| |
| |
| |
Jo Smit:
Nachtlibben yn Leer
- Foar D.A.T. -
De polysje-autoriteiten yn Leer wiene tige freonlik en kompetint. Yn har wize fan dwaen wie neat to merkbiten fan S.D.-mentaliteit. Sûnder halen om 'e kant en rounút leine hja de saek bleat en al hoe skerp ik ek taharke, der wie neat to fornimmen fan forhoalen triomf of rankuneus geniet om't hja ien yn 'e skjirre hiene. Ek it bluisterich praet oer ‘de fortochte’ bleau binefter, like goed as it proletich by de namme neamen. It wie en bleau ‘Herr Jansma’, dêr't in heimsinnige solidariteit har mei like to forbinen, in solidariteit dy't my, as lânsman, automatysk mei ynsleat. Ik hie alteast sterk it gefoel dat har freonlikens en hoaskens dêr mei gearhong: hja wiene bliid mei Jansma, net om in slachtoffer to hawwen, net om't hja him persoanlik sa'n goed hert tadroegen, mar omdat hy in needsaeklik komplemint útmakke yn har bistean - sûnder euveldieders gjin tsjinders fan oarder en rjocht. Hja wiene bliid mei my, gewoan om't ik syn lânsman wie, om't ik kunde fan him wie en ik der dus winliken ek in lyts bytsje by hearde.
Hy hie noch net bikend, dat joegen de polysjemannen royael ta, mar de oanwizingen wiene sa sterk, dat dêr soed er wol net oan ûntkomme kinne. Hjirsa: de jouns falt er op omdat er om in bar siket; yn de nachtkroech falt er op omdat er agressyf is; dan fordwynt er út 'e sirkulaesje en dûkt wer op yn 'e strjitte hwer't de moard bard is; hy hat gjin forklearring foar syn oanwêzichheit dêrre, sterker, tafallich troch dy strjitte kommen wêze, lykas syn sizzen is, kin net, om't út syn eigen forklearringen mei wissichheit ôf to lieden is dat it net sa is. Fierders blykt út hwat de tsjûgen to sizzen hawwe, dat hy op dat stuit ek de iennichste wie op dat plak.
Mar fansels, as ik mei ‘Herr Jansma’ prate woe, dan wie dêr alle gelegenheit ta. ‘Faeks...’ glimke de âldste fan de beide polysjemannen, mar hy makke syn sin net ôf. Herr Jansma wie frijhwat oerstjûr, folle de oare oan, of, oerstjûr wie winliken it wurd net, hy wie lulk, batsk, koart. Hy koe bêst flokke, knikte de eerste, en hy glimke myld.
Moarnier, seine hja en setten dêrmei dúdlik in punt efter ús petear, moarnier tsien ûre koe ik Herr Jansma opsykje en ik koe it sa lang meitsje as ik woe.
Moarnier, dat wie wol hwat in ôfdijer, hwant nou siet ik de
| |
| |
hiele joun fêst, hjir yn dit deade Leer. Hawar, de hotelkeamer dy't ik krige like der op, dat wie ien treast. Ik wie der ek al ridlik gau werom, nei't ik in kuijerke makke hie en hwat yn in kafé omhongen. Op bêd biklage ik mysels oer myn sentimintélens dy't my hjir brocht hie. Hwerom hat in minske sa gau birou oer syn goede dieden, bitocht ik, earder as oer syn minne. Of, en ik bisocht my yn it plak fan Jansma yn to tinken, soe dy nou oanfretten wurde fan selsforwyt? Ik bisocht de huver to fielen fan de tins immen formoarde to hawwen, mar it slagge net. Ynsté dêrfan kamen de wurden fan it krantebirjocht my foar de geast: ‘De hear J. wurdt derfan fortocht in prostitué fan 49 jier, Liselotte Ebner, formoarde to hawwen’. De namme Liselotte en it wurd ‘prostitué’ wurken sa troch alles hinne komyk, dat ik yn it tsjuster in grimas op myn antlit fielde.
Prostitué... soe Jansma tocht hawwe: Kom ik gean marris nei de prostitués? Hoe soed er dêr sitte? As ik ynkaem, hwat moast ik dan sizze: Dei Jansma, ik wie hjir yn 'e omkriten en ik tocht ik soe mar ris efkes by Jo sjen. Soe er net tinke dat ik út sensaesjesucht kaem, dat ik trochkringe woe yn dingen dêr't ik neat mei to meitsjen hie? Sa goed koe ik him op it lêst ek net. Hoe fielt immen him dy't finzen sit, dy't hwat dien hat, en der komt in oar sa nijsgjirrichwei ris om to sjen hoe't er it dêr docht efter de traljes? Hwat langer ik dêr oer prakkesearde, hwat ûnbihelpiger ik my fielde.
Mei lead yn 'e skuon stoep ik de oare moarns op 'e finzenis ta. Der wie al op my rekkene en dat joech efkes in forromme gefoel. Lykwols, doe't de lêste kaeijen foar my omdraeid waerden, fielde ik in frjemde, bitwongen panyk yn myn hiele lichem, mei dêrby de fage tins dat it net sasear om Jansma bigoun wie as foaral om my. Dat ik yn 'e fûke roun wie en dat ik Ljouwert net werom sjen soe. Rasioneel wist ik tagelyk dat dat ûnsin wie, dat der foar sok komplottearjen gjin inkelde oanlieding wie; mar it gefoel fan bidrige to wêzen wie der.
