De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 317] [p. 317] [Nummer 11] Sjoerd Spanninga: De alde machten De âlde machten ha mar wer in greate bek en mannichien dy bevet foar de takomst fan it skaei dat nou noch widzet yn 'e wein en ek it eigen libbenslot wit men bidrige troch de eleminten it eksplosive fan in laden tiid al kin dit faeks gjin kwea it leave sels hwant foar de hege skeppingswil dy't alles draecht en driuwt nei djipste doelen falt ús de minsklikheit in skurve fodde fan 'e lea en klaeit ús inkeld noch hwat drek it skeamele gewisse... Amerijen Nou draecht de nacht de lampe wer en ljochtet lâns it finster oer de slangenêsten en de njirretongen mar earne glinstert stil it wetter fan in reidpoel en syn eagen flaeije de moarntiid sil de blommen dy't noch sliepe sierlik iepen bloeije en fûgels sjongend út 'e hannen waeije litte. Vorige Volgende