De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 110]
| |
Earste bidriuw
| |
[pagina 111]
| |
KURRUBY:
Dêr bin ik bliid om, ingel. Ik hâld fan him. Hy is sa helpleas.
(Fan lofts komt in jongfeint mei in wyld bosk hier. Hy jowt in stik papier, bart in goudstik en fljocht wer fuort.)
NEB.:
Yn 'e goedichheit, hwa wie dat?
AKKY:
In Babylonysk dichter, mei in ballade. Ik haw him syn honorarium útbitelle.
NEB.:
Ik wol hast leauwe dat ik it sljochtwei biddeljen forleard bin. By ús yn Ninevé liz ik my mear út op it kunstbiddeljen, moatst rekkenje. Sjoch, dêr komme trije soldaten oan mei in kriichsfinzene yn 'e boeijens: in smjunt dy't mei syn misdieden de hiele wrâld yn trewyn brocht hat - de skiedskriuwers binne it dêr allegearre oer iens. Sille wy sa ôfprate: hwa't kâns sjocht, dy knaep los to biddeljen, dy hat de kampslach woun!
(Fan rjochts komme trije soldaten dy't in finzene meifiere: ex-kening Nimrod, krektlyk klaeid as Nebukadnezar foardat dy de bidlersdracht oanteach.)
AKKY:
Dat 's keap! In bihyndich, mar wòl in himmel biddelkunstje...
EARSTE SOLDAET:
Nimrod is 't - ienris wrâlds hearsker - dy't wy hjoed yn finzenskip fiere!
NIMROD:
Hé jimme bidlers, sjoch nou ris hoe't myn eigen soldaten my tramtearje dat it bloed der nei rint. Ik forliet myn troan om de opstân fan de hartoch fan Lamasj del to slaen. En hwa sprong doe op myn sit? Myn fuotbank!
NEB.:
Dy fuotbank hat syn trekken dan wol waernommen.
NIMROD:
Nou liz ìk ûnder, mar mei gauwens kom ik wer oerein. Op dit stuit sit Nebukadnezar heech op 'e troan, mar falle sil er, ier of let - dat kin net misse!
NEB.:
Dêr is gjin kwestje fan!
NIMROD:
Sa is it altyd noch gien, al tûzenen jierren efterelkoar. O, ik forgean fan toarst.
(Kûrrûby dipt mei beide hannen wetter út de Eufraet en jowt Nimrod to drinken.)
NIMROD:
Ut dyn hannen smakket it grounichste wetter fan de Eufraet better as de wyn fan de keningen fan Babylon, fanke!
KURRUBY:
(bidêst)
Wolle Jo noch mear drinke?
NIMROD:
De lippen binne my wiet, dat is moaijernôch. Nim dit as tank oan, fanke: as de soldaten dij tonei komme wolle, traepje se dan tusken de skonken!
KURRUBY:
Hwerom seit er dat?
NIMROD:
Gjin kening kin dij méar jaen, fanke. Ast op dizze wrâld mar witst hoest mei it ûnrant ôfweve moatst, dan witst al genôch.
EARSTE SOLDAET:
Lit dy ex-kening syn tût hâlde!
KURRUBY:
(tsjin de ingel, gûlend)
Hastou heard hwat er sei, ingel?
INGEL:
Moatst net kjel wurde fan syn wurden, fanke. Sjoch leaver hoe't de earste strielen fan in ûnbikende stjer de Eufraet roere - is dat gjin pracht - is dizze hiele wrâld gjin great wûnder?
(Op dat stuit komt de sinne troch de moarnsdize.)
EARSTE SOLDAET:
Nou allé, fierder mei dy ex-kening!
NEB.:
Ho!
EARSTE SOLDAET:
Hwat sil dy knaep? | |
[pagina 112]
| |
NEB.:
Kom harren!
SOLDATEN:
(geane om Nebukadnezar hinne stean)
Hwatsei?
NEB.:
Sstt - hâld jimme hwat kúm - ik moat jim hwat fortelle!
SOLDATEN:
Nou?
NEB.:
Witte jim wol hwa't ik bin?
