De Tsjerne. Jaargang 16
(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 271]
| |
Durk van der Ploeg:
| |
[pagina 272]
| |
tige populair. Utjowerij Laverman hat it nij Psalm- en gesangboek (1961) wer út dizze letter set. It is in dúdlike iepen boekletter, dy't yn de lêste fjouwer jier hwat op de eftergroun is kommen to stean troch de caledonia en garamond (Laverman, Drachten); de columbia, garamond en baskervilles (Osinga, Bolswert). Yn de earste jierren fan de 20e ieu hâldde de typografy in ûnrêstich karakter. De yngeande stylforoaringen en âlde principes sochten om in harmoniearjend kompromis. De útjeften út it tiidrek 1900-1915 lieten dan ek yn de measte gefallen net dalik in typografysk stribjen sjen. It wie suver in wrakseling mei typen korpsen, romein en kursyf, fet en meager, hwerby binammen de sierletters fan Dútsk origine net sparre waerden. De restanten fan de njoggentjinde-ieuske ornamintyk wiene lykwols ek noch net alhiel forgetten. Guon printers hawwe it sûnder mis skande foun dit materiael rinteleas lizze to litten, en om ekonomyske reden - dy't boppe stylprinsipes fan in forline tiidrek útgeane - dizze tirelantijnen fan de romantyk yn de dochs al ûntheistere typografy fannijs tapast, mei de konsekwinsje, dat oaren hjiryn folgen. Der ûntstie hjirtroch in greate stylfrijheit, dy't lykwols somstiden wer oan de nuveraerdichste noarmen fan typografy boun wêze koe. Underskate útjeften út dy tiid demonstrearje in ûnbihearske bilettering. Der wurdt by de útjeften net socht om ienfâld en forfining, mar krekt om it opfallende, it groffe, dat oan in boek alle skientme ûntnimme kin. Der wie yn dy earste jierren nei 1900 in typografysk misforstân tsjinoer it boek, dat yn dit nije tiidrek in reklame-eftich karakter krije moast as hannelsprodukt, hokker reklame lykwols net bigrepen waerd yn in kunstsinnich uterjen fan sfear en karakter fan it boek yn in biskieden bilettering en in frijer paginakomposysje. Winliken hat yn dizze tiid de typografy yn har révolúsionaire ûntwikkeling kontra de klassike skientme stien, dêr't hja har nei safolle ieuwen, mei de oerwinning op de asymmetry, mei alle iver en drift fan distânsiearre hat. Dizze ûnwisse foarm fan de typografy kin men sjen oan de periodike útjefte Ald en Nij fan Tsjibbe Gearts van der Meulen, dy't fan 1907-1911 útkaem en tige dúdlik oan de typografyske earmoede fan it Harmen Sytstraboek (1918) fan P. Sipma en D. Kalma, útjown fan A.J. Osinga, dy't doedestiids syn printerij to Snits hie. It Harmen Sytstraboek hat ek ien fan de earste Fryske útjeften west yn de fan Sjoerd de Roos ûntwurpen Hollânske mediaeval. Yn dizze útjeften komt ek in foto-ôfprintinge foar fan Harmen Sytstra, dy't sjen lit hoe bihyplik it materiael út dy tiid west hat. | |
[pagina 273]
| |
Alhoewol it yn dy tiden wol wenst wie in boek mei in Frânske titel bigjinne to litten, ûntbrekt dizze yn dit tinkboek. Al koe de typografy dan gjin sprekken lije, de papierkwaliteiten fan it boek waerden gâns better. De measte Fryske útjeften waerden foar 1900 yn in slop stikje kleurich kouvertuere slein, mar komme om 1910 hinne al mei linnense bannen, lykas de tige biskieden útjefte It Fryske Foardrachteboek fan M.O. Jongbloed to Ljouwert (1911). Dizze is op moai glêd papier printe. Dat Jongbloed der op it gebiet fan de typografy útroun, is ek oan dit boek to sjen, hwant wie oer it algemien de typografy to bombastysk, Jongbloed hat faken to biskieden mei syn letter west. Yn dit boek fine wy ek - al hoe biskieden it ek wêze mei - guon fan de earste yllustraesjes, in elemint yn de typografy dat yn de takomst fan tige great bilang wêze sil foar in kunstsinnige úntwikkeling fan it Fryske boek.
