fornijing. Inkelde eigenskippen fan dizze moderne typografy binne titelpagina's oer twa blêdspegels, it pleatsen fan fertikale rigels, neffens in Amerikaensk systeem en in folsleine frijheit yn foarmjowing fan titelpagina's en blêdspegel. It wie binammen de Reiddomp-rige, dy't ynearsten útkaem by útjowerij De Torenlaan to Assen, mar letter oergyng nei it founs fan Laverman to Drachten. Dizze printerij hat tige fortsjinstlik wurk dien mei dizze rige, hweryn njonken poëzijbondels, ek proazawurkjes fan in lytser omfang útkamen.
De moade fan únderkastletters, dy't om 1920 ûntstie as in foarm fan kubisme, mar ek binammen troch it literaire eksperimint fan Paul van Ostayen, Theo van Doesburg en Anthony Kok, wurdt nei 1945 wer populair en troch in stikmannich dichters yntrodusearre, hwermei hja net allinne in demokratisearring fan it wurd, mar ek fan de letter foarstiene. Dit is ien fan de sterkste typografyske uteringen wurden fan de eksperimintéle poëzij, hwerby ek de ynterpunksje as helpmiddel fan de tael net mear nedich echte waerd. It brûken fan allinne ûnderkastletters yn de moderne dichtbondel-typografy is dêrom in literaire foarmjowing, dy't de typografy twongen, mar har ek biynfloede en nije mooglikheden jown hat.
In opfallend forskynsel is lykwols, dat salang de dichter kapitalen brûkt, de typografy har frijwol alhiel oanpast by de klassike foarmjowing. Bondels lykas Amoeben fan Jan Wybenga, Untwyk fan Klaes Dykstra, Jolm fan G.N. Visser hawwe allegear in symmetryske titelpagina. Der is oan dit wurk lykwols alle soarch bistege. Mei alle lek en brek, dy't binammen to witen is oan de minne papiersoart dy't foar somlike útjeften brûkt waerd. De bondels fan eksperimintéle dichters, krije ynienen in oare typografy, dy't him oanpast oan de revolusionaire ûntwikkeling fan de poëzij. Al is it net altyd slagge, it lit in libbene typografy sjen, dy't al salang âlde paden bitrape hat, en hommels alle tradysje oan kant smyt.
In tige aparte útjefte is de bondel Fersen foar Marida fan Tjitte Piebenga (Laverman, 1958). De fersen steane hjir op it tsjinoerstelde plak. Der ûntsteane lykwols steurende romten boppe oan de pagina's, dy't binammen by it trochskinen fan it papier des to skerper opfalle. Dit boekje hat ien fan de knapste titelpagina's, dy't troch ienfâld markant komponearret. In opfallende forskining is ek wurden de bondel Op Fjouwer Winen, (Osinga, 1961), sammelbondel fan moderne poëzij mei grafysk wurk fan ûnderskate kunstners. De typografy is fan Meinte Walta. De titels fan de fersen binne fertikael pleatst en steane dêrmei los fan it fers en jowe de pagina's in hwat kubistysk