| |
| |
| |
Tiny Mulder:
Hwer hast west, kei?
Der wie ris in man, dy't op in joun nei it stasionspostkantoar fytste om in brief yn de bus to dwaen foar de lêste lichting fan kertier foar njoggenen. It wie in bilangryk brief, dat de man hie alle reden om dit útstapke to meitsjen. ‘Ik bin fuort werom’, sei er tsjin syn frou. It waerd lykwols alve ûre foardat er werom kaem, wylst it ein fan it stasion nei syn hûs yn amper tsien minuten to bifytsen wie.
‘Hwer hast salang west’, sei de frou, dy't wy Nynke neame sille, omt hja tritich, lyts en ljocht wie. Hja hie freonlik freegje moatten, mar dat die hja net. Hja forkearde yn oarlochsstimming. Kommando. Fjûr!: ‘Hwer hast west!’
De man sei: ‘Njoggen jier haw ik mei dy troud west, ik haw dy oant myn dea ta trou biloofd. Oer twa ûren fan dy tsientûzenen hoech ik dy gjin rekkenskip to jaen. Mei ik kofje?’ Fan dit stuit ôf sille wy de man Kei neame, omt er trijentritich, foars en ljocht wie, en omt syn frou him Gerry neamde.
Nynke rearde Kei in kopke oploskofje, flutte der kofjereamme yn, mar forgeat de sûker. Hy naem sels twa skeppen as forgoeding foar de earste bittere swolch. Hwa't it bittere priuwe moast, hat rjocht op dûbeld swiet.
Noflik joech er him efteroer yn syn brede en djippe stoel en sette de radio op BBC light program. In fyn glimke tyspele him om de mûlshoeken. Wie it om it geastige petear mei syn freon yn it kofjehûs? Wie it om it readkopke fan kantoar, dat er ûnderweis moete en efkes oan hûs ta brocht? Wie it om de gekke moanne, dy't fan it deastille streamke yn it deastille park in wite hunichwjittering makke? It ynteressearret ús net. Likemin as alle oare mooglikheden, dy't in man hat, om suver ûngemurken twa ûren fan syn houlikslibben wei to slepen.
Nynke siet rjochtfeardich op in rjochte stoel, de ankels kreas oer elkoar hinne, de hannen slop op it grize trikotrokje. Fan de muzyk hearde hja neat as de ientoanige drums. De drummer naem de koartste wei en roffele mei achteleas air op har trommelfluezen. Dat elektryske klokken net tikje is mar goed, tocht Nynke. Dat kin der net mear by. Ik haw dizze nije situaesje alhiel forkeard oanpakt omt er nij wie. Ik hie Gerry by de doar tomjitte komme moatten, tút jaen en leaf freegje: ‘Haver hast west, ju?’ Dan hie er it gewoan sein en dêrmei út. Mar as er it dan ek net sein hie? Dan wist ik, dat der hwat bisûnders
| |
| |
is, eat, dat ik net witte mei. Ik haw him sels de mooglikheit taspile om foar him to hâlden, hwer't er west hat. Ik kin net werom. Ik kin ek net sizze: Wy bigjinne wer by tsien minuten foar alven en dan better. De elektryske klok tikket net, mar hy rint al. Tsien minuten foar alven joun komt yn ivichheit net werom. Dat wie in tryste gedachte fan Nynke en fierstento dramatysk, mar wol wier.
‘Sille wy noch efkes dounsje, Nynke?’ frege Kei.
Wolst it goedmeitsje, tink? Myn holle tsjin dyn skouder lûke en in tút jaen op myn hier, tink, en moaije Nynke sizzen. Sa lit ik my net fange, al waerd it faeks al de gaedlikste oplossing foar my en raende it iis yn de brûzjende whisky, dy't ik net hawn ha, mar al fiel.
