| |
| |
| |
D.A. Tamminga:
It simpele libben yn it boartlike
Anne Wadman, Hoe moat dat nou, Marijke? Drukkerij en Utjowerij Laverman N.V., Drachten - 1960.
Dit boek is in boek foar manlju. Yn de lichte toets en mei negaesje fan de earnst dy't ornaris yn de ‘serieuze’ roman past by it thema Leafde, hat Anne Wadman in forhael gearstald dat tige lêsber is en dêr't jin fan elke bledside it diskear net sasear bittere, mar dochs wol ironyske glimke fan de auteur út tomjitte komt.
Dit grapjeijen mei de erotyk, dit boppe it hert ôf skriuwen oer dingen dy't ta de woartels fan it minsklik bistean rekkene wurde, dit kat-en-mûsspul mei it ôfstjittend en oanlûkend mystearje dat him tusken de seksen ôfspilet, sil oer it algemien de gewoane froulike romanlêzer net botte wolkom wêze. It opsetlik tobeklieden fan ús ynskepen libbensdriften ta maklik neigeanbere en kontrolearbere oerflaktespanningen, as wie it libben in potsje crocket en as wiene dy driften de minske inkeld jown ta fordivedaesje, is eat dat foaral in frou mar min goedkrije kin. De kwalifikaesje, dy't dit boek redusearret ta ‘in bakfiskroman foar greate minsken’, sa't de skriuwer dy yn in lêzing ris jown hat en dy't nou ek op de flaptekst to lêzen stiet, sille echte sawol as prolongearre bakfisken earder skoftich meitsje as slij. Dêr hoecht dizze roman fansels net minder om to wêzen, earder oarsom.
Om it yn yndeks-tael to sizzen: dit boek is geskikt foar (man) minsken dy't fan har drege lektuer ris fakânsje nimme wolle, fakânsje fan de geast, fakânsje fan de ‘greate’ literatuer, de problematyk of de deistige sirkelgong. Al stiet it hwat de tekening fan ynterminsklike relaesjes oangiet stiiffol skyn-problemen, yn wêzen is Hoe moat dat nou, Marijke? in probleemleas boek, in stik knap skreaune ûntspanningslektuer. De lêzer dy't út is op fordivedaesje fan syn geast kin him mar fornuverje mei it goedhinne sigarefabrikantsje Oeds Polstra en syn rolladeachtich sydsulver Bets; hy kin mr. Johannes Hendricus Haringsma, mei syn kâns op in professoraet of in keamerlidmaetskip, mar op hakken en teannen folgje as libertyn fan de kâlde groun op syn kronkelpaden, boartsjend mei syn gefoelens foar de op it eilân húsmanjende jongfaem mei in útskuorde forkearing
| |
| |
Marijke Tuninga; hy kin him forropje om de knoffelige en grôtfol kompleksen sittende studint Gerben de Haen, dy't it mei Marijke, de titelheldinne fan it boek en tagelyk de haedpersoan, oanlizze wol, mar him nei alderhanne tûkelteammen forhiert as feint yn De bonte Os, it fabrykje fan Polstra. Oanlieding ta gnyskjen jowt ek de amper fordoezele banalens fan in har jimmer forfelende mefrou Haringsma, dy't út wraek op har man mei syn avances ta de frijfaem Marijke, in skynforhâlding enscenearret mei studint De Haen. Men kin puzzelje op it ûnttearen fan neat minder as in fjouwerhoeksforhâlding, hwannear't Marijke har langsten dochs wer útgeane nei dizze Gerben oan de ein fan it boek. In fjouwerhoek dy't yninoarsiicht as op de lêste bledside de kandidaet-dominy Elder Hornstra op de oanlizdaem (fan Holwert?) as in deus ex machina forskynt en dêr tusken it kringend fakânsjefolk de spylbal Marijke in serieus bidoeld houliksoansiik docht.
Anne Wadman hat fansels yn syn forheljend proaza it lichte wapen fan de irony al earder hantearre. As selsirony fynt men it yn syn novelle Reedridder, as spot, projektearre op oaren, yn guon fan syn koarte forhalen. Der binne net folle skriuwers dy't in hiel boek troch dit ynstrumint witte to brûken sûnder ientoanich of forfelend to wurden. Sjoerd van der Schaaf is dat aerdich slagge yn syn roman Abbingawâld. Hoe is dit Wadman ôfgien?
