De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 269] [p. 269] Inne de Jong: Myn lan As ik út de ridende trein wei dyn romten oereagje, Fryslân, ûnder it reade ljocht fan in lette sinne, dyn doarpen, dyn tuorren, dyn pleatsen, donkere eilânnen en monuminten yn de wide ring fan dyn kimen, mar binammen dyn wetter, trochskinend klear yn de simmerjoun en spegeljend dyn hege loften, as in markol, in lytse swarte prins (ymmún foar 't gewelt oer de brêge) út it reid wei de romte yn sylt en in triljende trijehoek, fûnkjend fan goud, efter him oan lûkt, dan liket de tiid foarby en de striid foarby en de wrâld ynkeard ta in greate, nea-witten frede. De trein raest fierder, troch de fallende nacht en bringt my bûten dyn grinzen, it brûzjende Amsterdam to mjitte, dêr't de pols fan it libben forheftich slacht en de hertstocht wjerljochtet tusken de poalen fan dynamyk en dékadinsje, mar it byld nim ik mei fan dyn romten ûnder in reade sinne, dyn blinkend wetter, dêr't in lytse markol in gouden trijehoek oer lûkt, dyn tydleas byld nim ik mei, dat de nacht ljocht en de dei ûnwêzentlik makket, fisioen, dat my bybliuwt, myn lân. Vorige Volgende