De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 49] [p. 49] Hedzer Andela: Tekst man, it ljocht kwynt de stjerren wurde ûnrêstich earne, fier oer sé, woedet in faem oan har herte ûntspringe stoarmen en oarloggen manlju sille elkoarren nei it libben stean beammen en blommen skrieme en de dieren sille inoar in âld forhael fortelle út de tiid doe't de minsken jit gjin nammen hiene en wachtsje oant it wer sa is man, it ljocht kwynt wês wach! Vorige Volgende