De Tsjerne. Jaargang 16
(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 219]
| |
Durk van der Ploeg:
| |
[pagina 220]
| |
It boek yn ús tiid is fan ambachtlik kunstwurk dégradearre ta in steryl massaprodukt, dat neffens skema rémakke wurdt. Dat skema moat foldwaen oan de easken fan de lêzer en de letterfretter, dy't oer alle kunstsinnich formogen fan de grafisi hinne lêst, omt de tekst troch har meidieling en yntrigue mear seit as de artistisiteit fan de boekûntwerper. Troch de ieuwen hinne is der aloan socht om in forantwurde foarm fan it boek. En binammen de architektuer en skilderkunst hawwe dizze foarmen bipaeld. De renaissance brocht in sletten pagina-yllustraesje, neffens romeinske foarbylden, dêrnei in iepene en frije foarm fan humanistyske opfetting. Barok, roccoco, romantyk, kubisme, jugendstil en neo-elzevier-styl, om mar in stikmannich to neamen, hawwe de typografy yn har klassike foarmen hinne en wer slein en nei trije ieuwen oan de symmetry ûntwraksele. Yn dizze ûntwikkeling sjocht men hyltyd wer dat der socht waerd om fornijing, troch barokke oerlading of om forienfâldiging en lêsberens, om in klassike skientme yn karakterisearring en typearring fan letters en ornamintyk. Binammen de bilettering fan it boek wiist stees werom nei de klassike modellen fan ûnderskate âlde romeinfoarmenGa naar voetnoot1) fan Claude Garamond, Adolph Rusch, Nicolas Jenson en Aldus Manutius. Ek al is de typografy fan in âld ambacht útgroeid ta in moderne yndustry, dy't wol it foarbyld neamd wurde mei fan de fierst foardere massaproduksje, it prinsipe bliuwt gelyk, hwant in boek is in ding om to lêzen en oan dy lêsberens moatte De kaertlizzer fan Hjerre Gjerrits van der Veen en de bibliofile útjefte fan Toer en tsjerke fan E.B. Folkertsma, beide foldwaen.
Foar in oersjoch oer en in ynsjoch yn hwat de uterlike forsoarging fan it Fryske boek oanbilanget, hoecht men net sa fier yn de typografyske skiednis tobek, omt de produksje fan it Fryske boek winliken pas nei 1840 op gong kommen is. Hwat foar dy tiid printe waerd mei histoarysk fan greate typografyske bitsjutting wêze, it biheind tal útjeften dat oer ryklik trije ieuwen forspraet leit hat gjin kontinuearjende ûntjowing en in skôging fan dit wurk ferget in wiidweidich histoarysk ûndersyk, dat binammen ek basearre wurde moat op de wurdearring fan in eigentiidske typografy. It wurk hat lykwols ek to ynsidinteel west om in eigen karakter to krijen. | |
[pagina 221]
| |
Nei alle wierskynlikens is yn 1466 to Dokkum al de earste Fryske ynkunabel ûntstien mei de earste printinge fan de Fryske wetten en it Fryske lânrjochtGa naar voetnoot1). In oare printinge is bikend út 1484, dy't nei alle gedachten to Ljouwert printe is troch Hidde Cammingha, al wurdt dit wurk ek wol taskreaun oan de Huzumer pastoar Hildebrand Goffredus a DoengieterpoGa naar voetnoot2). Dizze ynkunabel, dêr't noch in stikmannich eksimplaren fan biwarre bleaun binne, ûntstie sa likernôch fyftich jier nei it útfinen fan de printkunst troch Laurens Jansz. Coster of Johann Gutenberg - de learden binne it der noch net oer iens -, like in skoan ûnthjit foar de Fryske typografy. Nei dy tiid ûntsteane der nije printingen fan de wetten en lânrjochten, mar nei 1500 komt der folle mear fan it Frysk toflechte. De útjeften forskine foar it greatste part yn it Nederlânsk en yn it Latyn, lykas skiedkundige wurken, placaat- en charterboeken, Fryske wetten yn Nederlânske oersetting mei taljochtingen, echtzangen, dissertaesjes, heil- en zegenwensen ensfh. En dêrnjonken de dichtwurken fan Gysbert Japicx, J.J. Starter en in stikmannich toanielwurkjesGa naar voetnoot3). Wichtige printers út de sawntjinde en achttjinde ieu wiene binammen Jan Boudewijns, Hendrik Amama, Arent Jelmers en Gulielmi Coulon, allegear to Frjentsjer; Willem Coulon, Dirck Alberts, Sydtse Rinnerts en Tobias van Dessel to Ljouwert; H. Groenja to Dokkum; Folkert van der Plaats to Harns, dy't, lykas ek de Frjentsjerter printer Jacob Brouwer, it wurk fan Jan Althuysen útjown hat; Samuel van Haringhouck to Boalsert, dy't de earste printinge fan Gysbert Japicx' Friesche Rymlerye útjown hat yn 1668.