De earste wrâldoarloch hat ek oer de typografy révolúsionaire tinkbylden hinne spield. It wiene abstrakte idéen en ynfloeden fan surréalisme en kubisme dy't har in eigensoartich stimpel oplei. De elemintaire wize fan bilettering dêr't de typografy út fuortkaem, frege om nije foarmen. De moade om ûnderkastletters to braken - dy't om 1920 hinne yn swang kaem - koe net mear bifredigje. It braken fan de letter as typografysk elemint yn de foarmen fan it kubisme stelde hege easken. Wer kamen der nije lettertypen oan 'e merk dy't dizze styl tomjitte komme koe. Wer waerden der kréaesjes út Dútsklân en Frankryk ymportearre. De resultaten wiene sadanich dat de grafikus Max Vox skreau: ‘Dit betekent de definitieve breuk met alles wat herinnert aan de monotone calligrafie der scri benten’Ga naar voetnoot1) De measten fan dizze typen, hiene eat fan de schabloanletter, in typearring dy't wol paste yn de styl fan it kubisme, mar funksioneel net út to hâlden wie. Dit eksperimint brocht lykwols ek bettere letters mei, ûnderskate skreefleaze typen, dy't strak en saeklik, doelbiwust hwat sizze en mear binne as inkeld herkenningstekens. Dizze skreefleazenGa naar voetnoot2) dy't yn de jierren 1925-1940 in bulte tapast binne yn it Fryske boek, hawwe net allinne miswoechsen útjeften skepen, mar ek it bigryp foarme dat in letter de komposysje en it aesthétysk karakter fan de pagina fordigenje moat troch sels in karakter to jaen dy't by de tekst en de stylfoarming oansldt. Lang net elke útjower is | |
[pagina 274]
| |
dit slagge, mar de Dokkumer printer D.J. Kamminga hat mei dizze lettertypen gâns bêste útjeften yn it ljocht jown, om't hy dizze letter hantearje en wurdearje koe, nei't hja wearde en sprekkend karakter hie. It bêste foarbyld hjirfan is de bondel Utflecht fan Fedde Schurer (1936). Der is yn it tiidrek wer in stribjen to merkbiten, yn tsjinstelling mei de tiid 1900-1915, dy't karaktertypen fan skreeflettersGa naar voetnoot1) yn in karakterleaze styl ynterpretearre. De géometryske foarm fan de letter dy't yn 1920 de typografy bihearske gyng letter stadichoan oer yn de simplistyske géometryske ornaminten en linenflakfordieling dy't ûnder oaren in skoftlang op de omslaggen fan de Fryske Bibleteek-útjeften it kubisme fordigene hat, mei as diaposityf it schabloantype neffens ûntwerp fan Johan Dykstra. De lúkse útjefte fan de Rimen en Teltsjes, dy't yn 1918 by atjowerij R. van der Velde to Ljouwert yn it ljocht kaem, wie de earste great yllustrearre Fryske útjefte, dêr't Ids Wiersma hûndert treflike pintekeningen foar makke hat. Hie dit wurk yn de yn 1822 forskynde Lapekoer in foarrinder yn de Fryske boekerige, it foarme in parallel mei dizze treflike útjefte as foarrinder fan it yllustrative boek dy't har klassike foarm mei to tankjen hat oan it wurk fan dizze yllustrator. It soe lykwols oant 1930 ta duorje ear't de yllustraesje in weardich plak krije soe. Mei de oanwinnende bilangstelling foar it boek yn it algemien waerden der heger easken steld oan de uterlike forsoarging. En soe it Fryske boek in takomst weilein wêze, dan wie it nedich de aesthétyske forsoarging op in heger plan to bringen. De opkomst fan de stienprintinge hie yn 1840 al gâns ynfloed hawn op de ornamintyk dy't dêrmei ta forfining en in skerper détaillearring kaem. Mar nou't de ornamintyk, as stylmiddel fan de symmetry en forsierend foarmforskynsel fan barok en romantyk, út de tiid rekke, waerd der om oare wegen socht. De Hollânske útjeften waerden yn 1820 al yllustrearre, mar yn de Fryske hie de yllustraesje amper of alhiel net fan bitsjutting west, mei om't it prosédé to djûr wie foar de útjeften yn in lyts taelgebiet, dat har altyd biheinde ta bihindige oplagen, dy't skraechwurk har sinten opsmieten. Nei 1925 kaem der foroaring. Der wie in sterk oplibjen fan de literatuer en teffens bistie der mear bibliofile bilangstelling, dy't tige stimulearre waerd fan Jelle H. Brouwer yn 'e mande mei Evert Caspers, Johannes Mulders. Marten Scholten en inkelde oaren. Der wie yn de grafyske wrâld in folle sterker | |
[pagina 275]
| |
homogeniteit as hjoed-de-dei, nou't de grafyske kunst fan in yndividualisme dreaun wurdt. Njonken Caspers en Mulders kamen foaral Joh. Elzinga, A. van der Sloot, Ids Wiersma en Johan Dykstra as yllustrators en boekforsoargers nei foaren. It bigjin fan harren wurk wie ienfâldich, en biheinde har to'n earsten ta in fignet, in printersmark en inkeld ris in bânûntwerp. Dit biskieden bigjin wreide him nei forrin fan tiid út ta it sykjen fan typografyske foarmfornijing yn lettermateriael en komposysjes, hwerby de forsiering fan yllustraesje kontrastearre mei tekst en letterbyld yn in moderne wytfordieling.
