Toanielkronyk:
‘Wat eenvoud in oprechte ijver biedt...
‘Nooit is iets verkeerd of ongepast wat eenvoud in oprechte ijver biedt’ stiet earne yn in Nederlânske oersetting fan ien fan Shakespeare syn stikken. En omdat yn Diever Shakespeare syn vuurden evangeelje binne, biroppe hja har op dizze - wol hwat út syn forbân helle - útspraek as ien it weaget en siz, dat hja soms dochs wolris hwat heger gripe as har talinten winliken talitte. ‘Sa lang as wy Shakespeare net formoardzje, is it forantwurde dat wy syn stikken spylje’, sizze hja ek gauris yn Diever.
Soks is fansels net in artistyk forantwurde opfetting. Der binne genôch foarbylden fan toanielploegen, dy't to min kapasiteiten hawwe om wurk fan in biskate toanielskriuwer goed to bringen sûnder dat dêr fuort fan sein wurde hoecht dat dat wurk formoarde wurdt. In opfiering dy't yn kwaliteit fier efter bliuwt by de kwaliteit fan it stik is nea forantwurde en om konkreet to wêzen: it jin biroppen op in wurd fan Shakespeare lykas yn Diever it gefal is, kin der net op troch.
As wy neigean sille hwat it iepenlofttoaniel op De Sweach dizze kear oplevere hat dan is it net forkeard en meitsje dêrby in forgeliking mei Diever. Diever hat al in lange iepenlofttoaniel-tradysje; faeks hat it wol in foarbyld west foar Fryske plakken, dy't letter ek iepenlofttheaters houden. It leit ek net fier oer de grins en wennet yn dit Drintske doarp ek net de Fryske skriuwer Abe Brouwer, dy't yn in toanielkronyk wol efkes in lokwinsk mei syn sechtichste jierdei fortsjinnet?
Dizze selde Abe Brouwer hat fan 't simmer de haedrol spile yn Leer om leer fan William Shakespeare. Hy wie de minste net; tsjinoer de goede spilers, dy't Diever de lêste jierren forlern hat, is syn komst yn dit formidden wol in lytse kompinsaesje. Der binne nòch in stikmannich goede krêften; de hear Andreae bygelyks biwunderje wy alle jierren op 'en nij yn de knappe rollen, dy't hy fortolket. Der soene noch wol in pear nammen to neamen wêze, mar as wy it spilersmateriael, dêr't Diever op dit stuit oer biskikt, forgelykje mei hwat in stik as Leer om leer, dat dêr fan 't jier spile is, freget, dan kinne wy der net foar wei en set in fraechteken by de aspiraesjes, dy't Diever hat. Mei ‘eenvoud in oprechte ijver’ is gâns to birikken, mar n e t dat in amateur-toanielselskip, dat in net al to greate kar fan spilers hat en boppedat de lêste jierren frijhwat goed spilersmateriael forlieze moast, fan in stik, dat it biropstoaniel gauris lizze liet, omdat it net rjocht wist hoe't it der mei oan moast, in draechlike optiering jowt.
En - nou komme wy op Fryslân - hoe is de situaesje nou op De Sweach? De forgeliking mei Diever giet op in stikmannich punten wol op. De Sweach hat ek in tradysje, nammentlik dat it perfoarst in stik út it ynternasionale toanielrepertoire kieze wol. In oareoerienkomst is, dat ek De Sweach it dwaen moat mei in ploech amateurs, dêr't mar in part fan wier toanielbloed yn de ieren hat. En ek op De Sweach misten wy fan 't jier in pear krêften, dy't oare jierren gâns út de wei setten.
It kiezen fan in wichtich en net maklik to spyljen stik is - wy hawwe it hjir al ris earder skreaun - op himsels gjin prestaesje; it wurdt pas in prestaesje as bliken docht, dat de toanielploech sa'n