Yn it tiidrek 1800-1840 wie it yn haedsaek it wurk fan de Halbertsma's, dy't harren wurk lykwols ek noch foar it greatste part om utens printsje lieten by Jan de Lange to Dimter en de bruorren Hoitsema to Grins. It wiene, njonken it wurk fan de bruorren Halbertsma, bondelingen fan omstikken en sydstikken, dichterlike mingelingen en pretinsjeleaze oerprintsels. | |
[pagina 222]
| |
It wiene mar och sokke biheinde boekwurkjes, dy't somstiden mear hiene fan in struibledtsje as fan in boekje. It greatste part fan dizze jeften bleau ûnder it tal fan sechstjin siden, itjinge men net mear kwalifisearje mei as boekwurk. It wurk wie nammers ek amper fan typografyske bitsjutting. Dêr komt noch by dat guon útjeften slim ûneachlike formaten hiene, lykas de foarste útjefte fan De Lapekoer fan Gabe Skroar fan de bruorren Halbertsma, yn 1822 printe by Jan de Lange to Dimter. It is in boekje fan 36 siden dat 12½ × 10½ sintimeter ôfmjit. De trochstrings lytse omfang fan it manuskript makke it nedich in lyts formaet to nimmen, oars soe it foar boekutjefte op in to leech tal bledsiden komme om represintatyf to wêzen. De twade printinge fan De Lapekoer is gâns útwreide en hat 257 siden op in greater formaat, de tredde printinge hat 488 pagina's. Dit boekwurk hat yn de foarste helte fan de njoggentjinde ieu fan de greatste bitjutting west. It forskinen fan in frysk boek - hwat men doedestiids alteast neffens fryske bigripen ridlikerwize ûnder in boek forstean mocht - wie oant 1850 ta in seldsumheit, dy't to witen is oan in ûnproduktyf folk, dat mear nutsprekers as skriuwers fuortbrocht hie, tige moralisearje koe, mar earm wie oan kunstners dy't eigen tael en formidden kréatyf forwurklikje koene. Dêrta moast earst yn 1844 it Seiskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse oprjochte wurde, dat guon aktivearre ta skriuwen en oaren oantrune ta striidfeardigens. Under ynfloed fan dizze biweging, dy't de ûntwikkeling fan tael- en skriftkunde foaropstelde, kaem der nij fjûr ûnder de pôt. Der kamen nije skriuwers oan it wurd. It Selskip skreau priisfragen út foar forheljend proaza en frege yn har biheinde rounte gâns bilangstelling foar de útjeften dy't in nije bloei foar de biweging èn it Fryske folk mooglik meitsje soene. It forskinen fan elk boek waerd oankundige as in great en wichtich barren, dat linkendewei mear en mear omtinken frege, al wie it dan ek yn haedsaek foar in lytse, warbere rounte fan lêzers en idéalisten, dy't foar it greatste part bistie út biwegingslju, foarsafier't der alteast biwust in biweging libbe of libje koe. Der waerd by it forskinen fan in boek net yn it foarste plak sjoen nei it uterlik foarkommen fan omslach en titelpagina. De útjowers waerden net ferge op in bûtengewoan great kunstnersformogen en fakkennis; it gyng yn it foarste plak om lêsstof yn de eigen tael ta stimulearring fan in groeijend idéalisme en forwurkliking fan in stribjen om to kommen ta in rige folksaerdige útjeften dy't bouden en útbouden oan de kennis en forbylding fan in - hwat tael oanbilange - him minderwear- | |
[pagina 223]
| |
dich fielend folk, dat foar it greatste part noch frysk analfabeet wie en op eigen taelbisit en -formidden delseach.
