de hollânske dichter-dûmny ek eigen is, salang't van der graft tominsten net tofolle lêst hat fan it kristlik kompleks, dat alles earst yn it doopwetter fan de memmeskerte ûnderdompelje moat, foardat it poëtysk hillige wurde kin. De gedichten, sa't van der ploeg dy skriuwt - en dat jildt ek foar in part fan van der graft syn fersen - binne de esoteryske kant neist. Men moat ynwijd wêze yn it mystearje, wol men der diel oan hawwe. Hwa't net ta it ploechje útforkarden heart, stiet der nêst, al kin er him esthétysk narkotisearje litte troch de fascinearjende bûtenkant, dy't him allinne iepenbier wurdt. Dêr komt by, dat it yn dizze fersen van der ploeg net slagge is en forbyn de magyske réaliteiten, dy't er sa poëtysk biskriuwt, mei in persoanlike problematyk, dy't my oan him bine kin. Syn poëzij is yn dizze sin in lyryk sunder subjekt.
Datselde jildt yn lêste ynstânsje ek fan de fersen nei fannacht en de narsis bloeit fan tjitte piebenga, al is it om in oare reden wier. Tjitte piebenga bisiket net himsels mei de help fan it kollektive symboal to eliminearjen. Syn subjektiviteit lost himsels op yn in stikmannich poëtysk biskreaune ûnderfiningen, dy't nêst inoar set wurde as in mozayk sunder patroan. Fersen as dizze bigryp ik ienfâldich net en forliede my der ek net ta fan dizze subjektive need in artistike deugd to meitsjen. De piebenga fan de Eersen foar marida, boartlik en sjongsum en ek sa't er dichtet yn it skaed fan achterberg, is my leaver as de konstrukteur fan dizze krúswurdriedsels. It kin bêst wêze, dat van der ploeg syn dollen en it timmerwurk fan piebenga yn 'e takomst mear opsmite sille. Ik sil de lêste wêze en ûntstriid dat. Ik hâld allinne út, dat op dit momint by beide de dichter net genôch trochkringt yn it fers, dat er makket, sadat der in soarte fan ‘neutrael’ eksperimint ëntstiet. Nijsgjirrich en faeks ek ‘post-eksperiminteel’, mar sûnder dy ienheit fan it lyryske en it subjektive, dy't meitsje kin, dat in gedicht ûnmisber wurdt, omdat men it net mear fuorttinke kin út de wrâld, dêr't men yn rounstroffelet.
(wurdt fuortset)
|
|