Jansma siet op in bankje. Hy heve de holle en even like syn gesicht ien en al ôfwizing. Doe riisde er rimpen oerein en der lei blidens op syn gesicht. ‘Godtank’, sei er - ‘ik bin bliid dat der immen komt. En ik bin bliid dat Jo it binne.’ ‘Dei, Jansma’, sei ik wylst wy fûstken, ‘wy kenne inoar wol net sa goed, mar ik kaem hjir lâns... Ik bidoel, ik moast nei Hamboarch sjoch, der wie hwat mei in wagon setierappels en doe hearde ik dat Jo... en ik koe myn lânsman hjir dochs samar net sitte litte.’ ‘Ik bin bliid dat Jo der binne’, sei er jitris, ‘hjir tusken dy idioate poepen... Nou ja, sa min binne
| |
| |
se net, mar stiif hen, gjin fantasy... wol harsens, mar gjin fantasy... Technisi, hja kinne goed masinen yninoar sette en dy bigripe se ek, mar minsken... in Fries... Hwat bin ik bliid. Skriuwe Jo noch wolris?’ ‘De ierappels...’, sei ik. ‘Hwat is der mei de ierappels?’ ‘Handel is net in spultsje fan kantoarûren, mei frije sneonen en snipperdagen... men komt net oan folle oars ta... ik wurkje nou mear oan de ûnderbou fan 'e kultuer.’ ‘Mar Jo hawwe skreaun.’ Hy sei it hastich en driuwend. Jo binne in skriuwer. Ien dy't net skriuwt, nammersto better.’ ‘Ik woe lansels ek freegje’, andere ik en ik fielde dat it nearne op sloech, ‘oft ik hwat foar Jo dwaen kin’. ‘Siz dou’, twong er, ‘dat is better. Hjir bin ik Herr Jànsma, bô. Wis kinne Jo hwat foar my dwaen - Jo kinne alles foar my dwaen, alles.’ ‘Siz dou’, sei ik. Dêr hied er op wachte grif, hwant fuortdaliks sei er: ‘Dou kinst my helpe, ik fiel it. Dou moatst it dy poepen oan it forstân bringe, dou kinst it. Ik wol hjir út. Dou leaust dy ûnsin dochs net, wol, dat ik dy hoer formoarde hawwe soe.’
Ik waerd kjel; de huver dy't de jouns to foaren net komme woe, doe't ik bisocht my yn to byldzjen hoe it fiele moast ien fan kant makke to hawwen, fielde ik nou, by dizze ûntkenning. Dat der in lyts gefoel fan opluchting bimongen wie yn de tizeboel fan emoasjes dy't troch my hinne giene, is wis, mar folle sterker wie it gefoel fan eangstme, fan skrik, wylst troch alles hinne de binearjende fraech troch my hinne trille: Forrifelet er my nou, ja ofte né?
‘Ik sjoch it al’, sei er en ik fielde my rekke troch de lytse skyn fan forachting, dy't faeks yn wierheit net iens yn syn eachopslach lei, ‘dou hast dyn ynljochtingen fan 'e polysje’. ‘Dat is sa, mar’, leach ik der op los, ‘al hoe moai dat forhael ek yninoar sit, it lit him net rymje mei dyn persoan. Ik bin dus binijd.’ ‘Dou hast gelyk’, sei er, ‘mar dat is op 't lêst subjektyf. It rimet nearne. It rimet objektyf ek net. Kenst Leer? Deader gat is der op ierde net to finen. En dêr, yn dat deade plak soe ien, ien út Ljouwert noch wol, in hoer deameitsje!? Dan moat men dochs fan alle ynsjoch forlitten wêze om soks tinke to kinnen, dan moat men... dan moat men...’ Hy socht krampeftich om de goede wurden... ‘dêr moat men poep foar wêze.’
‘Mar hwat diest dan yn 'e goedichheit yn Leer?’ frege ik, om't er swei. ‘Ja, hwat die ik der’, frege er nitelich. ‘Dat freegje ik mysels ek ôf. Mar ik wie der perfoarst net om nei de huorren to gean. Mar ik sil it dy fortelle. Ik sil it dy allegearre krekt fortelle en neat efterhâlde, hwant dou hellest my hjir út.’
| |
| |
Utdaegjend seach er my oan en doe't ik net gauwernôch andere sei er heal klaechlik: ‘Dou hellest my hjir dochs út, netwier?’ Ik knikte stom. ‘Hoe kaem ik yn Leer? Ik woe in deimannich rêstich fakânsje hâlde en ik tocht, ik stek in ein Dútsklân yn. En nou sit ik hjirre - men soe der hast om laitsje kinne as it net sa fordeald tryst wie. Ja, ik kaem troch Leer fansels en ik tocht mei myn stomme kop: lit my dêr ris oernachtsje. Ja, hwat wist ik op 't lêst fan Leer? Faeks hie de namme my warskôgje kinnen: leer bitsjut leech... liddich, is 't netwier? Mar ja, Shakespeare... Hastou wolris yn Schoonoord west? Né!? Dêr mist dan neat oan. Dou bigrypst wol hwat ik bidoel. Leer... Der binne fansels gâns oaren dy't ek wolris yn Leer bidarje, it leit fansels net allinne oan it plakje, it leit ek oan my. En ik tocht noch wol dat ik altiten sa hoeden en forsichtich wie. Nou is 't ek wer net goed. Nou haw ik myn hiele alibi om hals brocht.’ Ik seach him ris út 'e eachshoeken wei oan. De finzenis like net in bêste ynfloed to hawwen, oan dat brokkelige petear to hearren. Nou ja, hy hie altiten al hwat nuvers hawn, hwat spoeksjoch en mei in soad wurden ré blykber om dat spoek to forjeijen. Hy fielde, dat ik nei him seach en woe hwat sizze, mar ik wie him foar: ‘In alibi, foar... dit gefal?’ ‘In alibi as in hûs, as de Aldehou, sjochdêr. Mar ik haw it ôfbrutsen, omskopt, forrinnewearre. Nou kin ik dy stomme keardels net útlizze hwerom't ik dat dien haw. As ik it nou wer opbouwe wol, dan heart dat sa ûnearlik, dat it stjonkt. Dêrom moatstou it dwaen, dou kinst it har sa fortelle dat se it leauwe. Dat kinstou dwaen, ik net. Dêr't it forhael út is, dêr bigjint it winliken.