SOLDATEN:
Né.
NEB.:
Ik bin jim heechste bifelhabber, kening Nebukadnezar.
SOLDATEN:
Soa, ál.
NEB.:
Doch hwat ik jim hjit en ik sil jimme bifoarderje ta luitenant.
EARSTE SOLDAET:
(slûchslim)
En hwat bigeart Jins majesteit dan dat wy dogge?
NEB.:
Doch my dy ex-kening oer.
EARSTE SOLDAET:
Sa't Jo wolle, majesteit.
(Hja slagge Nebukadnezar tsjin de groun dat er bûten westen leit. Op 'e eftergroun springt de generael mei it bleate swurd oerein, mar de aertsminister skuort him tobek.)
EARSTE SOLDAET:
Hwat in jobbe.
KURRUBY:
O...!
INGEL:
Bidimje dy, fanke. In lyts, bryk ûngelokje, mear net - hwat makket dat nou út as wy wrâlds ivige harmonije foar eagen hâlde?
AKKY:
Hé, soldaten - hwerom moasten jim dy brave bidler út Ninevé sa'n reis forkeapje?
EARSTE SOLDAET:
Dy fint woe ús wysmeitsje dat hy de greate kening Nebukadnezar wie.
AKKY:
Hastou noch in mem, jongkeardel?
EARSTE SOLDAET:
(forwûndere)
Jawis, dy is thús, yn Urûk.
AKKY:
En jimme heit?
EARSTE SOLDAET:
Dy is wei.
AKKY:
Bist troud?
EARSTE SOLDAET:
Né.
AKKY:
Hast ek forkearing?
EARSTE SOLDAET:
Ik haw juster krekt in ôfskriuwer krige.
AKKY:
Nou, dan sil allinne jim mem om dy skrieme hoege.
EARSTE SOLDAET:
Hwatsei?
AKKY:
Hoe hjitstou?
EARSTE SOLDAET:
Mûmabitû, soldaet yn it leger fan kening Nebukadnezar.
AKKY:
Dou silst al jong de kop kwyt moatte, Mûmabitû. Jim fleis sil de fûgels ta spize wêze en jim bonken sille de hounen mei boartsje - dat wik ik jim, soldaten fan kening Nebukadnezar!
SOLDATEN:
Mar... mar hoe dat sa?
AKKY:
Stek de earen noch mar ris ienkear goed op - dat sille jim net sa faek mear dwaen kinne. Kom hjir, harkje!
SOLDATEN:
Nou, hwat wie der oan?
AKKY:
Witte jim wol hwa't jimme dêr tolider slein hawwe?
EARSTE SOLDAET:
In liichbeest fan in bidler dy't ús wysmeitsje woe dat er Nebukadnezar yn eigen persoan wie. | |
[pagina 113]
| |
AKKY:
Hy spriek de wierheit, mannen. Jim hà Nebukadnezar, de kening, tsjin de groun slein.
EARSTE SOLDAET:
Woestou ús ek al foar de kroade ride?
AKKY:
Jim ha der noch nea fan heard, tink, dat de keningen foar gewoante ha en forklaei har út en troch as bidlers, om oan de igge fan de Eufraet it folkslibben to bistudearjen...
SOLDATEN:
Nea fan heard, né...
AKKY:
Hiele Babylon soe it jim oars fortelle kinne.
EARSTE SOLDAET:
Mar ik kom ommers út Urûk.
TWADE SOLDAET:
En ik fan Ur.
TREDDE SOLAET:
Ik fan Lamasj.
AKKY:
Spitich, mar it is net oars: jim sille yn Babylon stjerre moatte.
EARSTE SOLDAET:
Dat 's in rare misrekken!
TWADE SOLDAET:
Forjamme, hwat in misrekken!
TREDDE SOLDAET:
Mar hy rochelt noch!
AKKY:
Us Neeb-omme hat der in hantsje fan, de lju dy't har misdroegen hawwe allergrouwélichst to marteljen ear't er se deamakket - wisten jim dat ek net? Lûgalzagisy, de gouverneur fan Akhad, hat er oan de hillige munsterslang to fretten jown.