De skriuwer hat fan syn boek in stevich en moai rationeel opboud wurkstik makke. It prosédé dat er hjirby tige konsekwint, faeks àl to konsekwint en trochsichtich, tapast hat, is winliken itselde dat Piter Terpstra to baet nommen hat yn syn Fjouwer minsken yn in stêd. Lyk as yn dy roman spilet de skriuwer mei syn sujetten in soarte fan simultaenwedstriid. Hieltyd wurdt in figuer as in pion op in skaekboerd in eintsje forset en stikje by bytsje komt er neijer en skerper yn it eachweid fan de lêzer. Sa'n prosédé easket natuerlik in oanienwei ôfbrekken fan de gong fan it forhael, wylst it sykljocht rjochte wurdt op in oare persoan. De taek fan de skaker-skriuwer is dan syn pionnen-romanfigueren sadanich meiinoar yn kontakt to bringen, dat hja losweakke út har Einzelschicksal de komponinten foarmje fan ienselde forhael. Foar it op natuerlike wize lizzen fan dizze forbiningen hat Wadman wol in tige gaedlik milieu keazen: in net mei namme neamd Frysk Noardséeilân dêr't syn sujetten allegearre hinnetein binne om simmerfakânsje to hâlden. Soks jowt in skriuwer folop gelegenheit om minsken dy't inoar nei âlderdom en maetskiplike status gâns in ein ûntrinne, meiinoar yn kunde en kontakt to bringen.
| |
| |
Yn de praktyk fan de deistige maetskippij soene hja inoar kâld en mei ûnbikende eagen foarbyrinne, mar fakânsje, sé, strân en sinne binne hjir in binend elemint.
Yn dizze roman is fierders in skriuwer oan it wurd dy't foar syn minsken en har nuverichheden gâns bigryp en sels wurdearring opbringe kin, al stiet er, sij it op meastal mylde wize, kritysk ûnder har swakheden, lykas it koesterjen fan geheime bybidoelings, konvinsjesucht of eangst foar de publike opynje.
Fan datoangeande is der in kontrast mei Wadman's eardere roman Fioele en faem. De minskewrâld dy't dêryn op jin takaem like wol oanstutsen to wêzen troch it mar hiel inkeld mei selsspot krûde wrâldwé fan de kantoarman-artyst Jeen Joukes Offringa, dy't syn dûbele Fryske patronimen as in lêst troch it keale libben tôge. Dizze oerbiwuste en altyd mei himsels yn de knoop sittende Jeen hie rounom argewaesje fan: lytse bern binne jimmeroan sangerich of rinne mei klokstouwen ûnder de noas; âldere froulju binne hast sûnder útsûndering útsakke fearren bêdden en de erotyk wie yn dizze earsteling fan Wadman net in vitale krêft, mar yn de groun in skeamel en biskamsum saekje, dat it minsklik débacle yn de eagen fan misanthroop Jeen Joukes allinne noch skerper aksintuearre.
Dizze visy op libben en erotyk hat yn Hoe moat dat nou, Marijke? in lytse forskouwing ûndergien. In forskouwing nei it mear lichtfuottige en humoristyske, mar mei dochs yn de fierte in dúdlik to hearren relativistyske ûndertoan dy't seit: En sa libbet dat hjir op dit planeetsje! Lêzers dy't yn dit boek om djipdollende sielsproblemen of om antwurden op fragen fan libben en dea sykje, kinne hjir dus net torjochte. De forskouwing yn de biljochting is lykwols mar lyts. De measte figueren yn Wadmans nije roman meije yn myldere kleuren skildere wêze, syn studint Gerben de Haen, yn it forset tsjin de tradysjes fan syn âldershûs en deabinaud dat er him foar oaren bispotlik meitsje sil en wilens dochs wrokjend om syn akademyske en oare mislearringen, - dizze Gerben is bytiden suver in Jeen Joukes redivivus. Hy komt yn dit forhael dan ek aerdich skerp foar jin to stean, al leart men him hwat syn ynderlik libben oangiet yn haedsaek kennen troch de wei fan de ‘monologue intérieure’, better alteast as troch dialooch of hanneling.