Ik haw al hiel hwat meimakke. Ik bidoel net hjirre, mar earder al. Jierren en jierren forlyn is my hwat oerkomd, dêr't ik noch altiten net oerhinne bin. Op in middei gie ik op sikebisyk by kunde fan my. En as hie dy der op wachte, dêr kaem er my mei in forhael foar 't ljocht dat er him oplûke koe oan in bêdkwast dy't der net wie. Dat forhael op himsels wie it slimste net, mar hy die it ek. Hy die it wier wier, mar doe mislearre der hwat en hy foel del - kroandea. Dou hast der faeks nea oer heard doedestiids, mar dou witst miskien dat der ek in fint west hat dy't der in forhael oer skreaun hat. Ja, de bêdkwast hjit dat forhael dat er skreaun hat. Skreaun... nou ja. Hy hat it fan my, it is my wier oerkomd en ik haw it him forteld. Hy hie it mar op to skriuwen, dat wie alles; mar sa'n ien is by my gjin skriuwer. Hwat ik sels net bistammerje koe - hoe forskuorrend my dat oangrypt hat, hoe troch alles en alles hinne biroerd ik der fan west haw - dat biskriuwt hy
| |
| |
ek net. Dêr't it forhael dt is dêr bigjint it winliken earst. Dou wist net heal hoe't men jin fielt as men soks meimeitsje moat. Dat men dingen sjocht dy't net gewoan binne, dy't net bistean kinne en dêr't men dochs mei eigen eagen tsjûge fan is. Dan tinkt men dat men sels net gewoan mear is, dan rekket men it stjûr oer jinsels kwyt.
Dêr kaem by: de polysje. Dat witst fansels ek net, mar hwat in lijen dat west hat! De earste kear, alhiel ûnder yndruk noch, fortelt men hwat men sjoen hat. Mar dan bigjint it en men krijt in fordomden opmiter as men ynienen foar it forstân hat dat men net leaud wurdt. Dat der twifel bistiet oan jins bidoelingen, oan jins earlikheit, oan jins forstannelike formogens. En de polysje mar sûge... en sûnder it to sizzen fan alles suggerearje. Doe't hja der op it lêst in ein oan makken en psychiater en polysje einlings ré wiene my mei frede to litten, fielde ik dochs blinderse goed dat hja net oertsjûge wiene, dat hja my net fortrouden. Fan dy gefolgen, dat ik mysels ek net mear fortroude. Dat is hwat skrikkeliks: jinsels net langer alhiel to fortrouwen, net to witten oft men jinsels wol fortrouwe kin. Nou kin in oar maklik tinke, mar dêr bist dochs sels by. Hwat is dat sels? As de polysje en de psychiater jin mistrouwe, dan fret dat troch... Boppedat is it op himsels net noflik to witten, dat men yn 'e gaten hâlden wurdt.
En nou ditte. Fansels, hja kinne neat biwize - om't der neat bard is, mar de feiten lizze hwat eigenaerdich. En hja binne hjir ûnderwylst fansels al folslein op 'e hichte brocht fan dat bêdkwastgefal... en tinke der harres fan. Mar moat ik dat potfordomme bilije?’ Fûl boarstte Jansma los. ‘Ik nim dit net. Ik nim it net, fordeald noch ta!’ Doe seach er my helpleas oan. ‘Hwerom’, frege er mei in lûd dat justjes trille, ‘hwerom moat ik der altyd by wêze? Der barre tûzenen nuverichheden yn 'e wrâld. Elts bilibbet wolris hwat, mar der komt fierders neat út fuort en hy giet oer ta de oarder fan de dei. Mar by my barre der ûngelokken en op 't lêst tinkt men - fielt men - dat it oan jinsels leit.’
Mei lange halen trêdde hy de sel op en del, in kear of trije, doe bleau er stean. ‘Ik hie dus dat trammelant hawn mei dy bêdkwast en ik wie och sa skruten en bang wurden. Bang foar de polysje, bang foar mysels en foaral bang foar nuvere dingen. Ik gie se út 'e wei, ik bisocht der bytroch to sjen, ik ûntkende se.’
‘Hwat foar nuvere dingen’, frege ik nettsjinsteande mysels.
