De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 270] [p. 270] Hedzer Andela: Der moast... foar durk van der ploeg der moast op syn bêst marris wer in god forskine en dan in god dy't dwers troch de leagens en de mythen en de mystifikaesjes fan de heit en fan de soan en fan de hillige geast hinne fannijs de wierheit skept út it wetter fan alle séen en boetseart út de klaei fan alle ierde: ús, fleis en bloed fan úslju, yn âlde teksten jit minsken neamd... op syn bêst moast dy god marris forskine, mar ik bin der wis fan dat wy Him allikemin forneare koene! Vorige Volgende