De Fryske typografy wie yn de twade helte fan de foarige ieu net yn it foarste plak in artistyk ekspearimint. Dat mocht lykwols ek net forwachte wurde fan in typografy dy't yn it bigjin fan syn ûntwikkeling stie, al wie der paedwizend materiael genôch. Yn Hollân waerden yn dy tiden tige knappe prestaesjes levere op it gebiet fan de boekforsoarging. Utjeften lykas De NederlandenGa naar voetnoot1) mei gravueres fan Henry Brown; Bijbels MagazijnGa naar voetnoot2) en De PortefeuilleGa naar voetnoot3), bihearre mei ta it bêste wurk dat der yn Europa printe waerd. Navenant wie de typografyske forsoarging fan it boek yn Fryslân earder sober en ûnwis; to skruten of to dryst, wilens it yn letter jierren tofolle fuortboude op tradysjes, alhoewol de tiid en de typografy wol de romte jown hawwe ta it bisykjen fan hwat nijs. Mooglik hat de fraech nei lêsstof tofolle op 'e foargroun stien en moasten de útjeften foar de leechste priis oan de merk komme. Nei alle gedachten hat it kréearjen ta hwat bûtenwenstichs yn nije flakfordielingen en paginakonstruksje net yn it Fryske printersaerd lein. It wurk út dat earste tiidrek skaeit suver út nei ynbannigens en warberens, mar koe tige selden in stilearre en kunstsinnich wurk opbringe. It measte wurk typearret lykwols ek troch tige opfallende typografyske oerienkomsten yn ûnderskate útjeften fan alhiel forskillende printers. Sa waerd bygelyks yn suver elke útjefte it foaropwurd - dêr't it yn dy tiden nei 't like net sûnder koe - kursyf printe en krige in unifoarme opmaek. Paginearring kaem altyd boppe de pagina oan de snijkant fan it boek. Boekformaten kamen faken deun oan elkoar. Paginaspegels meastentiids to great, mei in suver to smelle marge yn de rêch. Men soe oer dizze earste rige fan útjeften in totale bioardieling jaen kinne, sûnder bûten de stringen fan unifoarme objektiviteit to stappen. Der kaem mar stadich foroaring yn dizze opfettingen, mar linkendewei kamen der útrinders, hwerby alteast bisocht waerd sfear en karakter to jaen oan it boek, dat him as sadanich distânsiearje woe fan al it oare printwurk. Dizze foroaring bitsjutte hyn ofte nei gjin stribjen nei bibliofile weardichheit en skientme. De aesthétyske noarm fan typografy biheinde har yn haedsaek ta in praktyske foarmjowing, dy't lykwols troch har somstiden al to simpele konstruksje ûnder de mjitte bleau | |
[pagina 224]
| |
fan technyske oarspronklikens en artistisiteit. De typografy is binammen yn de tiid om 1850-1860 hinne, hingjen bleaun yn moadeforskynsels dy't op 'en dûr methoade waerden, yn de wei fan de minste wjerstân. De soberens, de ienfâld, fakentiids fuortkommende út in ûnformogen en net bihearskjen fan in strukturéle typografy, makken dat de uterlike forsoarging fan it fryske boek navenant gelyk wie oan de kunstsin en skeppingsdrift fan dy't de boeken skreauwen. Tagelyk sluet it wurk suver tragysk oan by de agressivens fan de hiele taelbiweging, dy't fuortkaem út de rounte fan it Selskip 1844 - in biweging dy't yn wêzen miskien minder agressyf wie as hja op it earste each like to wêzen - mar dochs tsjûge fan in striidfeardich idéalisme, in subtyl literair stribjen nei oarspronklikens en ynmoedich bisykjen ta moralisearjende, folksaerdige opfieding en formeits mei de ienfâldichste middels dy't de tiid oplevere. Nettsjinsteande dizze earmoede - dy't tige karakteristyk is foar dizze ieu - liet de typografy nei 1850 in tige stadige, mar nijsgjirrige ûntwikkeling sjen, al wie dy nijsgjirrigens dan ek mear fan histoaryske as fan typografyske bitsjutting.
