noch krollige lokken - dêrnei grypt er in kaem en kjimt... Mei ien hân hâldt er de kaem, mei de oare hân de rykdom oan hier... dy't nou syn rykdom is, hwant hja kin der sels net mear by. Hja is nou folslein oan him oerlevere: sûndige en bigearlike hannen bifrisselje yn syn eagen hillich hier - hy is der noch gek mei en hy moat der hiel efkes mei in biburde wang tsjinoan krûpe...
- Skei út!
- Sil ik hwat lij wetter helje en dy in lyts bytsje om 'e snút feije?
Der rûgelt in trien út har each, en hja kin dy nou net mear rap weistelle.
Hy hellet al wetter, in waskhantsje en sjippe...
- Nèt safolle sjippe der oan!
- Né ju, dat doch ik ommers nea...
Tige forsichtich aeit er har oer foarholle, wangen, noas, eagen, hals en nekke en droeget har ôf mei in doek by de kachel wei... en optein ropt er:
- Suver in poppe, sa skjin!
- Hâld dy dochs stil, ju!
- Ja, mar... ik hâld ek safolle fan dy!
- Dou bist n't wiis en dat hast ek noch nea west - ik stryk der aenst út nei de famkes, dan sille dy my wol helpe!
Hy hellet in spegeltsje en wol har sjen litte, dat it hier mar skoan sit...
- Fuort mei dat ding! Hja slacht der nei en kin it wol útskreauwe fan de pine.
Dy man, hy is de hiele dei fleurich en moarns bitiid suver oerdwealsk - nei't er har troude, hat er gjin misse dei ea wer hawn.
- Leave, dyn thé... suver al kâld, ik sil dy helpe...
Hja lit him gewurde - hwat kin hja oars, hja moat wol... hja is alhiel fan dy man ôfhinklik wurden en dat wurdt mei de wike slimmer. Hy docht alles foar har, hat altyd alles foar har dien en sil noch it slimste foar har dwaen. En hja wol it net - hja soe him forniele wolle of hy siik en hja him forplege.
- Hwerom hast de kleden net talutsen, eltsenien kin sjen!
- Lit se sjen, dat ik dy moarnsier forsiere mei...
- Ticht dy dingen!
- Hoe moatst dy aenst iepen krije, ju?
- Lit se dan iepen!
- Sjochst wol, wy binne it iens... lyk as altyd!
- Gean nou, it is dyn tiid!
- Earst in tút...
- Tink der om, ik kin dy noch skoppe!
Yn it tsjuster slingert er syn rimmetykskonk oerside fan de fyts en siket in traper. As hy sit en rydt... en fan de earste pine forlost is, fluitet er. Hwant hat ien in frou as hy?
En hy wit noch net iens, dat hja nou foar 't iepen finster stiet en him neieaget yn 't tsjuster... en dat hja lûdop seit:
- O, dou leave ûngelok fan in man!
Dat seit hja mei hillige wissens, dat hy it nea en nea en nea witte mei - dy stjonkert, dy streupert, dy...
It wol mar net ljocht wurde.