De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 261] [p. 261] Johs. Couperus: Hillich nachtmiel it oargel spilet syn meldijen de wijing waret rûzjend om. nou sjongt in stim de litanijen de Harder noeget; minsken kom. in fresko siert de stiennen muorre om tafel stean de stuollen ré. dy sizze ús, kom susters, bruorren, skik oan, nim plak yn Heite sté. hwant sjoch de Hear yn ús formidden dy brekt mei 't brea ús tsjuster libben en noeget elts in taest to dwaen. Hy skinkt de wyn foar al Syn sibben, jowt nije krêft har breklik bidden en wol hjirmei ús skuld forjaen. Vorige Volgende