De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 209] [p. 209] [Nummer 7/8] Durk van der Ploeg: De bloei fan it forline I Hjir wimmelt faezjend oer it hiem Kwels de babbe lâns de paden Spoeken spije brûs en skom Yn fûgelerf en koetsekralen. Heech op it hôf de deaden rêste Beke en beule de bern Njonken de skovele sarken Tikket oanhâldend biente op biente. De wide felling winkt it erf Dêr't jier op jier de ekers bloeije Giet efter de bels de bier fan de wramer Leit er ûnder de somer de holle del. It hûs is âld it paed oergroeid Hoe hoedet hillich it hou it forline Slacht op it tún de beam wer út Ta wrange frucht dêr't ik fan iet. Op dit âld en wenstich sté Krimpt en ronfelt wer it mael Priuw ik wer de aelst fan 't jiermel Wrimpen op in hjerstich hiem. [pagina 210] [p. 210] II Stadich it lân de beammen It wetter in brekkende spegel Weeldrich de bloei fan de wyn Oer âlde toarstige ekers. It dier in drachtich skaed In skommel yn de sinne Sweevjend de fierte rekket De himel de ierde. De middei in fjûr in bloeijende beam De frou in fruchtbere dou Op de wegen sied en brea Heech yn de skuorre de skommel. Oh, bloei fan forline in wiuwende fûgel Hoe krimpt út dyn blinkende romte Fan de fjouwer winen wyt de winkende Stienwei nei it hûs fan de berte. Bern hûkje om dyn evel en skeel Hja wize de sjenner nei Dy't flokt de rein de wolken De winen werpe jiske op it wetter. Hillich fjûr fortard de laitsjende fûgels Fleant en slipet de hoanne it izer De bliedende ingel biwennet myn Hotte myn roastige ekers. Elf hoedet hja de drimpel fan Yngong en útgong mei wintersk fjûr Yn de jeld fan har heup draecht Hja de string fan myn berte. Slacht ier en let de tromme De hurrel hja rist de fane Yn 'e nacht as in beam Yn in tsjustere wyn fan forline. [pagina 211] [p. 211] III Kom ik werom nei 't hege hiem Wyt de wolken ljocht de wegen Winkend nei it needrich erf Fan felling war en kegen. Njonken it blinkend hûs Hûket jeld en himpen de man En klikket hoar yn de wan In rimpen mês op 'e har. Slacht er ier mei moed en euvel Elf en dartich it wapen Jouns winkt oan de deuvel De ang fan it lims. Wreed de dea de gavels riuwt Bidt men leed yn de gehuchten Telle amper mear de fruchten Blyn it hûs it wapen bliuwt. Bûch ik nei de fjurren oer Treastelbier oan elksmans doar Wyt de bloei fan it forline Nachts de teilen ljocht en fjûr. Vorige Volgende