‘It spyt my sa, dat Jo troud binne’, sei hja.
‘My likegoed’, bisocht ik to anderjen. ‘Mar men kin doch wol wiis mei inoar wêze, sûnder trouplannen fuortdaliks?’ Oft hja it fette hat?
Ik joech har in tút, doe't de lampen wer út giene, en dat fette hja yn elts gefal al. Hja noege my sels, ris in jountiid by har op har flat to kommen, om gesellich hwat to praten.
It spiet my ta de teannen út, dat it feest om ien ûre sletten waerd mei de meidieling, dat de heechste man, joun foar it earst oanwêzich, moarn op it wurk gjin kleijen hawwe mocht oer slûge arbeidskrêften. Dat hie ik der oars bêst foar oer hawn, om noch hwat by har to sitten.
Dit is dan it forslach fan hwat myn twadde bilibbe, wylst ik mei de frou op dy jierdeipartij siet, en my dêr danich forfeelde. Hja seine út en troch, dat ik wol slûch wêze koe, ik wie slim ôfwêzich bytiden. Hja moasten ris witten hawwe hwêr't ik tahâldde. Om goed ien ûre binne de frou en ik ôfstutsen. En wer kaem de twivel yn my boppe.
De oare deis lykwols, op 'e saek, seagen hja allegearre nei my mei in eachopslach fan forstânhâlding, as wie ik opnommen yn harren geheim. En as wisten hja ek hwat fan myn geheim ôf. Net ien sei der lykwols in wurd oer, en iksels allikemin.
Nei it skoft haw ik myn kreaze jonge widdou opskille, ik mien de widdou fan ús eardere ynkeaper, dat in treflik man wie. Mar earst, om my to oertsjûgjen, haw ik yn de kelder west en konstatearre, dat him dêr in stevich feest ôfspile hie, dêr't frijhwat flessen en glêzen by sneuvele wiene; de âld grammofoan stie der ek noch. Mei dy wierheit yn it hert haw ik har dus frege hokker joun ik komme mocht. En hja hat sein fan moarntojoun al. Hja hat it dus fette.
It wurdt fansels frij ienfâldich, dêrhinne to gean sûnder dat immen it bispeurt. Mar it giet der nou om, net myn twadde persoan ôf to furdigjen - al sil er der net wiis mei wêze dat dizze kâns him ûntfytmanne wurdt - mar sels, as earste persoan, hinne to gean; hwant dy is oan alle kanten folsleiner, al is er bytiden slim ôfwêzich. De twadde kin dan thús, by de frou, hwat slomje efter de krante. Hwant hja binne noch lang net lykweardich, en ik freegje my ôf, oft hja it ea wol wurde sille. De geast, hoe sterk ek, hat syn grinzen.
Noch leaver soe ik der yn hiele hear en fear hinne reizgje, sûnder ôfsplissing, om der folslein by to wêzen. Mar oft ik dat rêdde sil, ik wit net, ik wit net... -
Hoe't dit ôfroun is, sille wy wol nea gewaerwurde; it feit, dat myn neef Doaitsen dy't him Donald neame liet neitiid skaet is, hoecht der noch net op to wizen dat dit aventûr slagge is. En oft er syn útfining noch faker brûkt hat, mei hokker resultaten, wy sille der net mear efter komme. En sels oft er yn dit stik de wierheit en neat as de wierheit jowt, it sil foar altyd yn it tsjustere bliuwe. Hoe hat er dit dan hawn? Wied er eins wol normael? Ik seach him wer foar my as soldaet: hwat in nuvere eagen! En dat it him ynienen oanfleach dêr yn de kazerne, sa slim dat er hommels weiwaerd, dat seit dochs ek al hwat oer de persoan. Hy hong ommers oan it lân dêr't er weikaem, dêr tsjûgen de brieven fan dy't er út en troch