De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 302] [p. 302] Tiny Mulder: Bern yn muzyk byldstil moat ik sitte it oargel blaest muzyk út de stive pipen fan myn earms en skonken de trompet sjoelt skiven grillich leven myn rêch del net heller né trompet hy draeit straffe papiljotten yn myn hier o heger feller skuort er my tsjin it dak en swijt forriederlik op myn klapperjende tosken tynkelet bigreatsjend de piano de fioelen streakje stil mar oer myn einefel mar as alle stimmen alle ynstruminten yn ien delfal libben my bigrave moat ik mei al myn luchtwoartels woast waeije yn de geijende stoarm moat ik beam wurde fisk wurde alle tentakels fûleinich biwege en yn 'e flecht klanken swolgje as in reus of ik stik pas op it dak o heit de muorren sst lústeret heit moai stil sitte bern it duorret nou net lang mear ûnforhoeds slacht de stilte my om de earen Wersjen bliid datst der biste seistou en hast in goede reis hawn dou hiest foar de wyn en it waer is goed [pagina 303] [p. 303] lea soel switten de dellingen en ik waerd nimmen yn nimmenslân kâld wonken kromrêgige bergen kom en wy sille dy in wollen dampflues op 'e mûle parsje op miuwewjokken ûntkaem ik pylke troch sinnebajonetten en striek del yn dyn hân streake tsjin dyn skouder hwa bistou? seiste ik moast fan baren ôf oan bigjinne it wetter smakke brak mar de porren op 'e karre geuren nei dy de sinne rekke ûnder in auto it hat gjin doel tocht ik en sliepte forleagene ûntstried forgeat leafde dy waerd wekker en woe net wekker wurde woe sliepe woe forleagenje ûntstride forjitte woe wekker wurde hearre ta de leavjenden en ja roppe doe lieten se in gloednije sinne op de beammen bylâns de wei hiene it drok oer dy en ik hearde myn namme neamen mar ik kin it dy net sizze de wurden forpulverje tsjin it forwulft ik kin it risiko net rinne datstou lakest Vorige Volgende