‘Ik wol leaver op bêd. It is al by healwei tolven’, sei Nynke. Dan hâldt dy drummer alteast op en hoech ik de sekondewizer net mear to sjen. Nacht, achteleaze drummer mei de bril mei de streepsnor mei it wite jaske fan de plaet fan de BBC light program. It ynteressearret dy gjin krom, hwer't Gerry twa ûren west hat. It ynteressearret gjin minske op de hiele wrâld. Ik bin deanijsgjirrich. Ik bin lulk fan nijsgjirrichheit. Dêr sit er. Deun by my. Hy wit it en seit it net. Ik woe wol yn syn holle krûpe en syn harsens stikje foar stikje sekuer neiplúzje, iverich, lyk as apen by elkoar fliesykje.
Nynke hâldde op bêd har kâlde fuotten by Kei sines wei. Kei fornaem it wol en glimke tsjin it molkeljocht fan de moanne op 'e wasktafelspegel. Dêr dounse in beukereftich grien duveltsje mei grappige hoarntsjes en in komyk sturtsje wyld op en del. It knypeage tsjin Kei en Kei wonk: Né, ik siz wier neat. Kei glimke freonlik tsjin it duveltsje. It dounse foar de wissichheit ek noch in combo op de tekkenbult oer Kei syn oplutsen knibbels. Doe't Kei nochris kalm en gerêststellend glimke, joech it duveltsje him ôf. It swaeide noch justjes mei de sturt nei Kei en hipte oer it finsterbank en troch it iepen finster yn 'e prommebeam. Kei skoude syn waerme fuotten tagedien tsjin Nynke har kâlde oan en sliepte. Nynke net. Nynke lei klear wekker fan heldere nijsgjirrichheit en oertocht de forskillende mooglikheden, dy't niis al neamd binne, en noch in stikmannich oare mooglikheden, dy't yn normael rêstich en klear tinkende hollen noait opkomme soene oangeande Kei. Mar Nynke tocht der net oan, dat Kei de rjochtskepen boekhâlder útmakke fan in geef famyljebidriuw yn in earlik artikel: tsiis. Hja bitocht net, dat Kei elke middei krekt om 'e hoeke fytsen kaem, as hja om alve minuten oer fiven yn de erker stie út to sjen.
| |
| |
Dat Kei - Kreeftman, dat er wie - graech ris op reis mocht yn de fakânsje nei gekke oarden, dêr't de buorlju raer fan bearden, bitocht Nynke ek net. Hja giene trouwens altyd togearre.
Nynke bitocht wol alle tsjustere tastannen, dêr't in frij kreaze man fan trijentritich yn bidarje kin. Nynke miende alteast, dat hja dy tastannen bitocht, mar hja hie se út de Libelle en Confidenties en Rosemarie. Hja hie dêrú't troch de jierren hinne ûnbiwust in krûdhûs fol wantastannen út ús forsexte maetskippij opgarre. Dat krûdhûs fleach nou yn de loft, sadat de debacles, dy't in lokkich en igael houlik alsa bidriigje kinne, har stik foar stik en bytiden by twaën en trijen tagelyk foar de eagen lâns skeaten, net ienkear, mar in carrousel, dy't hieltyd wer foarby draeide. En Kei sliepte. Snoarkjend mei sigesaegjende lûdtsjes, net liker as gnyske er ynhâlden by elk sykheljen.
Doe't Nynke alle mooglikheden út har ûnderbiwust arsenael dúdlik en mei ôfgriis bisjoen hie, rekke hja yn it stadium fan selsbigreatsjen. Earme lytse wanhopige Nynke, sûnder stipe yn de boaze wrâld. Sûnder man, en skielk âld en earm mei neat as aow. Kei mocht allinne syn pinsjoen opmeitsje, dêr't hja rejael mei har beiden fan komme kind hiene. Hoe faek sieten hja dêr net in fredige joun oer to rekkenjen, safolle pinsjoen, safolle aow, safolle fan de rintekaert. Nynke, in iensum, griis âld wyfke, twakear wyks nei de slachter om ien ûns leverwoarst, nei in noartige, hounske slachter, in klant om ien ûnnoazel stikje leverwoarst.
Doe't Nynke safier kommen wie, sloech hja lekken en tekkens op, stiek de skonken oer de bêdsrânne en fiske mei de fuotten nei har roaze toffeltsjes mei wite bontkraechjes. Kei draeide him om yn de sliep en lei dêrnei diagonael oer it bêd.