Sa is it mei Oeds Polstra, dy't troch it jonge Haringsma-neiskaei wreedaerdich bititele wurdt as it ‘Michelinmantsje’, eins krektallyk. De skriuwer lit him mei probleemkes ompakke dy't alhiel by syn figuer fan lytse sakeman passe en sels as him in hertforlamming driget, wykt yn it antlit fan de dea fabrikant
| |
| |
Oeds net fan dizze biwende paden. It meast sit hy noch yn noed om in opfolger yn syn ienmanssaekje, dat al lang troch greate tabaksconcerns oerskade is.
Op de foargroun stiet yn it forhael sûnder mis de figuer fan Marijke Tuninga, foar hwa't de skriuwer nettsjinsteande har mei reformearre taboe's oanhelle sieltsje, in dúdlike foarleafde hat. Yn de slingeringen fan har hert - fan de yn it forline dienjowne feint Willem Draeijer nei Gerben de Haen, fan Gerben nei mr. Haringsma en dan wer werom nei Gerben mei as iepen mooglikheit yn de ein Eldert Hornstra - wurdt hja bûten alle swart-wyt-skema's om mei sympathy tekene.
Under de romanfigueren liket it minst út de ferve komd to wêzen it hwat twariedich op alderhanne situaesjes réagearjende society-mefrouke Marian Haringsma. Dochs is hja net lyk as guon oaren (de kammeraetskes fan Marijke, de caféhâlder, de oan spiritisme dwaende pensionhâldster mefrou Duintjer) in eftecgrounfiguer. Dêrfoar is hja as komponint yn it forhael to bilangryk. Mar psychologysk liket hja hjir en dêr hwat kwels to gean, alteast is har kontoer al to ûnskerp. Har oansjitskens as ripe frou tsjinoer de snústerige kampearderadolescint Gerben de Haen liket mear op in tour de force fan in skriuwer yn noed oer it kompositoarysk birin fan syn forhael as dat dy erotyske oanstriid fuortkomme soe út in psychologysk forantwurde bisykjen ta biskriuwing fan in needsprong, in avontûr út need fan in troch har frijbûtser fan in man yn in striidposysje dreaune houlikspartnerinne. Dat dubieuze yn har portret wjerspegelt ek yn it sabeare-studintikoaze polderjongespraet dat hja der tsjin har tydlik pseudo-feintsje útslacht (‘de kop der mar ta'nút’ bls. 190; ‘gjin gemiter’ bls. 192; ‘fan twa wâllen frette’ bls. 195).
It docht kleardernôch bliken dat Wadman by de biskriuwing fan minskene inerlike réaksjes yn dit boek biwust in forienfâldiging tapast hat. In forienfâldiging dy't it ûntspanningskarakter dêrfan to'n goede komt, mar dy't tagelyk makket dat dit forhael, net sûnder barmhertichheit skreaun tsjinoer it minsklik tokoart, nearne in taest docht nei it tragyske. Sels oan in mingfoarm, de forrassende foriening fan tsjindielen dy't yn it tragi-komyske bisletten leit, komt it mar hiel inkeld ta. It wol blykber neat as in lêsber relaes wêze fan erotyske langsten en misstapkes by minsken dy't mei fakânsje binne, dy't troch dy fakânsje har tydlik hwat bisykje to distânsiearjen fan de gewoane maetskiplike konvinsje, mar hwa't soks nea alhiel slagpet, om't hja eigen hûd nou ienkear net ôfstrûpe en net as Adam en Eva opnij bigjinne kinne. Yn it kader fan ús kop- | |
| |
swiere problemerige folksromans fan tsjintwurdich mei dit oanslaen fan de lichte toan net oars as in loflik stribjen hjitte. En dochs, de geastlike status èn it literair forline fan de kritikus Wadman forsette har wol min ofte mear tsjin dit bisykjen ta forantwurde popularisearring. Dizze skriuwer kin nou ienkear, al soe er wolle, gjin forfolchforhael foar Libelle of Eva kréearje. Dêrfoar is syn klinysk each op it genus minske to skerp, dêrfoar is er yn de groun to artistyk en to yntelligint, ek yn syn humor. Dit sil de oarsaek wêze dat der yn dit boek hjir en dêr in diskrépânsje bistiet tusken de flotte forteltoan en de bitende, sarkastyske opmerkingen dêr't dy toan hjir en dêr mei krûde is. Sa op bls. 212: ‘En de lju binne wer ûnder elkoar, lykas it winliken heart en lykas it wie ear't hja it toerisme útfounen as in nije loarm fan universeel
