‘kuoltsje’ en it ‘sintsje’ binne hjir íepenbíerrings fan ín níj natûrgewelt wurden: de simmer stjûrt syn ‘franke oerdwealske twjirren’ en de loften slagge de trommen, wylst de sinne de glânz'ste pylken fan syn libjend, libjend ljocht' yn it beamte smyt. En troch dizze ûnfryske oerdiedigens krûpt dan de dimmene winsk dat er oan it forwachte fanke ‘graech hwat leafs hwat sêfts en wyts’ jaen woe, as hie Herman Gorter it him persoanlik ynstutsen.
Neffens wenst fan it ympressionisme spilet it adjektyf, it eigenskipswurd, in greate rol yn syn wurk, en hjir leit it gefaer fan de retoryk deun oan 'e doar; it gefaer fan selsherhelling, it ta klysjé wurden fan hwat de earste kear in fynst wie. Jelle Brouwer hat ris fan Rinke Tolman skreaun, dat er oer in lyts dichterlik founs biskikte, dat er op ‘kaleidoskopyske’ wize brûkte. Hwat dat lytse founs oangiet, ik moat tajaen dat it forskaet fan wurden en de fariaesje fan bylden yn syn oeuvre net great is. Syn talint is sûnder mis persoanlik, mar men soe it jerne hwat breder en djipper sjen wolle. It binne al to faek wer de bylden fan ljocht en skaed, fan dei en nacht, fan sinne en rein, koartom de seisoenen en de natûrforskynsels dy't syn scala bigrinzgje. Sa binne it ek syn stimmingen blidens, langstme, fortriet, yn wakker algemiene sin dy't om utering twinge, sûnder de ûnneigeanberens, mar ek sûnder de psychologyske fordjippingen dy't de moderne dichter ûntdutsen hat. Mei in parafrase fan syn gedichten yn 'e sin fan it werjaen fan de meidielende ynhâld kin men dan ek koart om 'e hoeke.
En dat nimt allegearre net wei, dat Tolman yn syn jierren in bilangryk dichter wie troch de wize dêr't er syn frysk op brûkte. It wie idiomatysk net sterk en it makke Jan Jelles Hof mei rjocht wrantelich, mar it krige yn syn hannen in nije glâns. Hy hie foar himsels de tael ûntdutsen as materiael foar ympressionistysk effekt, as ferve, dêr't men kleur mei op it doek lizze koe. Ja, hoe komt it oars, dat my safolle fan knappe folksdichters forgetten is en ik rigels fan him nea kwyt wurde kinnen haw?
Tusken al de lytse mûlharmoanika's dy't net ûnfortsjinstlik it frysk folksliet spilen, wie dêr syn lûd as in frjemde cello, dy't wolris briek yn 'e melodij en it yn it orkest sitte liet, mar dy't ûnmiskenber in eigen toan fuortbrocht. Sa'n klyster yn 'e rein, dy't iderkear wer itselde motyf herhellet, mar tusken de oare fûgels opfalt.
O, yn myn earen dounset jit dyn lûd
oft yn 'e wrâld it lok nea einje kin -