De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 259] [p. 259] Rinke Tolman: Sawntich jier De tiid rint rêdder as in hazzewyn En ljept oer greater wiidten as Wytgaerder feart en Swette. Myn libbensrite? -: Sykhel, omsjuch, amerij. Niis glimke goedfrou, glimke mem: in bertedei, Mar warber dolt deagravers hân de kreaze kûle; Sark, krânse en blommen lizze al ré. De libbensrite: 'n amerij. Alearen lei de trilobyt birôlle yn trije pûlen; Dat is al gâns hwat jierren lyn: Fan in miljard it fearnspart, nei't ik achtsje. Mar hwat soe dit alleding? Tiids race-wein fljucht Fan ivichheit oant ivichheit en nearne fynt hy d'ein. Der is gjin tiid. Alles is tiid. Aeisiker wie ik, angler, fûgler, blommeploitser. Djip ûnder 't klaed fan himels simmertinte, Djip ûnder 't fjouwerjen fan de wolkens, Foel 't ritme fan myn fuotten gear mei 't ritme fan myn swalkersnocht. (Minsken, sjuch hoe't slachskaden hurdrinn' oer de Forwielen greidegerzen fan Wytgaerd oant Weidum ta En fierder, fierder, fierder...) Heilfleagen - wite gerdinen - Slierden somtiden wyn-rêd bylâns de kimen; Hoe glânzge dan 't sawntal reinbôgekleuren op 't bilutsen wulft. Sa seach koartlyn - hwat is in hânfol ieuwen? - Ek Noach 't fredich spektrumfeest: sinbyld fan syn forboun mei God. Ik wie foreale op fersen; 'k waerd in lietsjesjonger. Unk, wea en leedzje floite ik ta birêsting, En tild' it hert my op, dan dounsen nocht en wille Yn 't metrum fan myn strofen en koepletten. [pagina 260] [p. 260] Doe kaem in dei - Hoe slim is 't dit to sizzen, hoe slim is 't deroer to swijen - Dat nei jit fierder fierten alle horizonten flechten: De wrâld waerd rommer as tsien wrâlden Myn ikmanskip, in hege iik fan waen en sinnigens, Waerd fan beambeidels skerpens koarte en koarte. Ja, riker waerd ik as ea Noach wie, hwant leit Yn 't Krús gjin wisser lok as yn in Ark bisletten? Wierwier: kin by sa'n peaskefeest it hert Net alle noed - èn rynskens sûnder ein - stânfêst forneare? Sa waerd myn ierde nij, myn libben sa jûchheijend nij. Nij waerd it fûgelliet, nij ek mûdhouns gielgouden eagen en syn glêdde skobbehûd. Sjuch jitris: ljurken kliuwe op de ljedder fan har lûd it swurk to mjitte, De skriezewjokken snije it loftrûm spits yn stikken. Myn pake - amperoan - waerd hûndert jier taparte. Sil ik him jit oertroevje as Balkanminsken? Dy seupelje har soun oan yoghurt, woll' se my fornije, Mar hâld' hja yn Boergas de Boargerlike Stân wol by? It is net wichtich hjirfan fout en fantasij to witten. Alles is goed. Alles is goed: De ierd' is parredyslik nij. Vorige Volgende