Dizze kunstearmoede wie net allinne in Frysk forskynsel, mar kaem - sij it yn oare foarm en sitewaesje - yn hiel Europa foar. It achttjinde ieuske klassisisme, dat alles hwat fan Romeinske ôfkomst hiet to wêzen - mar yn feite fan Gryksk origine wie - foreare, lei foar de typografy de wegen iepen nei in styl dy't net klassyk wie, mar har dochs fan antyk en klassyk bihearskje liet. De fornijende styl fan Pierre Simon Fournier (1712-1768) waerd by de opkomst fan it klassisisme oan 'e kant set. Dizze Fournier, dy't troch syn seldsum knappe ynterpretaesjes fan de âlde romeinfoarmen, fuortkommen út de Romeinske ynskripsjekapitalen en de minuskels dy't Nicolas Jenson en Aldus Manutius omskoepen ta de earste printletters, in herfoarmer fan de typografy wurden is, hat hjoed de dei noch ynfloed op ûnderskate letterkarakters dy't bikend steane as moderne boekletters. Syn letterûntwerpen, forsierde ynitialen en ornamintyk joegen yn Europa yn de twade helte fan de achttjinde ieu de typografy in nij oansjen, oant de ynfloed fan it klassisisme de macht krige en in oare greatmaster ûntdutsen hie yn Giambattista Bodoni (1740-1813) dy't lykwols alhiel to'n ûnrjochte as in fortsjintwurdiger fan it klassisisme sjoen waerd. Ek it wurk fan Bodoni hat fan tige greate bitsjutting west en ûnderskate ynterpretaesjes fan syn lettermateriael binne nou noch to finen yn de typografy. Nei it forstjerren fan dizze twa figueren gyng de typografy in tiid fan great for- | |
[pagina 225]
| |
fal tomjitte. Yn 1840 waerd de letterjitterij fan Bodoni to Parys forkocht en in oare generaesje bigoun to bouwen oan nije idéen en flechtige tradysjes. It nije lettermateriael tsjûge fan in romantyske styl. Yn Dútsklân joech de Biedermeierstyl in koart oplibjen, hwerby de letter lykwols in ûndergeskikte rol spile. As smoutlettersGa naar voetnoot1) waerden de pretinsjeleaze skeletfoarmige typen yntrodusearre. Dêrnjonken kaem it egyptiennetypeGa naar voetnoot2) ta ûntwikkeling, in type dat tsjûge fan in slim ûnkritysk ynsjoch, dat pas yn de tweintichste ieu ta in forantwurde foarm komme soe. Frankryk en Dútsklân eksportearren de skaedletters mei tsjûk en tin ûnderskate italiennetypenGa naar voetnoot3). Fangefolgen bigoun de njoggentjinde-ieuske typografy har qua bilettering fan de eardere typografy to ûnderskieden, mei ûnder ynfloed fan de opkommende reklame, dy't in oare letter frege as foar de steatlikens fan it boek nedich wie. Dizze stream fan lettertypen, dy't yn somlike gefallen mar in karikatuer wiene fan de oarspronklike, briek ek troch ta de Fryske printerijen, dy't dizze letterwielde to pas en to ûnpas brûkten yn de titelpagina's en omslaggen fan in rige folksskriften en toanielstikken dy't nei 1840 yn it ljocht kaem fan de skriuwers Harmen Sytstra, G. Colmjon, Tiede R. Dykstra, D. Hansma, J.B. Schepers, Tsjibbe Gearts van der Meulen, Waling Dykstra, Auke Boonemmer en ûnderskate oaren. Waling Dykstra kaem yn dy jierren binammen mei in stream fan útjeften, dy't foar it greatste part tolânne kaem yn it founs fan T. Telenga to Frjentsjer. By de rige boeken dy't ik foar dit oersjoch op groun fan autopsy trochnommen haw, foelen mar inkelde