Filmkronyk:
Skaden
In neo-réalistyske, eksperimintéle film.
Op it filmfestival to Arnhim en oeral dêr't er draeit, hat de Amerikaenske film Skaden fan John Cassavetes frijhwat tsjinstridige réaksjes oproppen. Party slane in gat yn de loft fan opteinens: nei jierren fan eksperimintéle muzyk en poëzij hat ek de film syn nije foarm foun. Gjin omballingen langer, gjin retoryk, gjin krampeftich sykjen om styl en struktuer, yntrige, klimaks of pointe, mar de wurklikheit sels, it bloedwaerm libben, op 'e died trappearre, dat folle boeijender is as in ynterpretaesje der fan. Oaren jowe der op ôf en prate fan in út 'e liken roun surréalisme, gestammer sûnder ein of slot fan in jongerein, dy't neat to sizzen hat.
Sa'n omstriden fenomeen, dat boppedat to krijen hat mei it algemiene probleem fan in nije kunstfoarm, lûkt fansels. Myn yndruk is, dat it hwat oars is, as de ûnbiroaide opteinen miene en frijhwat mear as de lêbbige kritisi biweare. Gjin wûnder, dat jin de siken binimt en dat de goede klassike film ta de theaters útjeije sil. Mar wol nijsgjirrich en de muoite wurdich en de sûre lekskôgers hawwe yn alle gefallen ûngelyk. Dizze film, dy't Cassavetes tritichtûzen dollar koste het en gjin penny mear, rint der fier út by mannich Hollywoodsk show-produkt, dêr't miljoenen by opset wurde. Hy is nammers ek net yn Hollywood makke, mar yn New York, lyk as de measte rolprinten fan de Amerikaenske ‘spontaneous cinema’.
Spontaneous, spontaen, is wol in goede bineaming. It nije yn dizze film, en dat liicht der net om, is, dat er makke is sûnder draeiboek, sûnder scenario. De tafrielen binne opnommen in lyts part op strjitte, yn haedsaek yn New Yorker kroegen en bars, dêr't avontûriers, beatniks, artysten, huorren en oare sympathike of forfelende figueren, dy't mei harsels en mei it libben faek gjin rie witte, byinoar komme. De akteurs, dy't allegearre spylje ûnder eigen namme, hawwe neat fan bûten leard, hja witte fan gjin tekst, gjin foarskreaune dialooch of petear; hja ymprovisearje. Dat wie fansels in great risiko foar de kunstner, dy't Cassavetes is. Dat it him slagge is, der in boeijende film fan to meitsjen, is in boppeslach.
Nou moat men net tinke, dat de regisseur mar op 'e dolle rûs nei de kroegen gien is en dêr opnaem hwat foar syn lins kaem en op 'e lûdbân registrearre hwat syn earen tafallich hearden. Hjir is wol sekuer sprake fan plan, doel, struktuer en stylearring. Sûnder dizze elemintaire faktoaren is der nammers gjin kunst mooglik, hwat de trompetters fan it bloedwaerme libben, op 'e died trappearre, ek biblaze. Shakespeare hat earne sein: Life is a tale, told by an idiot, full of sound and fury. De saneamde neakene wurklikheit is yn alle gefallen in chaos, dy't om de oarderjende geast freget. Allinne de bisiele kunstner ûntdekt de réaliteit efter de réaliteit, it wûnder. En dêr sjocht men yn dizze film in flits fan neffens in nij prosédé. Dat prosédé is sa: it forhael, it scenario sit yn it brein fan de regisseur en hy wit elk momint sekuer hwat er wol en hwer't er útkomme moat. Hy bisprekt elk ûnderdiel fan to foaren mei syn spylders en fortelt, hwat er fan harren forwachtet. Mar dan binne hja ek folslein frij en skeppe sels hanneling en dialooch. Alles hinget hjir dus ôf fan de akteurs, har formaet, har momintéle ynspiraesje. Hja moatte folslein