EARSTE SOLDAET:
Woestou ús ek al foar de kroade ride?
EARSTE SOLDAET:
Hwa seist: Neeb-omme?
AKKY:
Jawis, Nebukadnezar en ik binne greate spitsen. Ik bin syn earste minister, Chamûrapy - ek al as bidler forklaeid om it folkslibben to bistudearjen.
SOLDATEN:
Eksellinsje!
AKKY:
Ja, hwat wie 't?
EARSTE SOLDAET:
Hy... sykhellet wer!
TWADE SOLDAET:
Hy jowt wer lûd!
TREDDE SOLDAET:
Hy forweecht...!
AKKY:
Us opperste hearsker wurdt wekker...
SOLDATEN:
(hja falle foar Akky del)
Help ús, eksellinsje, help ús dochs!
AKKY:
Hwat hie de kening jimme hjitten?
EARSTE SOLDAET:
Hy moast dy ex-kening ha.
AKKY:
Jow him my dan mar oer. Ik sil der foar soargje dat jim allinne mar de earen ôfsnien wurde.
SOLDATEN:
De earen?!
AKKY:
Ja, jim hawwe oplêst in kening tonei west!
EARSTE SOLDAET:
Hjir is de ex-kening, eksellinsje... Hy hat de boeijens oan en in prop yn 'e mûle, dat hy kin Jo net lestich falle mei syn gejeuzel.
(Hy smyt Nimrod foar Akky del.)
AKKY:
En nou fuort jimme, as de blits. Jimme kening komt oerein!
(De soldaten naeije út en Nebukadnezar komt moedsum oerein.)
AKKY:
Nou - haw ik net in kreas keninkje opskoaid?
INGEL:
(biwûnderjend)
Dou hast de biddelkamp earlik woun, Akky fan Babylon!
KURRUBY:
Hwat is de ierde dochs hearlik, ingel! Ik mei oan de bidler tabihearre dêr't ik fan hâld... | |
[pagina 114]
| |
NEB.:
(forslein)
Greate rûchhouwers, dy soldaten... Hoe hastou dat oprêdden?
AKKY:
O sa simpel. Ik ha beard datstou de kening fan Babylon wiest.
NEB.:
Mar dat ha 'k sels ommers ek dien!
AKKY:
Dêr wiest mis mei, mantsje. Moatst nea fan dyséls sizze datst kening biste - dat moatst óaren dwaen litte - oars wurdst net leaud.
NEB.:
(tryst)
Dou hast it earlik fan my woun.
AKKY:
Dou bist mar in stumperich bidlerke, man út Ninevé. Dou skrepst al wakker, mar dou bidijst neat.
NEB.:
(wurch)
Hwat is biddeljen yn 'e groun oars as wrotte en wrame - sûuder sin en sûnder gewin?
AKKY:
Hwat hastou al in seldsum bytsje bigryp fan dy dingen. Yn wêzen binne wy bidlers de learmasters fan it minskdom, de wierhaftige opfieders fan it folk. Skurf rinne wy derby - om de goederjowskens fan de minsken bod to jaen. Wy binne fûgelfrij en fûgelfaei - sadwaende hâlde wy de frijdom heech. As wy sline as wolven en drinke as mingers - wy dogge it om de skriklike honger, de skrinende toarst fan de earme to iepenbierjen. Under de hege brêge fine wy ús sliepplak - mar dêr sammelje wy ek de nuverfrjemdste oantinkens oan forfleine ieuwen: tiden hawwe tiden, mar alles komt by einbislút by de bidlers tolânne. Dat sadwaende, gean werom nei Ninevé en biddelje better en bistindiger as oant nou ta.
(Tsjin de ingel:)
En dou, bidler út 'e fiere frjemdte: dou hast my nou de kunst ôfsjoen. Doch dêrneffens en dat hiele doarp oare kant de Libanon sil dines wêze.
(Fan rjochts komt Tabtum mei de faem werom.)
TABTUM:
Hjir, hast fjouwer goudstikken.
