syn ieden forgetten en biddelt om syn jild. En fuort dêrnei is er ré ta it lêste forried: hy ûnthjit, dat er him dope litte sil en fordwynt fan it toaniel as in sleine houn.
Sa is 't yn oarder, de Joad hat forlern, de Joad hat himsels, syn folk en syn leauwe forret, it kristendommelik antisemitisme, dat de Joad allinne akseptearret, as er him dope lit, hat syn gerak krige. Ad majorem gloriam Dei.
Dat is Shylock út De Keapman fan Venetië. Dat is de Joad, lyk as Shakespeare him kant en klear, bret en yn repen snien, útleveret oan de nommele fuivende boargers.
As men dit stik lêst, of opfieren sjocht, hat men in amerij oanstriid om yn de yllúzje to flechtsjen, sa giet it my alteast. De yllúzje: Shakespeare forrifelt hjir grandioos de hiele binde, dit is in persiflaezje fan it klassike antisemityske forhael, in satire fan de greate master op it grouwélichste byleauwe út de skiednis. Mar men wurdt gau wer wekker, der is neat, dat de yllúzje rjochtfeardiget. Der binne noch al twa figueren, dy't funksioneel yn it forhael passe, om it karikaturale byld fan de Joad oant yn it healwize to folmeitsjen.
Jessica, Shylock syn dochter, dy't har heit bistêlt en forriedt, dy't ek nei syn ûndergong gjin goed wurd foar him oer hat en de happy ending feestlik meifiert, wurdt allinne mei wyt skildere. Hja trout dan ek mei in kristen.
En dan is der Launcelot, de clown, Shylock syn feint, dy't hjir de oanwiisde persoan west hawwe soe om as gewisse to funksionearjen, om mei flymjende spot de winnende deugd yn it himd to setten. Mar hy sjongt mei yn it koar fan de braven en jowt syn master de needsaeklike swarte fegen.
Jitris, ik leau net, dat Shakespeare in antisemitysk stik skriuwe woe. Hy wie a-semyt, hy bikroade him net om de Joad, hy hie allinne forlet fan in greate dogeneat en doe hat er nei de Joad grypt, it frjemde driigjende elemint foar alle boargers en beesten fan syn tiid en ûnder syn bitûfte hannen waerd dy, hwat er wurde moast: de ynkarnaesje fan it kwea.
Yn Henri VI docht er itselde mei Jeanne d'Arc, in ieu nei har rehabilitaesje. Hjir is ek in fragmint, dêr't út blykt, dat er wist, mei hwa't er to dwaen hie. Towille fan it Ingelske publyk lykwols moast de faem fan Orléans, dy't it Britske ymperialisme in swiere slach tabrocht hie, foarsteld wurde as in fulgaire dweil en forriedster.
Hawar, dit byld fan Jeanne d'Arc is net gefaerlik, mar Shylock is al gefaerlik foar warleazen. En nammersto gefaerliker nei't er better spile wurdt. Yn Amsterdam hat it selskip Arena de minne smaek hawn, om de Keapman op to fieren foar learingen fan de heechste ulo-klassen en fan middelskoallen. In ploech jongelju, dy't ik frege, réagearre suver ienriedich: Echt hè, die Jood! In jonge skreau yn in opstel: Je kon het venijn en de haat tegen de christenen in zijn ogen lezen. Dat soks hjoed yn Nederlân barre kin, is skandalich. Ik bin it mei Hijmans fan Het Vrije Volk en oare kritisi folslein iens: nei Bergen Belsen, Buchenwald, Mauthausen en oare moardkampen, moat dizze karikatuer fan de Joad net mear op 'e planken komme. De Keapman moat dea en bidobbe.