Printersmerk fan A.J. Osinga, Bolswert, ûntwurpen troch Ids Wiersma
De karakters fan dizze yllustrators rounen gâns útinoar, itjinge binammen opfalt yn de útjowersen printersmerken, hwerby dat fan Osinga, Bolswert der útrint qua styl en technyk, dy't by Ids Wiersma hwat eigens hat. Mulders dêrtsjinoer is mei syn snijtechnyk folle kantiger, foarser, wilens it wurk fan Evert Caspers better en finer bisnien is, skerper en wisser tekent yn deselde technyk as Mulders hantearret. Dit kontrast komt tige sterk nei foaren yn de houtfyk fan Caspers yn Utflecht fan Fedde Schurer en it omslach fan Brandaris fan D.A. Tamminga en it Frysk Jierboek dy't fan Mulders forsoarge waerden, en lykwols ek yn it hiele yllustrative oeuvre fan dizze twa kunstners, itjinge foar in part artistyk forarbeide is yn De Holder.
Utjefte-merk fan De Fryske Bibleteek neffens ûntwerp fan Meinte Walta (1958).
It útjowersmerk fan De Fryske Bibleteek fan Johan Dykstra is strang kubistysk, dat lykwols yn 1958 troch Meinte Walta modernisearre waerd. Der is by dizze yllustrators sûnder mis in wichtich forskaet. De romantyske sfearen yn it wurk fan Ids Wiersma kinne allinne bistean troch it karakteristike fan it objekt; de wissens fan natuerlike werjefte yn in autochtoon paniel, dat by Ids Wiersma suver oansluting foun by it Fryske proaza út syn tiden. Ids Wiersma koe nea in dichtbondel yllustrearje, om't de ymprovisaes je en fisionaire abstraksje dy't dêrta nedich binne, him net eigen wiene. Hy wie útsprutsen de prozaïst ûnder de yllustrators, dy't inerlik formogen útbylde yn typearring fan natuerlike werjefte en atmosfearysk perspektyf. Dêrtsjinoer is it wurk fan Mulders en Caspers poëtysker, hat in sterke abstraksje, om't de snijtechnyk fan dizze | |
[pagina 276]
| |
twa kunstners suver allinne wurket mei partijen en ljochteffekten, hwerby it détail - dat krekt oan it wurk fan Wiersma in oertsjâgjende krêft jowt - forwaerloazge of troch effekt suggerearre wurdt, en harren qua technyk miskien needsaeklikerwize deun by it ympressionisme bringt. It wurk fan Johan Dykstra wie yn haedsaek typografysk en folge suver de moade fan it kubisme, en de géometryske forsiering en flakfordieling, dy't ek yn de jierren 1930-1940 yn de Fryske boekforsoarging tige sterk nei foaren kaem en dêryn suver in aristokratyske bitsjutting krige by de strakke letterfoarmen en de strange typografyske easken fan blêdspegel en yllustrative forsiering.