(Hja jowt Akky fjouwer goudstikken.)
AKKY:
Dyn goederjowskens is sûnder ein, jongfaem. Dit sil 'k madame Chamûrapi fortelle!
TABTUM:
(oergunstich)
Silstou nei dat minske fan Chamûrapy?
AKKY:
Jawis, dy hat my frege oft ik hjoed by har kaem to tsjok-iten!
(Op 'e eftergroun riist de aertsminister effen oerein, lilk.)
AKKY:
Nou ja, hwat yt men alsa by de hegerein. Sâlte fisk út de Reade Sé, Elamertsiis mei in sipeltsje dertroch...
TABTUM:
Wy ha hjoed in Tigrissnoekjen yn 'e panne.
AKKY:
Snoek, ek noch wol út 'e Tigris?
TABTUM:
Yn bûter bret en jonge radyskes derby!
AKKY:
Yn bûter bret...
TABTUM:
En in jonge hoanne, justjes brúnbakt.
AKKY:
In hoantsje...
TABTUM:
Efternei riis, mei rezinen fan 'e Libanon.
AKKY:
In bidlersmiel, sjedêr!
TABTUM:
Komst hjoed by my to gast?
AKKY:
Op slach - krij my yn 'e earm, skat dyst biste. Dat minske fan Chamûrapy moat har eigen plaskes mar biplúzje.
(Akky giet mei Tabtum en de faem ôf, Nimrod lûkt er efter him oan. De aertsminister skoddet fûst en fordwynt wer.)
INGEL:
(komt oerein)
Dy nuverfrjemde man is fuort - nou wurdt it tiid | |
[pagina 115]
| |
dat ik my iepenbierje.
(Hy smyt syn bidlersklean ôf en stiet dêr as in strieljende ingel. Nebukadnezar slacht de hannen foar de eagen en falt him to foet.)
NEB.:
Dyn oantlit slacht my blyn; de glâns fan dyn klean toskroeit my, dyn machtige wjukken meitsje my warleas.
INGEL:
Ik bin in ingel Gods.
NEB.:
Hwat moat ik dwaen?
INGEL:
Ut 'e himel bin ik ta dy kommen.
NEB.:
Hwerom binne Jo ta my komd, ingel? Hwat wolle Jo mei in bidler út Ninevé. Gean nei de kening - gean nei Nebukadnezar, dou boadskipper Gods. Hy allinne is weardich dy to moetsjen.
INGEL:
Keningen hat de himel sasear gjin niget oan, myn bêste bidler út Ninevé. Hwat earmer de minske, namsto greater Gods niget.
NEB.:
(forheard)
Hwerom is dat sa?
INGEL:
(tinkt efkes nei)
Dêr ha 'k wol oan...
(Tinkt wer nei)
't Is al seldsum, ja.
(Untskuldigjend)
Mar ik bin optlêst ek gjin anthropolooch. Ik bin fysicus. Ik bistudearje binammen de sinnen - foar it meastepart reade reuzen, sil 'k mar sizze. My is nou lykwols opdroegen, de earmste, de nearzichste fan alle minsken to sykjen, hweróm, dat is der net by sein.
(Hy komt op in idé)
Mar it soe sá wêze kinne: hwat earmer de minske is, namsto machtiger komt de folsleinens fan de skepping yn him ta utering...
(Op 'e eftergroun dûkt de opperthéolooch omheech dy't de finger opstekt, krekt as in skoaljonge dy't it goede antwurd wit.)
NEB.:
En Jo nimme oan, dat ik fan alle minsken de earmste, de nearzichste bin?
INGEL:
Dêr is gjin mis op.
NEB.:
De earmste?
INGEL:
De allerearmste, ja.
NEB.:
En hwat foar boadskip ha Jo dan foar my?
INGEL:
In goed boadskip, in seldsum boadskip: ik bring Jo de genede Gods.
NEB.:
Lit my dy genede dan ris sjen.
INGEL:
Kûrrûby.
KURRUBY:
Ja, ingel?