wurch-wurden’. Sa op bls. 213: ‘En dan wied er noch oansocht foar in lêzing oer grêfstiennen, foar it Frysk Genoatskip, dat nommel selskip, dêr't men nea en to nimmer kâns rint foar in Fries oansjoen to wurden’. Of op bls. 96: ‘It ynteresearre him net om syn eigen sielesteat, mar as minsklik forskynsel, as middel om bigryp to krijen foar dat gearstald stik kramtried dat minskesiel hjit’. Of op bls. 71: ‘Oeds wie as mastersfeinteftich lyts selsstannich baeske by Troelstra en dy bigoun, en fanwegens de bilestingen, de amtners en de papieren nei de oarloch by Oud einige, dy wei lei wol sahwat yn 'e gong fan 'e tiid, tocht him, mar syn liberalisme roun noch altyd in read triedtsje troch en hy mocht dy âlde trouwe Ljouwerterkrante graech lije, dy't sa moai sûnder kantroeren yn 'e trijehoek v.v.d.p.v.d.a.c.h.u. omrountsjemealde en dêrby ek noch kâns seach bod to jaen oan pacifisten dy't Chroestjow foar in skoathountsje oansjogge en oan âldgrifformearden dy't op groun fan genesis-safolle glêshelder biwize dat de ierde plat is. En dan dy P., dy joech jin nochris in fluts âlderwetske deeglike morael dat it sta sei’. En op bls. 89: ‘In strûkrôver bikeard ta de anthroposofy, sa lei er dêr, ûnskuldich as in bern, mei in glimke om 'e mûle, as wied er greatsk op syn heldwêzen fan de nachts’.
Dizze skriuwtrant, dy't rynsk gebrûk makket fan kluchtige hyperboalen en brike metafoaren, mei geastich en origineel neamd wurde, it nimt net wei dat er him al min forienet mei in forhael dat fan ynhâld in bakfiskroman wêze wol. Miskien hat de skriuwer sels al foar dizze diskrépânsje warskôge, doe't er syn boek ‘in bakfiskroman foar greate minsken’ neamde? In noedlik ûndernimmen soks, like noedlik en dubieus as it skriuwen fan ‘in greatminskeroman foar bakfisken’.
Mei dat al is Hoe moal dat nou, Marijke? in nijsgjirrige for- | |
| |
skining tusken it hjoeddeiske forheljend proaza yn it Frysk. Hwat dit forhael lêsber en boeijend makket is foar alles de styl. Dat is in fornijend elemint. Hwant sûnder de romanskriuwers fan R. Brolsma oant P. Akkerman styl ûntsizze to wollen, har biskriuwingskunst driuwt dochs altyd noch foar in great part op soppich of pregnant folksidioom, in wize fan arbeidzjen dy't fansels sterk sfearskeppend wurkje kin, mar tagelyk ek hwat ûnpersoanliks hat. Men fornimt dat it bêste as men wurk fan harren yn oersetting lêst: de reamme is der dan ôf. Hjir hat it folksidioom plakmakke foar hwat oars; men soe it in persoanliker taelhantearring neame kinne. Om in Flaemske parallel to lûken: foar it folksaerdige fan Felix Timmermans of Ernest Claes is hjir it yndividuéle fan Marnix Gijsen of Johan Daisne yn it plak kommen.
Op himsels is dat yn Fryslân in literair winstpunt. Soe dizze roman yn in oare tael oerset wurde, dan soe der net iens folle forlern gean hoege. It moat mooglik wêze om Wadmans abrupte biskriuwingen, gearlutsen dialogen en skerpe formulearringen op hast folslein ekwivalinte wize troch in oar taelmedium oerdrage to litten.
