De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 129]
| |
[Nummer 5]Durk van der Ploeg:
| |
[pagina 130]
| |
En yn de doarpen
krimpe de wurden,
skinke de krûken
it lêste brout,
slane de fûgels
fannijs yn it hout:
falt oer de ierde
it lân yn 'e ripel.
IV
Toarkje oan de tsjoaren
de wear en it wouter -
wilet de frucht
fan it âlde seizoen;
slacht om de krûken
duorsum de wiette,
djip yn it hûs
bin de skealjen wyt,
tart it rommer as
inkeld de mjitte
as by jiertiids
oanbigjin mei
jonge drift
ûnder de winen
winne de fruchten.
V
Wringelt op 'e estrik
it swit en it sûr -
slipet de tiid
yn de spegel.
Giet faezjend
de wyn om de
needrige wenten
en deadet ûnder
de fane it feest
as leech oer
de kimen it folk
by it lieden
drage yn 't swil
de deaden út.
|
|