INGEL:
Kom harren, Kûrrûby. Kom harren, dou dy't fan God Sels skepen biste - lit dy sjen oan Amasjamasjtaklatû, de bidler út Ninevé.
(Hja giet foar Nebukadnezar stean; de ingel docht har de wale ôf. Nebukadnezar slacht mei in skreau de hannen foar eagen. Oppertheolooch kjel ôf.)
INGEL:
(fleurich)
Nou, hwat seist derfan, bidler út Ninevé: sok in genede kin bisjen lije, net?
NEB.:
Har skientme oerstrielet sels dyn majesteit, boadskipper Gods. By har blinkend ljocht bistou amper mear as in skaed en iksels wurd swart as de nacht, forgelike by har glâns.
INGEL:
In kreas fanke, en in goed fanke, jawis. Fannacht niiskrekt sa skepen - samar, út neat.
NEB.:
(fortwifele)
Mar hja is net foar my ornearre, net foar de bidler út Ninevé. Hja is net foar dit bihyplik bistek - hja is net foar my, ingel, | |
[pagina 116]
| |
toe - bring har nei kening Nebukadnezar!
INGEL:
Dêr komt neat fan yn.
NEB.:
(flaeit)
De kening, oars gjinien is weardich, dizze keine, ynfierene faem to ûntfangen. Hy sil har klaeije lykas foech jowt foar in foarstinne. Hy sil har de kroane jaen dy't har takomt!
INGEL:
Mar hy kriget har net.
NEB.:
(bitter)
Dus, dou wolst dizze hillige, forhevene perfoarst oan de lêste bidler ta hawwe?
INGEL:
De himel wit hwat goed is. Nim har. 't Is in goed fanke, in froed fanke.
INGEL:
Ik bin dochs gjin minske - wit ik hoe't jim soks hawwe?
(Hy tinkt nei:)
Kûrrûby!
KURRUBY:
Ja, ingel?
INGEL:
Hastou sjoen hwat dy dealske Akky hjir allegear fortoand hat?
KURRUBY:
Alles ha ik sjoen, ingel.
INGEL:
Nou dan, bisykje it dan ek sa. Dou bist fuortoan fan dizze bidler út Ninevé en dou moatst him helpe om krekt sa'n snoade bidler to wurden as Akky.
(Tsjin Nebukadnezar)
Hja sil dy bystean by 't biddeljen, Anasjamasjtaklatû.
NEB.:
(oeral)
Moat dit geskink fan himelske genede dan út biddeljen gean?
INGEL:
It wol my net oan dat de himel oars hwat mei har fan doel is - oars wie hja net foar in earme bidlersman ornearre.
NEB.:
Njonken Nebukadnezar soe hja de hiele wrâld regearje - njonken my moat hja to biddeljen rinne!
INGEL:
Wit wol: it regearjen fan de wrâld komt de himel ta - it biddeljen is minskewurk. Doch dêrom dyn plicht en biddelje fierder - mar mei fordrach: net tofolle en net tomin. Astou dysels in foech bistean bibiddelst, kin 't wol ta. Farwol.
KURRUBY:
(kjel)
Dou giest dochs net by my wei, ingel?!
INGEL:
Ja, ik moat gean, myn bern. Ik ha dy by de minsken brocht en nou, nou sweevje ik wer fuort.
KURRUBY:
Mar ik ken harren noch net, dy minsken.
INGEL:
Ken ik har dan wol, fanke? Mar ik moat de minsken forlitte, dou moatst by harren bliuwe - sa is it ús oplein. Farwol fanke, farwol Kûrrûby.
KURRUBY:
Bliuw by my, bliuw by my, ingel.
INGEL:
(slacht syn wjukken út)
Dat kin net, fanke. Ik haw optlêst myn stúdzje ek noch. De ierde moat ik ûndersykje en ik moat oanmeitsje om klear to kommen: mjitte, grave, sneupe, sammelje, nije wûnders ûntdekke yn it ûnmjitlike hielal. Oant nou ta haw ik de matéry ommers allinne noch mar yn gasfoarmige tastân waernommen...
KURRUBY:
(fortwifele)
Bliuw by my, ingel, bliuw by my!
