ynternasionale boekemerk oerstreame. Men kin it út soarte forlykje mei Huxley's Brave New World en 1984 fan Orwell. Mar réalistysker basearre op 'e hjoeddeiske werklikheit en ûntjowing, binearjender, akuter, driigjender tichterby.
On the Beach, oan 'e lêste igge fan it ierdske libben, spilet yn 1964. De trêdde wrâldoarloch is foarby. Hwa't bigoun is wit men amper en it is ek net bilangryk mear. It noardlik healroun is ien radioaktive hel, dy't alle libben dwêst hat. Lânnen en kontininten binne leech, de measte stêdden steane der noch, luguber, dea en forlitten. Fier yn it suden fan ús planeet libje jit minsken, yn Australië bygelyks. Hja witte lykwols, dat it in kwestje is fan in pear moannen, op syn heechst in healjier, hwant op 'e ekwatoriale winen driuwt it forgif ûnkearber op harren oan. De Amerikaenske dûkboatkaptein, dy't mei syn skip in taflecht socht hat yn Melbourne, de lêste haven dêr't it libben noch mooglik is, wit it en de faem dy't om him stiket en dy't it libben oant de lêste drup drinke wol, wit it likegoed. In jonge sé-ofsier en syn frou, in lokkich pear mei in lytse poppe, witte it. Hja bisykje de idylle fuort to setten, mar hyltyd wer fljocht de deadseangst harren nei de kiel. De atoomgelearde Julian wit it better as allegearre en hy siket de birûzing yn drank en autorace. It folk formakket him oan it strân en sjongt Walzing Matilde. Men harket nei de radio, dy't alle dagen de opmars fan de dea saeklik rapportearret, men kin it net forarbeidzje en flechtet yn de yllúzje. Der ûntstiet gjin panyk, der is wol makabere humor en helthaftige birêsting en in ûnwêzentlike trou oan it libben, dat oan wearde wint, nei't it swierder bidrige wurdt. De lytse deistige dingen krije nou in sakrale bitsjutting. Mar de ‘knockoutpillen’ lizze ré, as 't safier is, kin men se helje.
Of is der dochs noch hope? De marine fangt morseseinen op, dy't fan in Amerikaenske basis komme. Libbet dêr noch immen, bilunet de radioaktiviteit? De dûkboat fart der hinne op ûndersyk, ien fan de ofsieren giet yn in feilichheitspak de stêd yn en fynt de oarsaek fan de seinen: in coca-cola fleske, bitiisd yn in tou, forweecht op 'e wyn en tikket op in apparaet, dat op sterke batterijen jit draeit.
As hja yn Melbourne werom binne, is de ein tichteby, mar de maitiid komt en it libben giet troch. De atoomgelearde wint yn in barbaerske striid op libben en dea syn autorace, forskate fan syn maten komme der by om. Brisbane, Sydney en Adelaide fordwine, de iene nei de oare, út de ether, de earste slachtoffers yn Melbourne falle al. Foar de distribúsjekantoaren wachtsje lange rigen op 'e pillen, kommandant Towers fart mei syn dûkboat de haven út om him yn sé sinke to litten, en dan is 't út.
Hat Stanley Kramer fan dit forskuorrende profetyske drama in adequate film makke? Ja en né. Men mist to folle fan de like navrante as masterlike dialogen út it boek. Yn 't algemien hat er soberheit bitrachte, mar hy is net alhiel oan Hollywoodske sensaesjesucht ûntkommen. De wylde autorace bygelyks kriget in to great plak, forskate stille toanielen, karakteristiker en yn wêzen folle binearjender, wurde eliminearre. De muzyk, op motiven fan Walzing Matilde, oerboldert soms hanneling en dialooch. Dat forneamde filmstjerren dit drama spylje, bifoarderet fansels de publisiteit, mar soms freget men jin ôf, oft hja har rol, symboal to wêzen fan in stjerrende minskheit, net hwat yn de wei steane.
Der binne lykwols forskate oangripende tafrielen, dy't men nea wer forjit en dy't de film fier boppe de midsmjitte úttille. Ik ha nea in filmscène sjoen fan sa'n uterste binearing as de tocht fan de dûkboat nei Californië. As in swart fantoom fart er út it lân fan de wankende dea nei it lân fan de ivige dea. Oan de kust fan Californië sjocht men op it wite doek hwat de bimanning troch de periscoop sjocht: San Francisco yn syn hear en fear, de machtige brêge oer de Golden Gate, de hege wite flatgebouwen, de strjitten en de boulevards, mar allegear leech en forlitten, ien stomme oanklacht, ien ûnbidich grêfmonumint. San Diego: itselde lugubere byld. Allinne wynderet hjir en dêr in papier yn de dize, opwaeid fan de deadlike wyn. ‘Von diesen Städten wird bleiben: der durch sie hindurchging, der Wind’...
Hwa syn skuld is it, hwa is bigoun? freget de forbjustere bimanning de atoomgelearde. Albert Einstein, seit er mei in sneer, doelend op 'e earste atoombom. Mar dan forfettet er: it is net sa ienfâldich, de forkenners fan de iene partij seagen stippen op har radarskerm en signalearren: de fijân yn oanfal. Doe kaem de druk op 'e knop en de hel wie los. De skuld leit by in forbline wrâld, dy't op in wapen