De útjower dy't yn it tiidrek 1920-1940 de bêste boeken forsoarge hat is de Dokkumer printer en kunstkenner D.J. Kamminga, dy't gâns wurk forset hat foar de forbettering fan de uterlike forsoarging fan it Fryske boek. Al socht it by Kamminga net om útwrydskens, hieltyd wist hy yn syn útjeften typografysk hwat nijs to bringen, dat winliken allinne aksint krige troch artistike oanpassing fan letter en forsiering. De karakteristike sfear fan syn lettermateriael en initialen krige yn elke útjefte wearde troch de kunstsinnige wytforhâldingen, margefordielingen, bilettering en rustike setkonstruksje. It wiene binammen de dichtbondels dêr't Kamminga tige war op die. Sa wie yn 1927 de bondel Dage fan D. Kalma in aparte forskining. Elk sonnet yn dit boekje wurdt sierd mei in initiael, dy't suver to great west hawwe soe foar de fjirtjin rigels fan it sonnet, as dizze printer de marges net sa royael (neffens gulden snede) opboud hie. De forhâldingen fan dizze bondel dogge suver klassyk oan, al is de iepenens en stylfolle ienfâld dan ek modern. It is lykwols net allinne it lettermateriael mar ek it papier dat oan de útjeften fan Kamminga hwat wichtichs jowt, lykas by de bondel Ta de Moarn fan R.P. Sybesma, mei seis houtfiken fan Evert Caspers, dy't printe waerd op Fergé, dat de fiken yn in treflike kombinaesje bringt mei de fette Hollânske mediaeval fan Sjoerd de Roos. De romte fan de opmaek stimulearret in fisionaire drift yn de yllustraesjes, dy't kantich en kréftich harmoniearje mei in swier letterbyld. Dêrnjonken ek de bondels Sangen fan D. Kalma (1936); Weagen fan Gerben Brouwer (1934). Jiergong fan A.R. Scholten (1936) mei omslach en tekening fan Evert Caspers, lit it tsjinoer it oare wurk hwat sitte. Yn 'e bondel Toer en tsjerke fan E.B. Folkertsma jowt Kamminga it sterkste biwiis in great útjower west to hawwen. De krêftigens fan de typografy yn dit boek slút suver oan by de | |
[pagina 277]
| |
Titelpagina fan de foarste jiergong fan ‘De Holder’. (J. Kamminga, Dokkum 1926.)
| |
[pagina 278]
| |
essayistyske toan en styl fan de auteur, al mei de kleurde paginearring dêrby steurend wêze, dit hiele boek tsjûget fan in forname geast, typografyske kundigens en in bibliofile artistisiteit. Njonken dizze Dokkumer printer wie it binammen Brandenburgh & Co. to Snits, dy't gâns poëzijbondels en romans yn it ljocht jown hat. Yn de jierren 1930-1940 is Brandenburgh de meast warbere printer dy't yn dizze perioade sa likernôch tritich proazawurken en fyftjin dichtbondels yn it ljocht joech, oan hokker útjeften binammen Mulders, Caspers, Van der Sloot en Johan Dykstra yllustrative en typografyske meiwurking joegen. Wurken fan Douwe Kiestra, R.P. Sybesma, Marten Baersma, Ype Poortinga, Reinder Brolsma, B.R.S. Pollema, G. Burgy, Bouke Tuinstra, Nyckle Haisma, Ulbe van Houten, Obe Postma, Fedde Schurer, Jelle H. Brouwer, Pyt van der Burg, Joh. D. de Jong, J. Piebenga, Inne de Jong en D.A. Tamminga kamen yn syn founs tolânne. It foarmforskaet yn it wurk fan dizze printer is folle lytser en kriget yn guon útjeften uniformiteit. De persoanlike styl en foarmbihearsking geane faken forlern yn de massalens fan ien type en ien korps letters, wilens de proazapagina's fan bygelyks It Anker fan R.P. Sybesma mei in to lytse spegel kompres yn de romte hingjen bliuwe. Ek de útjeften fan Osinga to Bolswert koene lang altyd gjin sprekken lije. Dizze printer wie net los yn syn wurk, aksintuearre tofolle mei swiere letters, hwerby it type Gravuere II wol de boppetoan hie; in letter dy't ek brûkt is foar de titelpagina's fan it Frysk Wurdboek, diel I en II, Waechsen Ark fan Y.R. Boarnstra en yn Fryske Sketsen (1934). Printerij Laverman to Drachten moast om 1930 hinne noch tofolle arbeidzje mei âld materiael. Lettertypen fan ûnderskaet origine moasten noch to faek needsaeklik yn ien boekwurk