De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 124]
| |
IILyk as ek út dit boek bliken docht, is Piebenga tige mei Dútsklâns nasionael-soasialisme konfrontearre. It heart aktiver sein to wurden: Piebenga hàt him mei Dútsklâns nasionael-soasialisme ynlik konfrontearre. Hy is der net allinne mei yn 'e kunde kommen, út himsels hat hy der ek kunde oan socht. Hwant fan it bigjin ôf achte er it bilangrikernôch en bigriep er de needsaek om it to kennen, en hat der mei wraksele om der oertsjûge klear mei to kommen: as Fries, as minske, as kristen. Mar doedestiids koe nimmen, dy't him dêr earnstich oan weage, dat dwaen sûnder de risiko's fan yndruk, ynfloed, forsiking en slingering, en dêr hat Piebenga net to min syn diel fan hawn - fóár de oarloch al en ûnder oarloch en bisetting. Hwàt lykwols fan it nasionael-soasialisme hat sa'n djippe yndruk op him makke en is him net sûnder noedlike ynfloed foarbygien? Hwàt deryn wie him ta forsiking en hie de macht om him by tiden slingerje to litten op syn sté? Dat oangeande is ûnderskieding nedich. Hwer't Piebenga fan oanstriden west hat, binne folle minder de prinsipiéle idéën fan it nasionael-soasialisme as de dynamyk, it gewelt en de feart, dêr't it mei oer Dútsklân en de wrâld gyng. Yn prinsipiéle sin wist er ridlik gau wol ried mei dy idéology. Wie er in man fan boaijem, fan bloed wie er net en noch minder fan 'e kritykleaze, ûnhillige forbining fan beide. Oar bloed warskôge him dêrfoar: it bloed fan Abel en dat fan Jezus Kristus, en spriek him fan bettere sawol as fan faeijere dingen. Mar him bineare de fraech fan it nasionael-soasialisme as histoarysk forskynsel. Hwat wie de bitsjutting fan 'e nasionael-soasialistyske biweging, en hokker groun en rjocht hie har birop op 'e histoarje? Oer dy fraech moast dizze man, sa sterk oanlutsen fan it probleem en geheim fan 'e minsklike skiednis, ta klearrichheit komme, en dat hat him muoite en striid koste. Op dat punt ûntdekt de lêzer, dy't him yn Omgong en Trochtocht jowt, Piebenga's forsiking en wankeling sawol as syn distansiëarring en ôfwizing. Ja, yn in Fryslân mei safolle tobrutsenheit en in wrâld, fan anarchysk bigearen en rasioneel tinken sa slim út 'e foegen en de bining fan it histoarysk bisef settend, hat de bikoaring flak by him stien fan 'e hope, byneed tsjin hope, dat wie it faeks net, foar it neist net it nasionael-soasialisme sels, dan doch de réaksje op it nasionael-soasialisme it folksbistean ta stiel en it hûs wer ta djipper bifêstiging yn 'e ierde dije mocht. Twivelmoedich oer de moderne demokraty fan 'e westlike wrâld, moat Piebenga yn it nasionael-soasialisme réaktyf hwat sjoen hawwe fan in bitter middel ta genêzing, in mooglikheit fan forhef ta heroysker bistean en libben, in net to ûntkommen Schicksal oer de folken, ja hwa wit in | |
[pagina 125]
| |
straf - koartom net frij bleaun wêze fan in romantyk, dêr't fielen en tinken, sterk histoarysk biskaet, altyd wer fetber foar makket. Allinne, datselde tinken en fielen hat him teffens wjerhâlden. Piebenga hie to folle bisef en to greate kennis fan 'e histoarje om net to sjen, hoe bare ûnhistoarysk mei al syn birop op it forline it nasionael-soasialisme wie. Fan noch safolle plakken en út noch safolle tiden mocht dat him tradysjes oannaderje, dêrmei levere it net it biwiis, dat rôvers rispers binne. Likefolle ieuwen, fan 'e Bismarckiaenske ieu ôf oan Oera Linda ta - as Dútsklâns mannen fan humanistyske wittenskip it der noch net krekt foar biwarre hiene, dy bok to sjitten - mocht it anneksearje as allinken steaten, diel hie it der net oan. It wie in groteske skiednisforfalsking. Foarsafier't it earne noch al histoarysk diel oan hie, hie it dat oan ekstreme rasionalistyske, anarchistyske, yndividualistyske filosofen en oan theoryen fan heechmoedige idéalisearring fan macht. Net oan hokker Volkstum ek, noch earlik oan bloed en boaijem yn har natuerlik elemint. It gyng der mei de nije oarder net om histoarje to meitsjen, mar histoarje to ûntheisterjen en to brekken. En dat antihistoarysk bidriuw moast formomme en forblomme wurde, mythologisearjende wei. It tredde Dútske ryk, macht- en rôfsteat op 'en