Nou kin ik ek al net mear yn myn eigen bêd, tocht Nynke, ellindiger as hja har ea field hie. Hja skuorde rimpen de roaze nylon peignoir oan en ûntflechte de sliepkeamer, dy't forwurden wie fan de feilichste ta de fijannichste oarde fan de wrâld.
Yn it finsterbank siet it griene duveltsje, sûnder erch sobjend op de ein fan syn sturtsje, gleon binijd to wachtsjen oft Kei ek wekker wurde soe. Dan moast er hurd yngripe, hwant de situaesje fan dit stuit soe mear selstucht fan Kei fergje, as it duveltsje fan him wend wie. Kei sliepte lykwols, fredich snoarkjend, fierder. It duveltsje liet syn grien sturtsje gewurde, sette ien earmtakke tsjin it kezyn, krúste de rjochterfoet oer de lofter, en wachte rêstich ôf. Kei like foar it eagenblik feilich.
Nynke siet ûnderútsakke yn Kei syn brede en djippe stoel. De beide muorrelampkes strielen ûnoandien ljocht út en de
| |
| |
radio joech wrede nachtmuzyk foar frachtautochauffeurs en warbere nachtploegen yn it Ruhrgebiet. Zarah Leander wie ek noch op en mompele, steande im Regen, oerwâldlûden fan wachtsjen auf dich. Nynke waerd der biroerd fan. Hja wachte noait op Kei yn de rein. Fansels net, in normael frommis gie nei hûs en de man kaem wol efter har oan.
Nynke draeide oan de knop, hjir en dêr yn Europa waerd hwat sputtere en knistere en grommele, mar hja krige dochs wer in klearwekker stasion, dêr't uncle Satchmo as in goedhinne pake Nynke good night winske. It wie mear tagedienens as Nynke op dit stuit en yn dizze situaesje forneare koe. Hja knipte de radio út en stiek in sigaret oan.
Ik moat hwat dwaen, bitocht Nynke, hielendal allinne hwat útfine om my yn dizze situaesje to rêdden. Hja fleure op, doe't hja prakkesearre: Ik sil Gerry wol krije.
Nynke hie it stadium fan harsels ûngelokkich tinke, en de perioade fan it selsbigreatsjen hawn, en lânne nou logyskerwize oan by it konstruktyf tinken. Ik sil Gerry wol krije mei syn fratsen fan let thúskomme en neat sizze, as ik alhiel yn myn rjocht steande him op de man ôf freegje: Hwer hast west? Ik bliuw hjir sitten fannacht en as Gerry wekker wurdt, biseft er kjel, dat ik der net bin. Dan krijt Gerry slim meilijen as er my hjir yn de stoel fynt, hy tilt my op, giet yn de stoel sitten, lûkt my op syn knibbels en fortelt hiel gewoan, hwer't er west hat. Al is it ek noch sa slim, ik sil it him fuort forjaen. Ik bin op it lêst in moderne frou.
Nynke joech har del en wachte, hja wachte en smookte noch in sigaret, wachte en hearde in pear gekjeijende bromfytsers foarby laitsjen en brommen en roppen, wachte en hearde de wyn oanheljen, hearde de wyn sentiminteel rûzjen troch de kastanjes, wachte en hearde de rein fianich xylofoanspyljen op de glêzen, wachte en slûge stadichwei, by skokjes wekker en wer loom fuortsakjend, oant hja sliepte.
It griene duveltsje forskynde op de keamersdrompel om gewaer to wurden, hwerom't it sa stil waerd yn 'e hûs. Hy gnyske alhiel tofreden mei de status quo en hippele derten de trep op om wacht to hâlden op it fuottenein by Kei. Kei sliepte as koe de nacht net op.
Doe't Nynke wekker waerd, die de sinne war om troch de oerkleden to kringen, fûgels makken spul yn de kastanjes en de muorrelampkes skynden sleau en bleekjes yn de healdeiljochte keamer. Stiif en kâld stinde Nynke oerein. Wetter rûze en grommele troch it hûs en fuort dêrnei kaem it biskaefd,
| |
| |
efficient gounzjen fan in skearapparaet earne boppe wei.