‘Gewoan’, sei er koart, ‘gewoan lykas eltsenien nuverichheden hat en trochdocht oan in oar: Och, buorfrou, ik ha sa
| |
| |
frjemd dreamt fannacht, moatte Jo hearre... Of: nou haw ik dochs sahwat nuvers sjoen, tink dy ris yn... Dingen dêr't men fan seit: Hoe kin 't sa bryk, of: Hoe is 't mooglik! Mar ik soe soks nea mear sizze, tsjin net ien. De gewoanste dingen net iens. Seit Sibe de moarns: justerjoun seach ik sahwat nuvers. In greate fjûrbal; hawwe Jim dy ek sjoen? Hwat kin dat west hawwe? Sneu foar Sibe, mar net ien oars dy't it sjoen hie. Ik àl fansels, mar ik hâldde my stil. Sjoch, sa, op dy wize bidoel ik. Goed achtslaen op it gewoane en it bûtenwenstige sa gau mooglik forjitte. Nêst in pear jier wie ik yn Dimter, dêr't ik ûnder oaren in bidrach fan tûzen goune útbitelje moast oan in klant. Hy hie syn kantoar yn 'e stêd, mar hy wenne yn in lyts doarpke yn 'e omkriten. Ik kaem by him op kantoar en wy sieten in skoftke noflik to praten oer ditten en datten en doe helle ik de kwitânsje foar it ljocht. Mar hy seach op syn horloazje en sei: ‘Ik moat de fûgeltsjes fuorje’. ‘Ja’, sei ik, ‘mar tekenje nou even, dan krije Jo de sinten’. ‘Unmooglik’, sei er, ‘dy earme fûgeltsjes, dy moatte har gerak dochs hawwe. Ik moat fuort.’ Ik koe lipe of pipe, mar hy joech him hastich ôf. Hawar, ik haw doe earst myn oare boadskippen dien en doe tocht my, dat ik noch wol efkes by de man thús oangean koe. It wie ommers mar fiif kilometer bûten Dimter. Ik skille der efkes letter dus oan, mar der kaem neat. Ik miende lykwols dat ik hwat forwegen seach efteroan yn 'e gong, dat ik skille jitris. Doe gie de doar in lyts eintsje iepen, de man seach om 'e hoeke en sei: ‘Jo moatte fuortgean’. ‘Ja, mar soene Jo dy kwitânsje nou earst net efkes tekenje wolle?’ frege ik. ‘Unmooglik, minhear’, sei er. ‘Hwerom?’ woe ik witte. ‘Ik bin fierstofolle
oerstjûr’, sei er, ‘myn frou is siik’. Dus frege ik hoe't it wie en sa, ik frege it tige freonlik, mar hy sei: ‘Leauwe Jo my net?’ ‘Wis al’, andere ik, mar dat wie him net genôch en hy sei senuweftich: ‘Kom der efkes yn, dan kinne Jo Jo oertsjûgje’. En al hoe't ik der tsjin yn lei en sei dat dat neat úthelle en dat ik bigreatsjen mei him hie en dat wy letter de jildsaken wol regelje soene, it joech allegearre neat. Ik wie sa goed net of ik moast der ynkomme. Hy gie my foar troch de gong. Ynienen bleau er stean, lei de finger op 'e lippen en lústere: ‘Hja is och sa siik: 38.3’. Doe fierde er mei in greate hael de doar iepen en dêr wie in húskeamer, dêr't twa bêdden yn stiene, net njonkeninoar, mar heaks opinoar mei in meter tuskenromte. Op beide bêdden lei ien; hja kearden de holle ôf doe't de doar opgie, dat ik koe inkeld oan de greate bosken hier dy't op it kjessen leine sjen dat it froulju wiene. ‘Sjogge Jo it’, sei er, net langer lústerjend, ‘ik bin senuweftich: 38.3’.
| |
| |
Nou', bisleat Jansma, ‘ik wie gau de doar wer út. In nuver forhael, n'twier. Wis, mar it nuverste is faeks myn eigen réaksje dêrop. In oar soe lichtwol frege hawwe: hokker fan dy beide is nou Jou frou, of sokssahwat. Mar ik net. Ik wie bliid dat ik fuort wie. Oan myn baes haw ik it nea forteld - Jo binne de earste dy't it heart. Ik haw sein dat ik him net treffe kinnen hie en ik haw der letter ek nea wer hwat fan heard, dat de baes hat it letter grif normael ôfdwaen kinnen. Mar in wike lang haw ik gjin krante ynsjoen, om't ik bang wie dat der hwat yn stean soe dat mei dy man to meitsjen hie. It is al wer in pear jier forlyn, mar de man sit noch gewoan by ús yn 'e kaertebak, dat hy hat grif net gek west, lyk as ik earst tocht. Mar, dy deale, ik bin sels likemin gek, dat fiel ik, allinne ik swij leaver oer alles dat bûtenwênstich is.’
‘Dêr kin ik ynkomme’, sei ik en it wie my tinken. Yn Jansma syn plak soe ik grif ek efterhâldend wurden wêze, like my ta.
‘Mienst dat?’ frege er optein en wylst ik swijend tastimde, foege er dêroan ta: ‘Dan komt alles goed. Nou wit ik it foarfêst! Ik sil dy de hiele saek fortelle. Sjoch, ik wie hjir yn Leer oankommen, de jouns om healwei njoggenen, hie in ûnderkommen socht en in stikje iten en doe dangele ik de stêd yn. Dou bigrypst hoe't my dat ôffoel. Hearkes, hwat in deade stêd. En dêr soe ik sa'n dweilstik formoarde hawwe... healwiis praet!’ Jansma makke net dúdlik hwer't dat lêste krekt op doelde, mar forfolge: ‘In bihoarlik kafé wie der net en boppedat wie alve ûre de slutingstiid, dat ik frege op strjitte dizze en jinge ris oft der ek noch de iene of oare nachtkroech wie.’
