Op it harspit:
Better fan de skeaf as fan de ban
‘Kultuer kin, neffens sprekker, net bistean sûnder bân mei it forline, de tradysje, de histoarje, sûnder bân mei eigen lân en folk’. Dy sprekker wie Jan Piebenga, it forslach dêr't dizze rigels oan ûntliend binne, wie dat fan de Ljouwerter krante oer de debatjoun Laurens ten Cate - Jan Piebenga fan it Boun fan Fryske Kunstners.
It muoit my dat ik ôfgean moat op in kranteforslach, mar Piebenga liket my krekt de man om soksoarte dingen as hjirboppe stean as útgongspunt to nimmen en der dan sels yn to forsûpen. Dat it sil wol aerdich krekt wêze.
De essayist Jan Piebenga sit de strider (en tinker, hwant sûnder dat gjin wiere striid) Jan Piebenga hieltiten yn 'e wei. Oars as Von Münchhausen, dy't himsels oan 'e hierren út it moeras Loek, triuwt hy himsels altyd werom yn de eigenoanrette essayistyske sompen. Mei it útsprekken fan de sin hjirboppe hie Piebenga fansels it greatste gelyk fan de fiskmerk, mar ynsté fan yn to sjen dat men nei dy konstatearring twa kanten út kin lit er him bigûchelje fan forline, tradysje, histoarje, dêr't syn opponint fansels neat mei koe. It moat dochs elts wol dúdlik wêze, dat nei de ynliedende sin de konklúzje net needsaeklik hoecht to wêzen: Kom, wy moatte oan 't bânmeitsjen, mar dat like goed mooglik is: Wy moatte kultuer skeppe. It oare komt wol goed, hwant kultuer kin ommers dochs net bistean sûnder dy bân. De skiednis (o irony) jowt de lêsten gelyk: net de bânmakkers hawwe de measte bitsjutting hawn foar de kultuer, mar de skeppers: Piebenga syn eigen geastlike foarâlden hawwe har yn 'e helte fan 'e sechtjinde ieu nest oanlutsen fan bân mei tradysje, histoarje en eigen folk en dêrom hawwe hja histoarje makke.
Hwerom überhaupt ken de minske skiednis? It andert is om't de minske op syn tiid brekt mei forline en tradysje, gjin bân fielt mei eigen lân en folk. Soe dat net sa wêze dan wiene wy sûnder histoarje, lykas de termiten of de miicheamels. Weromsjend, dat is wier, hat de essayist gelyk dy't sjocht dat de tradysje krekt bifêstige wurdt troch dy ûntkenners, dat de bân mei eigen lân en folk it stevichst knotte wurdt fan dy't tsjin har stean. Der is in lange rige op to setten fan Amos oant en mei Pasternak, fan figueren dy't foar de essayist dy bân lizze, mar dy't yn har aktualiteit tsjin forline en folk stiene. Dêrom doocht it útgongspunt net.
Om misforstân foar to kommen mei der by sein wurde, dat it forset tsjin noarm en tradysje en folk om himsels ek neat seit; der is ek in rige fan Kaïn oant en mei Mussert dy't dat biwize kin.
JO SMIT