Op it harspit:
Hwat bitsjut ‘hier te lande’?
Fan in abonné út Hollân krige de redaksje it folgjende sitaet, út knipt út de Nieuwe Rotterdamse Courant fan 18 sept. 1961, tastjûrd.
‘De Nederlandse Comedie heeft zaterdagavond in de Stadsschouwburg de première gegeven fan Frank V, opera van een bank, van de Zwitserse schrijver Friedrich Dürrenmatt, van wie men hier te lande reeds Het bezoek van de oude dame heeft leren kennen.’
Jawisse hawwe wy hjir yn Nederlân en yn it Nederlânsk kennis makke mei dy âlde dame fan Dürrenmatt. Mar dat yn datselde Nederlân fan dizze Switser yn 1960 en 1961 twa greate stikken yn Fryske oersetting spile binne, liket diskear by de NRC, oars altyd moai goed oriëntearre ek hwat de ‘bûtenprovinsjes’ oangiet, net opkommen to wêzen. Men soe hjir hast de fraech oan forbine: binne Opsterlân en Beetstersweach foar de NRC-lju faeks folslein útlânske toponimen? Bigripen dy't nou ienkear net falle kinne ûnder de bigrinzing ‘hier te lande’?
D.A.T.