‘Hoe hast dat frege?’ woe ik witte, hwant de wurden fan de polysje kamen my wer foar de geast. Jansma seach hwat forlegen. ‘Ja’, sei er ûntskuldigjend, myn Dútsk is net sa bjuster, dat wit ik ek wol. Fuort dan mar, ik frege: ‘Gibt es ein gewisses Nachtleben yn Leer?’ Mei't er seach dat ik in glimke net binefter hâlde koe, sei er op in toan fan forwar: ‘Se bigriepen my blinderse skoan, dêr hoechst net binaud foar to wêzen. Dat even letter siet ik yn it Lido. Dêr sloech in fint op 'e piano om, der wiene in pear froulju dy't bleater liken as dat se wiene en de drankjes wiene rottekrûddjûr. Earst siet ik hwat by de foar en hwat letter siet ik by in taffeltsje mei in frommes, dêr't it alderjongste al frijhwat ôf wie, mar dêrom net ûnsjoch en gâns minder ordinair as de twa skynneakene ijochte. Ik siet wol aerdich mei har to praten, ik streake har ris oer 'e knibbel en hja joech my in tútsje op 'e groede dy't ik hjir op 'e holle haw. Sjoch, hjirre’, wiisde
| |
| |
Jansma oan, ‘fan in sniebal mei in stien der yn. Dat fortelde ik har ek en hja joech der noch in tútsje op, mar doe harde it. ‘Sjoch’, sei hja en hja tilde har rok oan ien kant op, dat ik har skonk oan 'e mul ta sjen koe en hja strûpte har hoas del. In greate, mar moai hele groede kaem to sjen. Ik moat sizze dy skonk - net dy groede - die my wol hwat en sadwaende dat har forhael my pûrrazen en biskamme makke. Dy groede hie hja oproun yn 'e oarloch, yn Rotterdam, fortelde hja en doe kaem it. ‘Aber ich bin nicht mehr böse darum.’ ‘Wol dou fize grize mûs’, raesde ik tsjin har, ‘skammest dy net? Ljidske datst bist!’ en ik sloech mei de fûst op 'e tafel. Der foel in romer om, it fanke stoarre my mei in pear griene eagen oan - ik suffert hie net earder sjoen dat dy grien wiene - en doe kaem hja fanwegen. As in fiskteef. In Dútske fiskteef dan, dat ik wist net better to dwaen as ris helderop to flokken. Der wie gjin wurd Frânsk by en ek gjin wurd Dútsk!! Mar dy keardel ut it buffet stie al njonken my en frege oft ik mar opmiterje woe. Bitelje en derút en oars... Ik seach it wol, der stiene noch in pear fan dy knapen ré, nou, ik woe neat leaver as fuort. Ik smiet in pear marken op tafel en loek de doar mei in hoart ticht.
Nuver, mar op itselde stuit saksearre myn lilkens. Ik roun in ein om, tocht nochris kalm oer de saek nei en foun mysels winliken mar in healwizeling. Likegoed, hoe frjemd dat ek lykje mei, wie ik bliid dat ik sa réagearre hie. Mar fuort letter waerd ik ek wol wer in bytsje nitelich, doe't ik fornaem dat ik dochs yn in biskaet opsicht de poarte fan it paradys efter my tichtslein hie. Hwant Leer is wol sa dea, dat dat Lido it iennichste plak is dêr't in minske nei tolven noch wolkom is. Mar ik wie yn Leer om my to formeitsjen, hâldde ik mysels foar, dat leaver as fuortdaliks op bêd to gean kuijere ik noch hwat troch de stêd. Oeral like it tsjuster en deadsk. Ik bisocht de breedste en ljochtste strjitten hwat oan to hâlden en sa bidarre ik yn dy strjitte, dêr't ik nou noch net de namme fan wit, al haw ik him heard fan de polysje.
It wie in lange strjitte. Ik hearde mysels fredich trêdzjen troch de nacht. Mar ynienen seach ik hwat oankommen. Hwat nuvers. Ynstinktyf stapte ik fansiden, yn in portyk en seach it spul ris oan.
It wiene manlju. De foarste, breed yn 'e skouders, hie in greate keep om, dêr't er - foar him út - hwat ûnder forburgen hâldde. Hy roun mei langsume, steatlike stappen en seach rjocht foar him út. In trije meter derefter kaem nûmer twa, in keardel fan wol in pear meter, mei de hannen op 'e rêch,
| |
| |
de holle foardel en yn 'e pas mei de earste. En dêrefter, op hieltyd likernôch deselde distânsje, kaem noch ien, de earmen oerinoar foar it boarst en noch ien, hwat in âldere keardel dizkear, mei de hannen slop by it liif del. Hja panderen stil troch, sûnder op of om to sjen.
Nou, dat wie it', sei Jansma ynienen hwat lûder en dêrút fornaem ik dat syn stimme ûnder it fortellen wei hwat in dimmener, plechtiger lûd krigen hie.
Hy seach my lyk oan. ‘Nuver nou’, sei er en al klonk it net as in fraech, ik sei dochs: ‘Ja, frjemd. En hast dat wier sjoen?’ It lêste wie derút, ear't ik der erch yn hie. Hy wachte even mei syn andert, ‘Ja’, sei er doe, ‘dat haw ik wier sjoen, mar ik bin bliid mei dyn fraech. It is sa healwiis as it mar kin, dat ik nou soks wer treffe moast en noch wol yn dat deade Leer. It is hwat om it fuortdaliks oan kunde en freonen to fortellen en dus eat dêr't ik fan wist dat ik it oan nimmen forhelje soe. Dat haw ik ek net dien. En dêrom sit ik hjir nou.’
‘Dêrom?’