útjeften op troch har grafyske kwaliteiten. Yn it foarste plak De Kaertlizzer fan Hjerre Gjerrits van der Veen, in boekje dat as antwurd op de fan it Selskip foar Fryske Tael- en Skriftekennisse útskreaune priisfraech yn 1856 by de Ljouwerter printer D. Meindertsma Wsn. yn it ljocht kaem. De titelpagina fan dit boekje hat de klassike foarm, is evenwichtich opboud mei 16 punts letter foar de titel en 7 punts lytskapitalen. Bysûnder knap is it útjowersmark fan it Selskip 1844, dat bistiet út in sierlike ornamintike krânse, hweryn de namme fan it Selskip | |
[pagina 226]
| |
mei lytskapitalen printe is. Nel alle gedachten hat de útjower D. Meindertsma dit mark makke, om't de letters fan it mark deselden binne as fan syn titelpagina, en kompositoarysk suver oanslút by de typografy dy't yn syn wurken tapast wurdt. It boekje Uwnk in lok fan de Dokkumer skriuwer D. Hansma, dat lykas De Kaertlizzer ek fan it Selskip útjown waerd yn itselde jier, krige in gelikense útfiering. It binne twa knappe útjeften, mei in rêstige ornamintyk en suver klassyk opboude pagina's, mei prachtige wytfordielingen. De Frjentsjerter útjower T. Telenga, dy't suver it hiele oeuvre fan Waling Dykstra yn it ljocht jown hat, wie hwat bombastysker yn syn typografy. De earste útjefte fan De Silveren Rinkelbel yn 1856 hat in folle swierdere titelpagina, mei fette skaedletters en lytskapitalen, dy't nettsjinsteande sierlike ornaminten, net by De Kaertlizzer helje kin. De paginaspegel fan it binnenwurk is ek oan de greate kant wilens de tekst tige rom ynterliniearre waerd. In hiel oare útjefte is Frîske winterjoune-nocht fan Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen, yn 1861 by B. Cuperus As. to Bolswert yn it ljocht kommen, hwerfan de opmaek suver oanslút by it karakter fan dit wurk. Elk stik kriget in oare letter yn de titel. Der binne yn dit boekje egyptiennetypen, bodoni en inkelde soarten sierletters forarbeide, wilens lytse ornaminten tusken de tekst dit wurk hwat losser meitsje; al is it typografysk dan net altyd forantwurde, dit soarte fan wurk freget der om. Yn de twade printinge, dy't yn 1864 útkaem by Telenga to Frjentsjer binne 5 lettertypen yn de titelpagina forarbeide. Yn dit boekje komt ek in Frânske titelGa naar voetnoot1) foar, hwat yn dy tiden seldsum wie. In bysûnder kreaze útjefte is Rymwurk fan S.S. de Jong. Dit boekje, dat yn 1852 útkaem by Van Druten en Bleeker to Snits, is sûnder mis typografysk ien fan de bêste útjeften út dy tiid. De ynterliniearring, paginearring, formaet, paginaspegel en wytfordieling is op elke pagina forantwurde. Gâns fryske útjeften út de 20e ieu komme oan dizze grafyske kwaliteiten net ta. Tsjibbe Gearts van der Meulen wie in nuver man, wurdt der sein. Dat is ek oan syn útjeften to sjen. Murk fan Ipecolsgea, dat yn 1884 yn de printerij fan de skriuwer printe waerd, is typografysk syn tiid fier foarút. De titel fan dit boek wurdt op it omslach koartwei Murk yn felreade letters oer dwers printe, yn in strak kader. Miskien spylje Amerikaenske idéën hjiryn meiGa naar voetnoot2). | |
[pagina 227]
| |
Titelpagina út Uwnk en Lok fan D. Hansma, printe by D. Meindersma Wz. to Ljouwert, 1856.