INGEL:
Sweevjend fordwyn ik - sweevjend driuw ik de dage tomjitte. Stadich kliuw ik, hieltyd hegeroan, yn hieltyd wider swingen om Babylon hinne: in wolken, wyt en kein, wjokjend yn 't himelblau...
(De ingel sweeft fuort; de bidlersklean en it reade burd kreas opteard oer de earm.)
KURRUBY:
Bliuw, bliuw, ingel! | |
[pagina 117]
| |
INGEL:
(út de fierte)
Farwol, Kûrrûby, farwol. Farwol!
KURRUBY:
Bliuw by my, bliuw...
KURRUBY:
(sêft)
Nou is er fuort, fier fuort.
NEB.:
Fordwoun is er, yn hearlikheit.
KURRUBY:
Nou bin ik by dy.
NEB.:
Nou bistou by my.
KURRUBY:
Kâld is 't, sa ier op 'e moarn.
NEB.:
Fei dyn triennen ôf, fanke.
KURRUBY:
Skrieme minsken dan net as in ingel Gods by harren weigiet?
NEB.:
Wiswol.
KURRUBY:
Mar ik sjoch gjin triennen yn dyn eagen.
NEB.:
It gûlen ha wy forleard - it flokken oanleard.
(Kûrrûby skrillet tobek.)
NEB.:
Bist bang fan my?
KURRUBY:
Ik huverje oer al myn lea.
NEB.:
Skrilje net foar minsken, skrilje foar God: Hy is it dy't ús skepen hat neffens Syn byld.
KURRUBY:
En al hwat Hy docht is goed. Burgen wie ik yn Syn hân, deun stie ik foar Syn antlit...
NEB.:
En nou hat er my syn oarbyld skonken: my, de minste, de ûnhuerste ûnder alle skepsels dy't er fine koe, Anasjamasjtaklatû út Ninevé. Dou bist fan 'e stjerren kommen - en nou stiest hjir foar my. Ut dyn eagen, dyn antlit en dyn lea sprekt de skientme fan de himel - mar hwat sil de earmste fan alle minsken op dizze ûnfolsleine wrâld mei sa'n genedejefte, fan himelske folsleinens fol? Hwannear sil de himel leare en jow elk hwat er brek is? De earmen, de forwurpenen drifkje gear as forrêdde skiep - de machtigen binne neat brek, mar hja binne iensum, troch alles hinne iensum. De bidler longert nei iten - lit de himel him iten jaen! Nebukadnezar longeret nei in minske dy't njonken him stiet - lit de himel him sa'n ien skinke! Hwerom, freegje ik dy, hwerom hat de himel gjin weet fan Nebukadnezar syn iensumens? Hwerom moatte wy twaresom foar spot stean: ik likegoed as kening Nebukadnezar?
KURRUBY:
(yn tinzen)
Ik haw in swiere opdracht krige.
NEB.:
Hwat foar opdracht is dat dan?
KURRUBY:
By dy bliuwe, op dy passe, foar dy biddelje.
NEB.:
Hâldstou fan my?
KURRUBY:
Dyn mem hat dy berne datst my leavje soest oant yn ivichheit. En ik bin skepen, troch God sels, dat ik dij leavje soe, oant yn ivichheit.
NEB.:
Mar ik bin hielendal melaets, hjir ûnder myn mantel.
KURRUBY:
Ik leavje dy dòchs.
NEB.:
Fanwegen dyn leafde sille de minsken dy hjitfolgje, as wolven sa wreed!
KURRUBY:
Ik leavje dy dòchs.
NEB.:
Hja sille dy forbalje, fier fuort, de woestinen yn. Yn it gleone sân ûnder de stekkende sinne silst fortoarstigje en wreed oan dyn ein komme! | |
[pagina 118]
| |
KURRUBY:
Ik leavje dy dòchs.
NEB.:
Patsje my dan, ast fan my hâldst.
KURRUBY:
Ja, ik sil dy patsje.
