De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 253] [p. 253] [Nummer 9] Tiny Mulder: Celluloid ûnderkuolling yn it hert in klok dy't snie let elke lange ûre fan de nacht en mei de earste deiljacht haw ik se forlern de bal de poppe it bern de bal lei it sitsen jak oer de stoel en ûngeduerich stuite er út myn kille hannen nei de soele goede fûgels dêr fluitet er himsels sielslokkich de poppe waerd wer celluloid de tút - forwoast bisocht myn mûle read to wurden - streke hja út der is libben foar har by de toppen it bern repte de reed út wis as God de sawnde deis syn rêch hat de kromming fan tagedienens sljochte hui ropt it tsjin de rjochtfeardige bern dy't alles bigripe de sinne stiet blyn en wyt op tsjin ruten fan celluloid net ien fan har komt werom oant ik waerme trochwâdbere plakken fyn nei dy robinson [pagina 254] [p. 254] Geisha moarn rôp de muorre mei de japanske kers mei de ûndogenske skeane eagen fan in lytse geisha lytse geisha's sjogge út oare eagen as greate ek op de bline muorre yn in skeane brabânske strjitte út de bloeiselbeam dy't nei den bosch giet dy't oer de muorre wipt my in hân jowt en seit kom wy sille nei den bosch nei sint jan de doper hy forlear de wize holle en dan krijst in basilyk mei wijreekgeur en kearsflam kom sei de japanske kers wolst in blomke yn dyn hier foar sint jan en alle gekjes op de nalen fan de basilyk en de beam nige al it rôze bloeisel naem de rokjes op en dounse foar sint jan en alle gekjes en hilligen en hja klapten yn de koarte debile hantsjes en de hannen lang en wyt fan hillichheit foar de japanske geisha mei de skeane oprjocht ûndogenske eagen dy't net from en froed sjen kinne al is 't noch sa Vorige Volgende