Dit wol fansels net sizze, dat yn dit boek in tael fierd wurdt dy't it karakter hat fan in hyperyndividualistyske konstruksje en noch minder fan in eigenoanret salonfrysk. De skriuwer wit de foar him weardefolle eleminten fan de omgongstael wier wol to braken, al is er bytiden ek net skou fan persoanlike fariaesjes en ôfwikingen. Sokken lykje my to wêzen: ‘út 'e klaei dold (bls. 78) ynpleats fan it gongbere ‘út 'e dyk dold’; to strân en to bosk’ (bls. 73) en net ‘by it strân en it bosk’; ‘botte sterk yn syn skuon stiet er net’ (bls. 105) foar ‘botte stiif of stevich yn 'e skuon’; ‘selsstannich genôch om jou eigen beantsjes to triedzjen’ (bls. 158), in fariant grif op it moai gongber hollânisme ‘eigen beantsjes to dopjen’; ‘de wiisheit yn hier’ (bls. 158), purisme foar ‘de wiisheit yn pacht’; ‘ik hoopje dat ik myn paed skjinmeitsje kin’ (bls. 160) yn pleats fan ‘myn plak skjinmeitsje’.
Yn in mannich gefallen nimt dizze oanstriid ta oars-as-oars sokke foarmen oan, dat men net mear prate kin fan stylfarianten, mar wol prate moat fan ûngeef taelgebrûk. Bygelyks stiet op bls. 44 to lêzen: ‘By 't hert wie it alhiel omgien’, mar de kontekst makket dúdlik dat bidoeld wurdt ‘Boppe 't hert wie it alhiel ôfgien’. Sa is op bls. 47 de konstruksje ‘op 'e kletter’ brûkt, wylst it dúdlikerwize ‘op 'e flitter’ wêze moat. Ek in sin as ‘Jel Ferwerda soe mei sok ding wierskynlik gjin euvelmoed ha’ (bls. 90) wurdt skeind troch in forkearde fêste pré- | |
| |
posysje. It brûken fan ‘grif’ yn in funksje dy't it yn it hollânsk wòl hat, mar yn it Frysk net: ‘Marijke gyng der net sa grif op yn’ (bls. 98) kin ek al min troch de mesken. Krektlyk as it eigenaerdich gebrûk fan ‘prûze’, dat men hjir wol foar in ekwivalint fan it hollânske ‘preutse’ oansjen moat, mar dat it perfoarst net is of wêze kin: ‘Hy widze him noflik yn it fielen it milpunt to wêzen fan gâns in skare en to fornimmen dat sels de prûze Ymkje it bistie en krij him by de earm op in dúnkuijer’ (bls. 100). In kontamineuze foarm as ‘Hy hie spuid as de raven’ (bls. 190) dêr't ‘spulje as in ielreager’ en ‘stelle as de raven’ yninoar fortiisd rekke binne, moat in forsin wêze, hwant in grappige stylfunksje hat dy foarm hjir alhiel net. Op bls. 204 stiet ‘Gerben like foar gjin gat to fangen’, wylst net oars bidoeld wêze kin as ‘Gerben wie nearne to finen’, hwat nou ienkear net itselde is. Soms kin men ek in lichte oanstriid treffe ta ûnnedich of ûngaedlik purisme. Sa op
bls. 192, dêr't stiet ‘Hja woe it loftbêd bisykje en liet it him opblaze’; hjir is lykwols gjin sprake fan in yn 'e loft sweevjend bêd, mar fan in mei lucht to foljen kampearmatras, wylst as tiidwurd prebearje hjir op syn plak west hie.
Lykwols komt men sokke skeinplakjes lang net op elke pagina fan it boek tsjin. Oer it algemien is it Frysk yn dizze roman mei in linigens hantearre, dy't in skriuwer (alteast yn ús tael) pas nei jierren oefening birikke kin.
Is it boek in stap foarút op Wadmans paed as proazaskriuwer? Earder soe ik hjir prate wolle fan in yntermezzo. Lyk as Simenon, de Frânske skriuwer dy't troch mr. Haringsma jouns as sliepmiddel brûkt wurdt, tusken serieuzer wurk troch ek romans fan lichter kaliber jown hat, sa liket ek Wadman sjoen yn it kader fan syn oar wurk hjir tydlik in sydpaed opgien to wêzen. Oft er noch oare swerftochten meitsje sil, of dat er aensten de greatdyk wer nimt, sil de takomst útwize moatte. Hy is frij man.
|
|