Krityk yn it koart:
Frucht fan toarre groun. Fersen fan Johannes Hansen (1854-1877) mei ynlieding en oantekeningen fan J.H. Brouwer. Drukkerij Laverman, Drachten, 1960.
Dat hie de 20-jierrige matroas Johannes Hansen net tinke kinnen, doe't er de deis foar Krysttiid 1874 syn Fryske fersen yn in skrift byinoar skreau, dat dêr 86 jier letter nochris sa'n kreaze útjefte fan komme soe. Dêrom is it in goed ding dat prof. Brouwer dizze teksten yn it ljocht jown hat mei in ynlieding en gâns fordúdlikjende oantekeningen. Ek immen dy't oant nou ta noch net folle Noardfrysk lêzen hat, kin dit maklik neikomme. It doel fan dizze útjefte is net allinne it taelkundich bilang, né, prof. Brouwer is fan bitinken dat dizze fersen ek oan har ynhâld wol kend wurde meije. Frucht fan toarre groun, sa neamt er se, dizze fersen fan in jong dichter dy't mei gymnasiale foarming bisocht hat syn romantysk fielen foarm to jaen yn syn Gooshiirder Frysk. Sûnder foargongers? Sûnder foarbyld? Dat is in frage dêr't de ynlieding net op yngiet. Persoanlik liket my de ôfhinklikens fan M.M. Nissen net ûnmooglik. In fers as Inne wiist dy kant wol op, binammen it slot. Hwat de kwaliteiten binne fan Hansen syn dichtwurk, komt yn de ynlieding treflik nei foaren, dêr hoecht gjin wurd by. Mooglik hie der troch mounling neifreegjen oer de dichter syn libben noch wol hwat mear oan it ljocht komme kinnen as de simpele gegevens dêr't wy nou mei ta moatte. De oantekeningen hat prof. Brouwer tige royael mei west, se jowe lykwols allinne oersetting. Graech hie ik ek hwat heard oer de útspraek, in lyts bytsje paedwiis makke to wurden is men nedich yn 'e tizebosk fan Noardfryske tongslaggen en staveringen. Hwat bidoelt Hansen bg. mei â en ê? Hwannear binne syn vokalen lang, hwannear koart? Faeks hie it net ûnaerdich west de Westerlauwerske Friezen to fornijen, dat trije fan Hansen syn bêste fersen yn ús Frysk oerset binne en to finen binne yn It Heitelân jg. 1957.
De útjower fortsjinnet alle lof foar papier en printsjen. Spitich dat op bledside 28 de twarigelige fersen oanelkoar set binne. Op bls. 36 moat yn rigel 10 it lêste wurd net wêze ‘hoght’, mar ‘Loght’.