foarbeide wurde. As men lykwols de totale produksje fan dit tiidrek oersjocht, falt der dochs in greate fornijing to sjen dy't somstiden útrint yn bibliofile prestaesjes lykas it literaire tydskrift De Holder (1926-1929) mei bânûntwerp en typografyske forsoarging fan Evert Caspers. Yn dizze fjouwer jiergongen binne 52 houtfiken en inkelde linoleumfiken forwurke. It hat binammen it yllustrative elemint west dat de Fryske typografy op in heger plan brocht hat, wilens dêrnjonken de Hollânske mediaeval in dominearjend plak ynnommen hat. Yn it tiidrek 1920-1940 hawwe de Fryske printers biwust in rjochting keazen, mar dy altyd gjin stal jaen kinnen. De mooglikheden fan de typografy nei 1880 wiene troch it ynfieren fan de asymmetry sa great wurden, dat elk boek om in nije foarm frege, dy't lykwols oan noarmen | |
[pagina 279]
| |
Twa njonken elkoar lizzende pagina's út de tredde jiergong fan ‘De Holder’. Dit tydskrift waerd typografysk forsoarge fan Evert Caspers en D.J. Kamminga (Dokkum, Fa. J. Kamminga 1928). De tekst waerd set út de Grotius, in fette ynterpretaesje fan de Holl. Mediaeval fan
Sj. de Roos, houtfyk Evert Caspers. boun wie en yn kunstsin dochs wer los fan dizze noarm stean moast troch in persoanlik karakter en opfetting dy't oansluting foun by de útjefte. Dat de typografy yn Fryslân in eigen styl krige, wie yn haedsaek it wurk fan Kamminga to Dokkum, mar is ek net los to tinken fan boekforsoargers lykas Johan Dykstra, Evert Caspers en Johannes Mulders. Underskate streamingen hawwe dizze typografy biynfloede. Navenant de produksje fan de reklame woechs, waerd it aksint yn de boekforsoarging forlein fan in suver praktikale lettertypografy ta in yllustratyf en kompositoarysk yndielen, hweryn de letter mear is as inkeld herkenningsteken en lêsteken. De typografyske foarmjowing út dit tiidrek is ek stimulearre troch ûnderskate architekten en ingenieurs dy't yn de moder- | |
[pagina 280]
| |
nisearring fan de typografy in nij terrein founen om har troch architektonyske foarmen oan mathematika en géometry to ûnderwerpen.Ga naar voetnoot1) Hja pleatsten yn dizze nije styl rigels oerdwers of skean oerelkoar hinne, sadat letter en yllustraesje net mear yn it foarste plak in kompositoarysk gehiel foarmen yn typografyske bitsjutting, mar mear hiene fan in konstruktyf bouskema fan rigels en flakken, dat de lêsberens slim bihindere. Al hat dizze styl de Fryske typografy tige sydlings rekke, de útjeften tusken '30 en '40 jowe fan dizze ynfloeden dochs ûnderskate foarbylden yn omslaggen en titelpagina's. Foaral de typografy fan it literaire tydskrift De Holder (1926-1929) ûnder typografyske en artistike lieding fan Evert Caspers en D.J. Kamminga fortsjintwurdige yn Fryslân tige sterk dizze sa forneamd wurden Wijdeveldse rjochting dy't oan dit tydskrift hwat eigens jown hat. Guon útjowers seagen yn dizze typografy in mooglikheit om de stofomslaggen opsichtich to meitsjen. Yllustrators lykas Johan Dykstra makken fan dizze styl tige gebrûk en gyngen fan yllustraesje oer op flakfollingen, hwertusken de tekst ûnopfallend weiwaerd. Dúdlik wurdt dit demonstrearre op it omslach fan Boer en Arbeider op Ekema (1928) fan Reinder Brolsma en Om it hiem fan R.P. Sybesma (1930, Laverman, Drachten) mei in omslachtekening fan M. Braaksma. Mei it útbrekken fan de oarloch yn 1940 kaem der in ein oan in tiidrek, hweryn it boek aloan in krêftiger foarm bistribbe hie yn har uterlik foarkommen. Der is sûnt it printsjen fan de Fryske ynkunabelen om 1940 hinne in eigen typografyske kultuer opboud, dy't wol it dúdlikst wjerspegelet yn it wurk fan D.J. Kamminga, mar ek yn dat fan D. Meindertsma Ws., Van Druten en Bleeker, Osinga, Brandenburgh, Jongbloed, Eisma en Laverman. Allegear hawwe hja har part levere oan de bloei fan it Fryske boek, sawol ideëel as kréatyf. (wurdt forfette) |
|