Meidieling
Op sneon 30 desimber o.s. sil der yn Hotel De Klanderij to Ljouwert útgeande fan De Tsjerne in literaire middei hâlden wurde mei as sintrael ûnderwerp
‘Stân en perspektiven fan it hjoeddeisk Frysk forheljend proaza’.
Earst hâlde Sjoerd Leiker en Jo Smit elk in koarte ynlieding oer dit thema. Dérnei sille de beide sprekkers yn 'e mande mei Gerben Brouwer, Laurens ten Cate en Tiny Mulder ûnder foarsitterskip fan Fedde Schurer in forum foarmje, dat fragen út de gearkomste wei oer boppesteand ûnderwerp biantwurdet.
Der kinne troch de abonné's foarôf ek fragen by de redaksje ynstjûrd wurde, dér't dan in kar út dien wurde sil.
De middei bigjint om twa ûre. Lêzers fan De Tsjerne hawwe mei evt. yntroducé's foar f 1, - tagong.
REDAKSJE EN UTJOWERIJ