| |
[pagina 228]
| |
Twa njonken elkoar lizzende pagina's út Rymwurk fan S.S. de Jong, printe by Van Druten & Bleeker to Snits yn 1852.
| |
[pagina 229]
| |
Der kaem lykwols yn de jierren 1870-1880 foroaring yn de typografy. Der bistie in stribjen om to kommen ta hwat nijs en hwat betters, dat is ek to sjen oan it yn 1871 by A. Jongbloed to Ljouwert forskynde boekje Forhaeltsjes, rîmlarij en sankjes fan Waling Dykstra, dat opsierd wurdt mei in nije ornamintyk, dy't losser en luchtiger is as oant nou ta it gefal wie. Yn dy snuorje waerden der ek mear linen yn de titelpagina's brûkt. De ynfloed fan de romantyk wykte tobek en moast stadichoan plak romje foar in strakke en saeklike typografy, dy't pas om 1900 hinne - doe't praktysk alle stilen oan bod west hiene - radikael in nij oansjen joech oan de typografyske foarmjowing fan it boek. Yn somlike wurkjes libben noch de oerbliuwsels fan de Neo-elzevier-styl. De fryske printerijen hiene lykwols ek net dalik it materiael foar hannen, dat nedich wie foar de aloan wer fornijende foarmen. Sadwaende kamen der boekjes yn it ljocht, dy't wol in moderne foarmjowing hiene, mar in bilettering sjen litte, dy't net yn dat karakter past. Wol sjocht men dat de ornaminten stadichoan troch de kaderlinen fordreaun wurde en dat de lytskapitalen, dy't altyd noch in klassyk en aristokratysk foarkommen oan de titelpagina's jowe, forfongen waerden troch fette ûnderkast letters, dy't it forname karakter dat de kapitale letter draecht, lykwols net werjaen kinne. Yn 1875 die de printer J. Kuiken Jsn. to Sint Annaparochy de ornaminten al oan 'e kant. Syn útjefte De sparpot fan K. Adema wurdt op de titelpagina en it omslach forsiert mei tinne en fette linen, hwerby hy de skreefleaze typenGa naar voetnoot1) fan neonletters en kaertantyk tapaste. Om 1900 bigounen somlike printers tige hoeden de symmetry to forbrekken, hwerby har eigenaerdige stylforskiningen foardiene, lykas by de twade útjefte fan Murk fan Ipecolsgea, dy't yn 1900 by de Bruorren van der Meulen to Burgum forskynd is. Der waerd op de omslachside in kreaze ornamintrânne brûkt, dy't lykwols ûnderbrutsen waerd om de asymmetryske titelrigel romte to jaen. Der is oan dizze hiele typografy to fornimmen dat it om hwat nijs siket, wilens hja noch tofolle fêstsitte oan de âlde foarmen, dy't hja wol loslitte woene, mar dy't neffens doe'tiidske opfettingen dochs bistean bliuwe moasten, mei as gefoich dat ûnderskate foarmen en stilen trochelkoar brûkt waerden en elkoar faken yn 'e wei sieten. En dochs moast de typografy dit stadium trochlibje om ta in folslein nije kréaesje to kommen dy't losstie fan alle klassike foarmen en eigentiidske noarmen. | |
[pagina 230]
| |