réeelsten suver fan aziatyske wreedheit, krige it masker fan in sabeare germaenske mythe foar. Sa koe it grounfêste wurde op hwat it ta setting fan macht en it avontûr fan 'e rôf nedich hie, op hwat it yn syn forneatigingsdriuw ta grounfêsten allinnich oerhâldde: púnheappen, forgetten bloed, forwoaste boaijem en forbrutsen folken, lytse binammen, oan púnheappen. Mar by dy lytse folken soe ommers nea en to ninter Yslân wêze. Yslân, dat yn 'e Germaenske mythe fan it tredde Dútske ryk sa'n fornaem sté hie. En sjochdêr in tige kardinael punt yn Piebenga's skôging. Piebenga's konfrontaesje mei it Dútske nasionael-soasialisme en syn réaksje derop binne allinne suver to bioardieljen út it bigryp wei, dat hy dêryn oer ieuwen earder hinne, mar himsels neijerby, op 'e nij en skerper konfrontearre waerd mei Yslân, de Edda, de saga's. Hie it tredde Dútske ryk kunde en diel oan it histoarysk Yslân? Koe it him foar syn mythe mei rjocht op 'e Edda en de saga's biroppe? Dat wie de fraech, him tergjend steld, en dêrop hat er him net forsjoen. Earder is it oarsom: dy omgong en trochtocht oer it nasionael-soasialistysk Dútsklân hinne hat Piebenga greater klearrichheit jown, dat it bistean fan it âlde Yslân en de idéology fan it nije Dútske ryk elkoarren fierhinne frjemd wiene. Lang net yn alles lykwol, hwat elemint en strekking oanbilanget. De Edda en noch klearder de saga's witte ryklik folle fan bloed en boaijem, fan driuw nei macht en oanstriid fan forneatiging. It is dan ek tige de fraech, of 't, byhwannear't it Yslânske folk manmachtiger west hie en yn steat om ta greate macht to kommen, it net ieuwen fóár Dútsklân yn it Dútske forlied rekke wêze soe. Hat Piebenga dat wol skerpernôch sjoen, tominsten fan it bigjin ôf al? It moat sterk bitwivele wurde. Uteringen fan sines wize der moai dúdlik op, dat âld-Yslâns bistean, sa't it oerlevere is yn 'e Edda en de saga's, gâns bikoaring foar him hawn hat en dat er to min each hawn hat foar it gefaer deryn. Né, Dútsklân hat syn forsiking net west, mar Yslân. | |
[pagina 126]
| |
En dochs, dêroan is er ûntkommen, om't tusken datselde Yslân en it tredde Dútske ryk as kardinael forskil de frijheit stie. De frijheit, altyd faei yn in machtige steat, in modernen net to min, mar dy't lytse folken, hja meije ek noch sa'n sterke en bigearlike natuer hawwe, altyd wer nedich binne ta rjocht, bistean en libbenbitingst. Net, dat it lytse folk better wezê soe, mar fan need kin it it net oankomme litte op machtsetting en noch minder op forienselviging fan rjocht en macht. Needsake is it, yn 'e frijheit syn rjocht to sjen en to sykjen; de iennichste mûglikheit fan takomst hat it yn 'e erkenning fan 'e frijheit as grins en as bân. En mei alle sterke oanstriid fan grinsforbrekking, dat wol sizze fan bluodrich ûnrjocht, oerdwealske oerhearrichheit en wyld gewelt, hat dat it Yslânske folk dochs barre meijen troch syn âldgermaenske bisteansoarder yn familiale mienskip, groun fan 'e frijheit as folksrjocht, lang net sûnder gefaer fan 'e fete yn anarchyske en anarchistyske ûntaerding, mar dêrfoaroer ek forhindering fan gefaerlike machtsfoarming. Sok in rjocht en frijheit moast de Fries Piebenga, sels lid fan in oar lyts Germaensk folk, dat foar in by alle forskil bisibbe frijheitsidé striid to fieren hat, der wol ta bringe, tsjin in Dútsklân ûnder it gewelt fan in tyrannike steatsraison en in ûngenedige machtsidéology, hoe mythysk ek oanpropagearre, it folksfrije Yslân foar kar to nimmen. Mar ek dat: it Yslân fan 'e saga's, net ûnbitinge. Hwant as hy oer de Edda siet, wolris to folle der yn fordjippe, dan gyng, byneed nettsjinsteande himsels, noch in oar boek iepen. It wie de Thoara. Wet en evangeelje, dy fan Jezus Kristus, binne de kristen, de minske, ja sels de Fries Jan Piebenga ta in warskôging wurden, dat de natuer minske noch folk ta bihâld is, dat hja rjochtsoarsom yn útfiering fan machtsbigearte, ja en ek yn bitrouwen op folksrjocht en folksfrijheit net bihâldt, mar fordjert. Kristus' forbrekkend krús, én forbrekking én heil de heidenen sawol as Israël, dat koe er op syn omgong en trochtocht oer Dútsklân nei Yslân net foarby.
(Wurdt forfette.) |
|