‘Ja. Doe't hja goed en wol foarby wiene gie ik ek wer fierder en doe't ik sahwat dy strjitte út wie, kaem der mei barstend gewelt in auto oanfleanen. Der siet polysje yn en dy hie my doe fuortdalik by it jak. Né, se wiene och sa fatsoenlik hear en ik waerd ynearsten ek nearne fan biskuldige, mar der waerd my frege hwer't ik weikaem en oft ik ek hwat bisûnders fornommen hie yn 'e strjitte. Op dat lêste sei ik né fansels en by eintsjebislút waerd ik freonlik útnoege om mei to gean nei it buro. Net as finzene, alhiel net, as tsjûge. Op it buro wie it earst ek allegearre bêst - ik krige in kop kofje en sigaretten, mar ik hie gelokkich myn eigen - en letter fregen hja oft ik wol even wachtsje woe. Nou, en doe kaem der wer allerhande fregerij en doe jitris wachtsje. En doe op 't lêst krige ik foar 't forstân dat hja it har yn 'e plasse set hiene dat ik wolris de man wêze koe dy't dy hoer formoarde hie. Nou fortel ik dy dit tige bigryplik, mar it wie in hiele tizeboel ear't ik dêrefter wie.’ Jansma lake efkes skril. ‘Doe't hja oer dat frommis bigounen, tocht ik dat hja it hiene oer dat fanke ut 'e bar. Ik gniisde harren út en sei dat ik it minske allinne mar útflokt hie, nou, en om dat letter, as it ta jins stomme kop trochkrongen is, dat it oer in oar giet, allegearre wer yn it lyk to breidzjen - en dat yn dat forrekte poepsk, dat falt net in soad ta.
Sa haw ik nou neigeraden foar 't forstân krige dat dy nuvere optocht winliken myn alibi wie, dat ik nou sels ôfbrutsen hie. Letter, to let, haw ik noch wol sein dat ik dy keardels al sjoen
| |
| |
hie, mar dan seit it neat mear, nou. Dan jowt dat allegearre neat mear en ik kin dy Dútskers út noch yn net oan it forstân bringe hwat ik dy nou àl útlein haw: hwerom't ik sa wol dwaen moast, hwerom't ik twongen waerd - fan binnen út - om dat nuvere spul to forswijen. Mar dou moatst it harren fortelle, jonge, dat moatstou foar my dwaen. En dou moatst it goed dwaen, se moatte dy leauwe...’
Oft se my leauden, dat wit ik net. Mar ik droech myn saek goed foar, better as iksels tocht hie. Ut 'e finzenis wei hie ik it hotel opsocht, hie myn iten op 'e keamer bringe litten en ik skreau de hiele boel op. Yn it Dútsk, sa goed as ik it mar koe. Ik wie fan doel de saek even yn to lieden en dan it stik to oerhandigjen, hwant Dútsk op papier wie altiten noch makliker as mounling. Mar doe't ik ienkear los wie, waerd de geast oer my feardich en ik bipleite, better as op papier bard wie, Jansma syn saek.
‘It kin wol wêze’, sei de man dy't ik nou mar de kommissaris neame sil en dy't my mei hoaske bilangstelling oanheard hie, ‘it kin wol wêze dat der wierheit sit yn hwat Jo sizze. En ik hoopje dat Jou lânsman der foar de rjochtbank sukses mei hat. Ik leau lykwols net dat ús in oare kar oerbliuwt.’
Ik moat der wol slim forslein útsjoen hawwe, hwant de kommissaris joech him wakker muoite om my de saek nochris hielendal út to lizzen. ‘Der is in frou formoarde’, sei er, ‘Liselotte Ebner, en wy witte moai krekt hwannear. Hja, it wie in frommis fan lichte seden, hja hie in klant, dat wist har buorfrou... net yn 't fak, mar kaertlizster. Hja wie dy nachts noch let op en hja soe Liselotte noch even op in kopke kofje freegje. Op in stuit heart hja de doar tichtslaen en wit dus dat de klant fuortgiet; hja sjocht ta it finster út - ljocht hat hja net yn 'e foarkeamer - en sjocht net de man, om't hja net rjocht nei ûnderen sjen kin, mar hja sjocht al oan 'e oare kant fan de strjitte in bjusterbaerlike optocht fan in stikmannich manlju, dy't in soarte fan stille omgong lykje to meitsjen. Hja stiet der net lang nei to sjen, mar giet fuort nei har buorfrou, mei de baernende fraech op 'e lippen oft dy dat ek sjoen hat. Gelegenheit om dy fraech to stellen kriget hja lykwols net, hwant ta har skrik en, ik leau earlik fortriet, blykt Liselotte dea to wêzen. Formoarde blykber troch de klant, dy't krekt ta de doar út is. “Wraek!” giet it troch har hinne en hja skillet fuort de polysje, oars grif net har bêste freonen. “Fluch”, raest hja, “hy kin noch mar skraech de strjitte út wêze.” Fuortdaliks fege der twa bimande auto's út, elts nei
| |
| |
in útein fan de strjitte, dy, al liket er aerdich lang, fierders gjin sydstrjitten hat. Oan 'e iene ein heine de aginten Jou lânsman op, oan 'e oare ein neat. Mar ûnderweis hawwe de mannen in glimpke sjoen fan in pear steatlik geande mânlju. Jo bigripe it: it wie deselde stille omgong. Dy waerd ek opheind en dan moat der dit noch by sein wurde: der wie fierders yn de hiele omkriten nimmen op in paed - Leer is in stille stêd, sjoch.
Dy manlju wiene dus ús fornaemste tsjûgen, of mooglik siet der ek de dieder by. Herr Jansma forklearre dat er neat sjoen hie, wylst er de hiele strjitte trochkommen wie. De stille omgongers forklearren itselde. Foarlopich resultaet remise.