‘Hwat bist bitiid, Nynke!’ rôp Kei. ‘Hast al thé!’
In bern hat syn biskermingel, in man hat himsels, in frou as Nynke hat neat oars as in yn it houlik neigeraden frijhwat forkalke ynstinkt ta selsbihâld.
Hja foei dan ek skjin ynein del, dwers oer har eigen, nou wer feilich béd sa gau't Kei de strjitte út wie; skjin ynein fan it forsearre gewoandwaen fan de moarnstút ôf oant it neiwiuwen foar it rút ta: de komplete seremoany. De wangen fielden krampich fan it forplichte glimkjen by de thébeurs lâns en oer it skaeltsje mei bakte aeijen hinne. De lofterheupe siet noch klam fan it sliepen yn de stoel. En allegearre forgees.
It duveltsje siet forskûle efter de potsjes dei- en nachtcrême op de wasktafel. Hy, duveltsje fan aksje, seach de dingen graech avensearjen, sadat er yngripe koe. Der foel neat yn to gripen, hwant Nynke sliepte de hiele moarn, bifrijd alsa fan de eigenoanrette plicht: Ik sil Gerry wol krije.
Yn de neimiddei kaem hja út de rie. Hja helle har aerdichste klean út de kast en klaeide har mei sin oan. Biret stappend sette hja nei it bêste restaurant yn de stêd, bistelde Tuborg en sigaretten en siet. Hwat hja har fan dizze lichtsinnichheit ek foarsteld hie, net dit ûngelokkige en ûnwennige sitten, geneard oer it opsichtige glês bier en har sophisticated lippestift. In man, ek allinne oan in taffeltsje, seach har kant út en knypeage. Soa, giet dat sa maklik? tocht Nynke, en hja krige Gerry foar de geast yn in likense situaesje. In frou, dy't Gerry fiksearre, mar hwat dan noch?
Foar my bist gjin forlieding, mantsje, al siet ik in jier mei dy op in ûnbiwenne eilân. De knypeager hearde krekt ta it tipe mânlju, dêr't Nynke in fisike ôfgriis fan fielde, rossich en roazich en roun; biggich. Nynke meat him fuort in biggesnút oan en stelde har foar, dat er gnoarjend syn kofje slobbere. By it buffet stie in kelner neat to sjen, tyspeljend mei it servet. De bigge seach noch in kearmannich Nynke har kant út. Nynke bisocht krekt sa neat to sjen as de kelner, en doe tearde de roaze man omstannich in krante iepen, dy't er rjochtop hâldde by wize fan keamerskerm.
Nynke seach op har horloazje: kertier oer fiven. Gerry moast al fjouwer minuten thús wêze. Hat er wol in kaei? Ja, hy hat in kaei. As ik dat bier op haw, nim ik in lekker kop kofje en noch in sigaret. En dan... Nynke lânne oan op in punt, dat aksje net folle langer útsteld wurde koe. Hja siet kreas by it taffeltsje, de wanten oan de iene kant fan it hege bierglês -
| |
| |
Tuborg stie derop -, it taske oan de oare kant, en hja forfeelde har by de kofje en de twadde sigaret, genearde har om har samar sitten en wachtsjen op neat, net op de bus, net op de trein, net op in freondinne, net op in man. En hja wie noch nijsgjirriger as justerjoun. Hwat soe Gerry nou dwaen? It hier ut de holle skuorre, tryst by de tafel sitte, de fan eangst forinnewearre kop yn 'e hannen, de polysje skilje. Nynke fearre op. Hy sil dochs nimmen skilje, hwer't ik bin? Dan komt it hiele trelit ek noch oer de dyk. As er buorfrou freget, gysgobbet de hiele strjitte al. As er de polysje skillet... Nynke pakte hastich har taske op, mar lei it ek wer del. As ik nou nei hus ta flean, is dizze undernimming ek wer om 'e nocht, en ik wol witte, hwer't er justerjoun west hat.
