De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 109] [p. 109] Sjoerd Spanninga: The whispering melody Der sit net folle goeds yn my hwant alles wiist him kwea mar dochs haw ik hwat moais foar dy in gouden ring - it gea - en sjoch ris nei dy pearelstring hwer't iderkear it fjûr troch springt de wjerglâns fan dyn hier hawar - hwat ús de dei ek bringt dou hast fansels de kar út mear de nacht is juwelier. Sinnebuorren Dêr wennet ien dy sit him sear op fûle aeijen men sei hy wie mei lean en sa oan 't krabbedraeijen en dizze fint hat altyd hwat to kommandearjen 't is krekt in âlde spikerbus it gat fol herje en dy dêr draecht de holle sedich op 'e side dus lit jou dochter leafst net by him yn 'e slide en dit is nou it hûs hwer't men fan grutet dat men de moanders soms de doar út tutet mar hjir komt aensent netsjes folk to weinjen mei helianthen en hwat judaspeinjen. Vorige Volgende