“Bigripe Jo”, sei de kommissaris', wy binne wier net bigoun mei Jou lânsman to fortinken. Krekt oarsom, dy nuvere optocht like gâns fortochter. Mar de forklearring dy't hja joegen koe oan alle kanten bifêstige wurde. It gie om in weddenskip: oft hja, op dizze wize troch de stêd tsjende, ek fan de polysje oanhâlden wurde soene, ja ofte né. It gie om in aerdich bidrach, hwant it wiene nochal foaroansteande lju. Dêr sil nou ek noch wol in saek fan komme, hwant hja binne it net iens. Wy binne wol oanhâlden, sizze hja, mar dat is tafal, dat hinget hielendal net gear mei de opset fan ús weddenskip. Hawar, dat sykje sy mar út. Wichtich foar ús wie dat alles op papier stie, de route ek, en dat wy dat allegearre krekt neigean koene. En Jo witte net heal hoefolle tsjûgen dat forhael wier meitsje kinne. Leer liket sa dea by nacht, alles sliept soe men sizze. En dan wol it jin hast net oan hoefolle lju dy dwaze optocht sjoen hawwe en hoefolle in eigen forklearring dêrfoar hiene. Jehovah Tsjûgen, dat wie hwat de measten tochten, dêr't al wer út blykt hoe gau lju in forklearring hawwe - hwant nimmen dy't ea soks fan de Jehovah Tsûgen wier sjoen hat.
Ek yn de strjitte hawwe wy, bihalve it tsjûgenis fan 'e kaertlizster, noch twa oare. Tsjûgen dy't de omgong sjoen hiene. Ien fan 'e iene ein en ien fan 'e oare ein, dat hwat wol men noch mear? Hja kinne it ûnmooglik west hawwe.
Mar foar Jou lânsman is it fatael dat hy se net sjoen hat. Dat kin inkeld as er net, lykas syn forklearring is, de strjitte gewoan trochroun is, mar him earne yn in hûs ophâlden hat. Nou wit ús freondinne, de kaertlizster, perfoarst dat der immen by Liselotte Ebner west hat en dat dy flak foardat hja ús skille, it hûs forlitten hat. Dy twa feiten byinoar wize mei greate wissichheit op Herr Jansma as de dieder. Hy hat net bikend, dat is wier, wy witte fan gjin motyf, ek wier. Mar wy witte al, dat er earder op 'e joun, om neat, trammelant hawn
| |
| |
hat mei in fanke út in bar. In motyf liket dêrom net sa needsaeklik om dochs ta in greate mjitte fan wierskynlikens to kommen.’
‘Mar kin dy kaertlizster sels net’, bigoun ik, mar de kommissaris kaem der fuortdaliks tusken. ‘Dy kant hawwe wy fansels ek ‘ndersocht. Wy fan 'e polysje binne altiten de ûnbitrousume kant neist. Mar ús patholooch-anatoom is sa wis fan de saek, dat wy dêr wol ôfsjen kinne. Né, jitris, it muoit my, mar alles wiist op Jou lânsman.’
‘Mar’, stammere ik, ‘ik haw Jo dochs útlein hoe't Herr Jansma der ta kommen is om to swijen oer hwat er seach dêr yn dy strjitte.’
‘Wis’, sei de kommissaris myld, en Jo hawwe dat boppestbêst dien. Jo soene my ek oertsjûge hawwe as ik: ien: al net witten hie út Ljouwert, hwat Jo my forteld hawwe oer dy levitaesje-skiednis; twa: dit forhael heard hie, foardat - ik jow ta, troch ûnforsichtigens fan ús kant - oan Jansma dúdlik wurden wie hwat er foar bisûnders sjen kinnen hie yn 'e strjitte; trije: ik net ynseach dat der gâns forskeel is tusken it bywenjen fan bygelyks it feit dat ien him oplûkt oan in kwast, dy't der net is, of it troch de strjitte panderjen fan trije maniju dy't der al binne. It is beide nuver, dat jow ik ta, mar it iene is hwat Shakespeare neame soe ‘most strange en unnaturel’, it oare ‘quaint business'.’
Ik fielde hoe't ik ynienen de kommissaris gâns minder lije mocht: om't ik net hâld fan Dútskers dy't Shakespeare sitearje, om't ik neat op haw mei polysjemannen mei fortoan fan kultuer en foaral... ja, dat foaral, om't er sa allemachtich gelyk hie. De kommissaris seach my oan. Faeks rette hy hwat der yn my omgie, of hie der alteast aen fan. Hoe dan ek, hy foege noch rêstich oan syn wurden ta: fjouwer is, dat ik folslein oertsjûge bin, ek sûnder ien oant en mei trije, as Jo my de wiere dieder - dy't der dochs neffens Jo wêze moat - oanwize.’
Ik wist dat ik forlern hie, mar faeks dêrtroch wie it dat ik o sa kalm sei: ‘Goed, mynhear de kommissaris. Mar mei ik fan Jo de nammen fan de ûnderskate tsjûgen en mei ik harren nochris freegje hwat hja krekt sjoen hawwe?’
Hy loek in djippe tear yn 'e foarholle en dêrom pleite ik: ‘Dat kin dochs gjin kwea. Ik sil harren neat ynstekke, ik sil se net omkeapje, mar ik wol, nou't ik Jo net oertsjûgje kin, graech sels oertsjûge wurde. Ik moat witte, hwer't ik mei myn freon oan ta bin.’
It wie de earste kear dat ik dy oantsjutting brokte; ik réalisearre it my mei in skok. Oant nou ta hie ik it hieltyd hawn
| |
| |
oer myn lânsman. oer Herr Jansma, oer dy kunde fan my. It wie der út en ik f'elde opslach dat it wier wie. Hy wie myn freon, hy hie my alles forteld, hy yn syn need, hy siet yn in Dútske finzenis...
‘Doch it mar, mynhear de kommissaris’, sei ik heas.
‘Fuort dan mar’, sei dy en Loek oan 'e skouders. Hy die eat dat er winliken net dwaen woe, dat fielde ik, net dwaen koe... Mar mei dy biweging skoude er in stikje Dútske kollektive skuld fan him ôf, al wie it dan troch middel fan twa net alhiel tarekkenbere Nederlanners. Faeks wie dat it hwat de trochslach joech: wy wiene healwizelingen, simpele geasten, debilen winliken, en dêr fielt men jin altyd it meast by yn 'e skuld.