De asymmetry soe in nije wrâld iepenje foar in typografysk foarmforskaet. De symmetry hie altyd in biheinde mooglikheit hawn, nettsjinsteande hja troch alle tiden hinne de suverste foarm fan typografy bliuwe sil. De asymmetry hat in persoanliker foarkommen, hat mear lettermooglikheden en kin likegoed stylfol in karakter en in sfear ynterpretearje. Mei dizze goede bidoelingen geane wy de ieu yn, dy't foar it Fryske boek gjin maklike tiid útmakket, omt it boek geandewei mear in konkurrinsje-artikel bigjint to wurden, itjinge him binammen bigjint út to spyljen op it gebiet fan uterlike forsoarging en funksionéle typografy. De greate foroaringen yn de foarige ieu op it gebiet fan de typografy, hawwe winliken mar in oanrin west ta de révohúsionaire ûntwikkeling fan de tweintichste ieu, hweryn troch de technyske ûntjowing it grafyske ambacht in folslein oare bitsjutting krige. Hwant doe't yn 1910 de earste setmachinen yn Fryslân kamen to stean by printerij J. Hepkema op 't Hearrenfean, wie dat de earste stap om fan it âlde ambacht in yndustry to meitsjen, dy't aloan mear opgong meitsje soe. Dat hie ta gefolch, dat men wol foardere mei it prosédé, mar dat it bigryp oer karakter, komposysje en forhâlding op it twade plan kaem to stean troch in fiergeande spesialisaesje en taekfoarming, dy't ta gefolch hie, dat it boek in wurkstik waerd fan ûnderskate minsken, dy't elk foar oar eigen opfetting en ynsjoch yn ien typografysk skema ynterpretearren mei tige fariabele foarmjowing dy't oan it boek de evenwichtige komposysje ûntnaem. Yn dy tiid kamen der dan ek ûnderskate kunstners nei foaren, dy har dwaende hâldden mei de grafyske en typografyske foarmjowing fan it boek. Hja makken in lay-out, hwertroch net mear de spesialisearre typograef in persoanlik karakter joech oan it wurk, mar de boekûntwerper, de layoutman, dy't alle wurksumheden foarskreau, hwertroch de typograef dégradearre waerd ta kopiïst. Dizze spesialisaesje roun yn Fryslân net sa hurd, en krige pas yn 1925 bitsjutting. Yn Fryslân foroare der ek gâns op it gebiet fan de útjowerij. Yn de 19e ieu wie der in great tal printers en útjowers. Yn sawn hasten koe ik sa'n tritich bidriuwen telle, dy't fryske boeken printen en útjoegen. Om 1900 hinne is dit tal al moai úttinne. De aktiviteit fan de Vereniging ter bevordering van de belangen des boekhandels hat hjiryn gâns foroaring brocht en biwurke dat it útjowersbirop biskerme waerd. De ieuwenâlde tradysje, dat oan de útjowerij anneks boekhannel forboun wie, hie ek ôfdien. De auteurswet makke in ein oan de troch somlike printers misbrûkte frijheden. It gefolch fan dizze akti- | |
[pagina 231]
| |
viteit hat fierder west, dat de útjowerijen, dy't bistean bleauwen har spesialisearren, itjinge de uterlike forsoarging sûnder mis to'n goede kaem. Yn it bigjin fan de 20e ieu binne der noch seis útjowers oer, t.w. M.O. Jongbloed, T. van der Weij, R. van der Velde to Ljouwert, A.J. Osinga to Bolswert, J. Laverman to Drachten, Brandenburgh & Co. to Snits en Fa. J. Kamminga to Dokkum. (wurdt forfette) |
|