Der stiek in stoarm op yn Amerika, doe't Lewis syn roman útkaem. Hy waerd biskuldige fan in anti-Amerikaenske hâlding en fan blasfemy. Yn Boston waerd it boek in pear jier lang forbean. Hy krige ek literaire krityk en net sunich. De haedpersoan doogde neffens de kritisi neat fan, it wie in karikatuer. Lewis moat dat yn 1945, yn in petear mei de filmregisseur Richard Brooks, min ofte mear tajown hawwe.
Brooks, dy't it boek forfilme hat op fûl oanstean fan Burt Lancaster, hat mei dy krityk rekkene. De Elmer Gantry, dy't Lancaster spilet, is in oarenien as dy fan Lewis. Net minder ûnwjersteanber, mar reëler, minskliker en mear komplisearre. In figuer, by hwa't men net wit, hwer't de korrupsje ophâldt en de oertsjûging bigjint en fan gefolgen ynteressanter as in ûnbitinge swankebast. Hy preket om Sharon to winnen, mar as er los is, is der gjin hâlden en kearen mear oan, hy leaut yn syn eigen wurden en rekket yn in ekstase, dy't de massa meisleept. As it Lulu, it fanke dat er sitte litten hat, slagget, om in kompromittearjende foto yn 'e krante to krijen en it publyk yn in wylde útboarsting fan grime him forhúnt en forspuit, is syn réaksje weardich en great. Lyk as ek nei de dea fan Sharon, dy't omkomt by in brân yn har tabernakel. Dizze Elmer Gantry is folle mear as in dogeneat, hy is in minske, forheftich dreaun tusken goed en kwea en bijeftige mei in mylde, bifrijende humor.
Ek de figuer fan suster Sharon, spile troch de charmante Ingelske aktrise Jean Simmons, as weardich partner fan Lancaster, is komplisearre. Hja leaut yn har ropping en is birûze fan har sukses, hja wol flechtsje mei Elmer, mar bliuwt op har plak. De tindins fan de film is, liket my ta, dat men mei in fûl foar of tsjin net klear is, hwat dizze revivals oangiet. Hjir is in berch fan psychologyske komplikaesjes, hjir lizze safolle faktoaren yninoar bitiisd, fan leafde oant raffinemint, fan suvere religieuze bidoelingen oant massale forrifelderij, dat in diagnose net maklik is. Dan is dêr it sjongen. By alle reedlike prinsipiéle biswieren, dy't der by it sjen fan dizze film by jin opkomme, en dat binne noch al hwat, nimt de ekstatyske massale sang fan de bikende lieten: Onward, christian soldiers, Glory, glory, halleluja, Lead, kindly light, en oaren, jin samar mei.
Yn alle gefallen: Brooks, de greate Lancaster, Jean Simmons en ek Shirley Jones as Lulu en Robert Kennedy as de journalist Jim Lefferts, hawwe der in boeijend drama fan makke.