Ik krige in listke mei nammen en adressen en naem och sa fatsoenlik ôfskie fan de kommissaris. Ik gie lykwols net fuortdaliks oan it wurk, mar gie nei myn hotel, dêr't ik langút op bêd lizzen gie. It doel wie myn tinzen hwat to oarderjen, mar ik brocht it ynearsten net fierder as sigaretsmoken.
Doe't ik op 't lêst rêstich de reek efternei stoarje koe, liet ik it petear mei Jansma nochris yn my omgean en doe ek dat mei de kommissaris. Syn punten neamde ik nochris op: punt ien, punt twa, punt trije. En mear as dy: punt fjouwer. Shakespeare sitearje, fordoarje. Fjouwer, de dieder leverje, dat wie in útdaging. Ik fielde my ynienen hiel licht yn 'e holle, in bytsje dwyl, ik socht om hâldfêst. En doe ynienen hie ik hâldfêst, wist ik hwer't de oplossing lei. Né, kalm bliuwe, hâldde ik mysels foar: hwer't de mooglikheit foar de oplossing lei.
Even letter brocht in taksi my de stêd troch, fan de iene nei de oare. Net oeral hie ik súkses, dat hie ik ek net forwachte, mar ik hie súkses. Mear sels as ik forwachte hie, hwant ek mei de helte hie ik al tofreden west.
De jouns kertier oer njoggenen skille ik de kommissaris op. ‘Mei ik noch wol efkes by Jo komme?’ frege ik. ‘Is dat nou wol nedich?’ frege er wurch. ‘Ik leau it wol, mynhear de kommissaris’, sei ik sa effen mooglik, ‘ik haw him.’ ‘Hwat hawwe Jo’, klonk it ûngeduldich. ‘De dieder’, sei ik, ‘mei namme en adres.’ ‘O’, hearde ik louwich oan de oare kant, ‘oh, krekt... Nou hawar, kom dan mar op it buro’, sei er der birêstend efteroan. ‘Dan ryd ik dêr ek hinne.’
Hy siet hwat mei in sulveren potleadtsje to tyspeljen doe't ik by him kaem. ‘Dus Jo hawwe him’, sei er rêstich en ik biwûndere him suver, dat er it sûnder irony wist to sizzen. Ik hie him folslein forjown, fielde ik: dizze man hie it rjocht Shakespeare to sitearjen en syn aksint yn it Ingelsk foel net iens ôf - grif kriichsfinzen west, skeat my troch de holle.
| |
| |
‘Moat ik Jo earst de namme neame’, biandere ik him mei in tsjinfraech, ‘of moat ik earst fortelle hoe't ik derefter kommen bin?’ ‘Dat earst mar’, sei de kommissaris en ik seach dat der dochs eat fan bilangstelling bigoun to ljochtsjen yn syn each.
‘Jou redenearring siet prachtich yninoar’, bigoun ik, ‘en it is neat gjin wnder dat Jo Jo forsind hawwe, mar it wie foar my nou ienris makliker, om't ik myn freon fortroude. Earst ek net ienris alhiel, mar wol doe't ik him myn freon neamde - dat momint sil Jo net ûntgien wêze. Fierders binne Jo it sels dy't my op it goede spoar brocht hawwe mei Jou opsomming fan punten. Dat, en foaral punt fjouwer mealde my mar yn 'e holle om, oant ynienen in wûndere diskrepânsje my frappearre: Jo hiene it oer trije stille omgongers en myn freon hie it oer fjouwer. En sjoch, de widdou Stubenrauch, op nûmer 7 jowt Jo gelyk, mar juffer Zimmerman op 216 hat ek fjouwer sjoen. En as Jou aginten efkes earder oan 'e ein fan 'e strjitte west hiene, dan hiene hja ek fjouwer sjoen en de foarste trije soene dan grif nuver opsjoen hawwe dat der noch in fjirde man by wie, hwant dy wie der ûngemurken by kommen. Hja wiene fierstofolle fordjippe yn har eigen opfiering. Myn freon hie de efterste biskreaun as in dûbeld mantsje mei in snor. As hy gelyk hie en as ik gelyk hie mei myn forûnderstelling dat dy man him oansletten hie om net op to fallen, moast der dus in punt wêze dêr't er út 'e rige stapt wie. Ik haw de situaesje goed bisjoen en it is dúdlik, dat doe't de oaren lofts oanhâldden, hy de Charlottenstrasse ynstutsen wie. Ik haw dus de trije hearen frege oft hja ek immen rinnen sjoen hiene yn de Charlottenstrasse, en ja, ien fan harren - de efterste, en dat is fansels net alhiel tafallich - hie yn dy strjitte in man rinnen sjoen. Hy hie noch by himsels tocht: is dat Herr Romme net dy't dêr giet? Dy is ek let op in paed, mar foar sa'n âld roué is dat ek al wer net sà frjemd. Hy hie fansels de man allinne mar op 'e rêch sjoen, mar om't ik my fortellen litten haw dat Herr Romme in snor hat, meitsje ik my like sterk as Jo fan 'e middei, dat ik de
dieder haw: Herr Adolf Romme, Auerstrasse 17.
Hjir hawwe Jo de forklearringen fan de tsjûgen, swart op wyt.’ Ik smiet de papieren foar him op tafel del, de kommissaris fleach se troch, skille, joech oarders en felisitearre my.
Om healwei tolven wie Jansma frij en kuijeren wy togearre nei it hotel. Dochs is it in deade stêd, seine wy tsjin inoar. ‘Mar, jandory noch ta, es gibt ein gewisses Nachtleben hier.’
|
|