in romerfol ynjitte, Fokje’. Knjilles hâldde 'm stil as waerd er kjel.
Fok frege koart: ‘Hast sinten?’
Hy taestte yn 'e bûs en smiet de sulveren goune op 'e tafel. ‘Dat is genôch, net?’
‘Dat foroaret’, sei Fok en gyng oerein. Hja fierde de bedstédoarren iepen en waerd heal wei yn in krûpyn. Mei in krûkje kaem hja wer foar it ljocht. ‘Dû trefst it, Brand, it is aerdich bilegere en it hat dêr in daeldersk plak. In romerfol drank komt jimme wol ta as jim sa'n hiele dei yn kjeld en wiette tahâlde. Ik soe it Knjilles ek bêst gunne, mar wy hawwe it to keap, nou, en dan kin dat net’.
Knjilles bigoun fannijs mei syn forhael. Hast biskamsum nipte Brand oan 'e romer. It siet hjir sahwat nuver. Mei it tredde hie er dêr gjin lêst mear fan, hy waerd praetsker. Fokje seach nei de klok. ‘Ofljochtsje, Knjilles, it wurdt dyn tiid’. Fuort gyng er oerein.
‘Ik moat der noch ien yn ha, Fok’. Brand frege net mear, hy gebea dat. Hy hie in goune op 'e tafel smiten, nou koe er easkje. Noflik skeukte er de brede rêch tsjin 'e bekling.
Knjilles kaem dt it bûthús. ‘Ik sil der mar ris by lizzen gean, de kij wachtsje moarn net’. Oer it hûs klaeide er him út, mei in stoel kleau er op it bedsté.
‘Jit noch ris yn, Fok’.
Goed njoggen ûre siet Brand mei greate glinsterjende eagen op 'e stoel en spriek foar twa. Fok makke dêr in ein oan. ‘It wurdt dyn tiid, dû moatst nei hûs’.
Brand sei it har nei: ‘Ik moat nei hûs’. Stuitlich stie er oer de keamer. Fok seach dat oan. ‘Oars moat Knjilles dy oan 'e buorren ta bringe’. Hja roun nei it bedsté. ‘Knjilles’.
Kjel riisde er oerein út 'e earste lichte slomme. ‘Dû moatst Brand nei de buorren bringe, it is foar alle dingen better’. Hy lei dêr neat tsjin yn. Swijend klaeide er him oan. Brand hong wer op 'e stoel en bipreuvele in lietsje.
‘Ik sil dyn learzens yn 'e skuorre sette, Brand, dêr kinst se oandwaen’, bioardere Fok. Knjilles moast him helpe.
‘Hjir lûns’, loadste Knjilles. Op 'e reed krige er Brand yn 'e earm. ‘Dan hat de iene steun oan de oare’.
It earste ein hie Knjilles hâlden en kearen. Brand roun mear as wif. It wende. Kaem it fan 'e kâlde wyn?
Brand bigoun to praten, lûd en drok. ‘Dû en ik, Knjilles, wy moatte ús net op 'e kop sitte litte fan it wiif, wy moatte ús baes meitsje. Dû rêdst dy mei Fok, ik sil foar Eabel riede’.
Midden op 'e reed bleau er stean yn weaze en wetter. ‘Ik