mei alle lekken en brekken dy't dêrmei mank geane. Men kin alles oersette, mar men kin net alles sa oersette dat it foar de lêzers yn de nije tael forsteanber wurdt. Hjiryn leit, tinkt my, de oarsaek fan de measte krityk op 'e oersettingen fan Tamminga en Wadman, in krityk dêr't Jo Smit yn De Tsjerne fan maeije '61 einslutend op andere hat. By it oernetten kin men nou ienkear faken mear as ien kant út, en forskil fan opfetting sil der dus altiten bliuwe. Mar in geve oersetting bitsjut net needsaeklik in geef oerbringen fan alle eleminten fan it oarspronklike wurk op de lêzer yn de nije tael.
Nim de earste sin fan it earste forhael yn de bondel Friese verhalen; it hjit De piano en is fan Reinder Brolsma: ‘Sjut, het grote bonkige wijf van Marcus, had aan de buitendeur haar voorraad ingeslagen uit de manden van de broodbezorgster, en trad de kamer binnen.’
Yn dizze pear wurden hat Brolsma in biskate situaesje tekene; hy wie dêr in master yn. De Hollanner dy't gjin foarstelling hat fan in bolkoer, dy't nea de swietrook fan de ynhâld dêrfan yn syn noasters hawn hat, dy't gjin idé hat fan de (nou wol histoaryske) sosiale bitsjutting fan de bolrinster yn it kommunikaesjesysteem fan in lytse Fryske plattelânsmienskip, komt de situaesje yn de oersetting net neijer as er dy sin yn it Frysk lêzen hie.
Dat Brolsma ek neidat inkelde fan syn romans yn oersetting forskynd binne gjin literaire weardearring yn Hollân foun hat, moat neffens myn bitinken hjiroan taskreaun wurde. (Oer in biskate weardearring út oare as literaire oarsaken wol ik it nou net ha; dy wie nammers ek mar tydlik). Paradoksael soe men sizze kinne: hwa't Fryslân net goedernôch ken om Brolsma yn it Frysk to lêzen, kin him ek net lêze yn it Hollânsk.
Mei provinsialisme hat dit neat fan dwaen. Gâns Amerikaenske romans binne út dy reden ek yn oersetting foar ús net tagonklik. Guon dêrfan binne oan de oare kant best-sellers wurden; bywilen lit in Hollânske útjower him forbjusterje en jow sa'n boek út om't der dêrjinsen in miljoen eksimplaren fan forkoft binne en dat bisnijt him dan jitte gâns in skoft dêrnei. It bart komselden dat hy sa'n tobeksetter hat mei in roman út in oar kultuergebiet, Japan bygelyks, of China, of Súd-Amerika, mar dat komt inkeld om't er dy talen net lêst en de aginten dêrwei him net de drompel swart rinne mei oanbiedings.
It muoit my foar de studinten fan Redbad, foar de n.v. Nijgh en Van Ditmar en binammen foar Tamminga en Wadman, dy't har der sa by jown hawwe - dat it oernetten fan dizze forhalen in dreech stik wurk west hat is dúdlik foar elts dy't wit hwat