NEB.:
(slacht Kûrrûby tsjin de groun as hja him patte hat en skopt har mei de foet)
Sjoch, sa slach ik tsjin de groun hwat ik leavje boppe alle minsken! Mei de fuotten tramtearje ik dy, genede Gods, dy't my skonken is ta myn bihâld. Sa, sa patsje ik dy, dit is myn wjerwurd op dyn leafde. Sá rêdt in bidler mei dizze himelske jefte dêr't kening Nebukadnezar al syn leafde en majesteit oan tabitrouwe soe!
(Fan lofts komt Akky, de finzene Nimrod sleept er efter him oan.)
AKKY:
Hwerom tramtearrest dat bern sa, bidler út Ninevé?!
NEB.:
(hunend)
Ja, sjoch mar ris, sa ûnthelje wy, bidlers, de himelske jeften - mar dit wie dan ek wol in seldsum biwiis fan himelske genede! ‘Fannacht noch skepen - sei er it sa net? - ‘en ornearre foar de earmste fan alle minsken.’ In ingel hat har my brocht, my, persoanlik. Makkest der gading oan?
AKKY:
Fannacht krekt skepen?
NEB.:
Samar - út it neat.
AKKY:
Ja, hwat sil men mei sokken genede oan.
NEB.:
Dêrom skik ik it ek hwat. Hja is dines, as ik dy finzene fan dy krij.
AKKY:
Mar horis, dat is optlêst in ex-kening!
NEB.:
Ik jow noch in goudstik ta, datselde dat ik niis opskoaid haw.
AKKY:
En syn histoaryske wearde dan?
NEB.:
Myn beide sulverlingen ek noch.
AKKY:
Gjin bêste hannel.
NEB.:
Nou, wolst lyk oerstekke?
AKKY:
Toe dan mar, omdatst sa'n bigreatlik stikje bidler biste. Dêr.
(Hy smyt him de ex-kening ta.)
En dou fanke, bist nou fan my. Kom mar oerein. In ingel hat dy hjir brocht, wurdt der sein. Ik mei op 'e tiid wol oer in grapke, ik sil leauwe hwat ik leauwe kin. Dou silst myn stipe wêze en dat bin ik ek wol brek, hwant ik stap justjes oer de foet. Dy wyn fan Trintene Tapke wie sa goed, sa tsjoed... Dou kenst de wrâld net fanke - wês mar net bang: ìk ken de wrâld safolste better. Niis hat dy bidler dy slein - nou, ìk ha al safolle reizen hawn! Komoan, wy sille nei it plein. In gaedlike dei: 't is merke, wy sille ús trekken waernimme. It sil my ris nij dwaen hwat wy bidije, dou mei dyn skientme en ik mei myn rea burd. Dou skopt en slein troch in bidler, en ik troch in kening hjitfolge.
KURRUBY:
(sêft)
Ik leavje dy dochs, bidler út Ninevé.
(Akky giet, lynjend op Kûrrûby, rjochts ôf.)
AERTSMINISTER:
Majesteit!
NEB.:
(oerstjûr)
Tsien dagen tiid sil er noch hawwe, dy bidler Akky! De heechste amten sil er krije kinne, as er mar yn goedens wol. Wol er dat net, dan kriget er de boal oan 'e hals! En dou generael: tsjoch mei dyn legers op nei de oare kant de Libanon, foroverje dy doarpkes Sparthene, Mosking, Karthagau en Peka en hoe't se fierder hjitte meije! Wy lykwols geane, mei dizze ex-kening as finzene, nei it | |
[pagina 119]
| |
paleis om it biwâld to fieren oer it minskdom - ta har eigen bêst, sa net. Mar 't falt net ta as men sa wurch en wanich is en troch de himel op 'en djipsten misledige!
(Nebukadnezar bliuwt allinne efter mei de ex-kening yn 'e boeijens slein foar him op 'e groun.)
(Hy docht de bidlersdracht en it reade burd ôf, bigjint der op to stampfuotsjen en bliuwt dan yn swiersettige tinzen en ûnforweechlik stean.) (Fan de eftergroun komt skoarearzjend it gefolch.) EIN FAN IT EARSTE BIDRIUW
|
|