Krityk yn it koart:
Huldeblyk foar ‘stille kultuerkweker’
Der is mar ien Dokkum. Ta de 75e jierdei fan D.J. Kamminga. 5 oktober 1959. In mannich opstellen him oanbean fan syn freonen.
1959 - Schaafsma & Brouwer, Dokkum.
Hwa't de bikende Dokkumer útjower Doederus Johannes Kamminga in bytsje ken - en wy fan De Tsjerne hawwe him jierren as ús editoriale peet-omke meimakke - sil witte hoe'n poepetoer it west hawwe moat dizze foar publike hulde sa skoftige figuer op dit fuotstik to krijen. Mar doe't de hear Kamminga trije fearnsieu âld waerd is it dochs slagge en bied him dit freone-album oan, al sille taris en opset wol tomûk en efter syn rêch om ta stân kommen wêze.
It wurkje bifettet in rige koarte opstellen oer persoan en wurk fan de jubilaris en wol fan de hân fan J.K. Beetstra, S. van Tuinen, S.E. Wendelaer Bonga, J.K. Dykstra, J. van der Woude, K. Boelens, H. Halbertsma, E. Caspers, Marten Scholten, Jan Piebenga en J.J. Kalma, wylst fan Fedde Schurer it loffers opnommen is, dat yn '54 ta eare fan dizze aparte útjower yn dit tydskrift stien hat. De follerhanne kanten dy't der oan in persoan as D.J. Kamminga sitte - de Dokkumer, de boekforkeaper, de geakundige, de man fan de Aldheitkeamer, de útjower, de soasiael-demokraet, de freon, de bibliofyl - wurde troch niisneamde skriuwers yn koart bistek bihannele.
Weardefol foar de histoarje binne foaral efteryn de list mei Werk van Dokkumer uitgevers en drukkers, dy't mear as 300 jier bislacht en de kronologyske list mei útjeften fan de fa. J. Kamminga, dy't fan 1883 oant hjoed ta rint. Vignetten en in houtfyk út it printersarchyf binne tusken de teksten struid, hwat út soarte mear histoarysk nijsgjirrich is as dat hja dit boekje ta in geve typografyske ienheit meitsje. Spitich is dat in pear rare printflaters de haest trochskimerje litte, dêr't it wurkje mei ré moast. Sa waerd op bls. 95 in dichtbondel fan Rixt as De gouden ûre to boek steld. Mar sokke skeinplakjes dogge neat ôf oan de wearde dy't dit inisiatyf hat, ek foar literatuer-histoarje en dokumintaesje.
Yn in wykblêd hat in Nederlânsk journalist okkerjiers de hear Kamminga neamd ‘een stille cultuurkweker’. Dit boekje is in biskieden, mar klear biwiis foar de wierheit fan dy treflike karakteristyk.
D.A.T.