Kei forkearde hielendal net yn panyk, hy pjukte mei it jirpelskyldersmeske it gers út de naden op it tegelpaed foar hûs. It duveltsje slet yn in wite begoania en swaeide syn sturtsje nei Kei. ‘Se is nei har mem’, sei Kei. ‘Se sil daelk wol thúskomme.’ It duveltsje seach grimitich en hipte agitearre op en del.
‘Jow dy mar del’, sei Kei. ‘Wier, ik siz neat.’
De kofje smakke Nynke net. Hja wonk de kelner, bitelle Tuborg, kofje en sigaretten, en frege: ‘Kin ik hjir telefonearje?’ De kelner wiisde har de telefoansel. Har skonken fielden as âlde lappen, wylst hja har eigen nûmer draeide. Wol tsien, tolve kear hearde hja de skille. Hwer sit Gerry; hwer yn 'e goedichheit sit er. As er yn de rats sit, bin ik hwer't ik wêze wol, mar dan kin er dochs de hoarn wol fan 'e heak nimme? Nynke liet de telefoan trochrattelje. Hja stuite dochs noch mei de rêch tsjin de muorre, doe't hja hearde: ‘Mei Jensma’, sa gewoan, sa abslút normael, dy stim, dy't nochris en nou hwat rimpen en lûder sei: ‘Mei Jensma.’ En sa gewoan en folslein normael de stim fan Gerry, dy't frege: ‘Bist by mem? Sil ik dy ophelje?’
Nynke moast wol bychtsje, hwer't hja al wie. En doe earst kaem der hwat fan fornuvering yn Kei syn lûd. Mar efkes, hwant fuort sei er: ‘Nim noch mar in kopke kofje. Ik helje dy wol op. It is suver al tsjuster en it reint. Moat ik dyn plastic jas meinimme?’
Nynke kaem foralterearre út de sel. Nou nochris stompsinnich by in taffeltsje sitten gean to sjen nei de Makkumer pannen oan de muorre, de stomme piano, de libbenleaze palmen, en om de avontûrlike bigge hinne gluorkje, dy't it menu slet
| |
| |
to bistaverjen, grif foar in fette karbonade, bakte jirpels, dopearten en iis mei slachreamme nei? Nynke griisde by it tinken oan iten, hja rûkte ynienen de koken en flechte troch de draeidoar.
Op it plat foar it hotel roun hja hinne en wer, op en del. Yn de slachtersútstalkast oan de oare kant de dyk hinge in rigele leverwoarsten. Twakear in ûns leverwoarst wyks. Ek de leverwoarst fan de aow foar allinnesteande persoanen griisde Nynke oan. Hwat kin it dy eins skele, hwer't Gerry west hat justerjoun. Deagewoane nijsgjirrichheit en bimuoisucht, en dochs woest it sa stomme graech witte, sa stomme graech, omdatst mienst hwat to sizzen to hawwen oer elke minút fan Gerry syn bistean omt er njoggen jier lyn sa stomme graech mei dy trouwe woe.
As Nynke op harsels fûtere, die hja dat altyd yn de twadde persoan inkelfâld, fanwegen in greater distânsje ta it objekt fan har forûntweardiging. Dou moatst de situaesje nouris goed fan Gerry syn kant bisjen.
Nynke fornaem amper, dat har nij mantelpak en har beeldich huodtsje wiet waerden. Nynke stie im Regen en wachte, auf Kei.
Kei kaem op 'e fyts, joech har in tút en Nynke sei: ‘Ik spring wol op de pakjedrager.’
Dêr siet ek it duveltsje. Hy hipte gau tsjin it seal oan. Hy smoarde omtrint tusken Nynke en Kei yn, èn fan grimitigens, hwant dit koe net goedkomme.
‘Ik bin likegoed noch nijsgjirrich’, preuvele Nynke tsjin Kei syn rêch.
‘Ja?’ sei Kei, mei de noas yn rein en wyn, tsjin it stjûr en it fytspaed.
|
|