De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 50]
| |
J.P. Wiersma:
| |
[pagina t.o. 50]
| |
FOKJE FRANSES PASMA
(1-1-1865 - 17-10-1956) Crayontekening út plm. 1883 | |
[pagina 51]
| |
Us dichter wol hiel wol hearre nei 't babbeljen fan syn fanke. Mar har forhael moat bileaven net to lang wêze; hwant ‘wurden kinne in bulte sizze, mar dochs sizze s' alles net’. Dêrom kriget hja fan de dichter to hearren:Ga naar eind5)
Faem, gjin jellenlang forhael!
Praet dou, sûnder eat to sizzen,
Yn dyn goud'ne lippetael!
To Frjentsjer, by it keatsen, kriget ús dichter foar it forstân, dat yn it hôf fan de sljochte minne muorren steane, dêr't ek hy net oerhinne kin. Dêr sjocht ús Don Juan ‘in faem mei wite fearren’ op 'e hoed - en nou moat er bikenne:
Dat is foar my in pripper:
Dy binne net út to slaen.Ga naar eind6)
Syn bizigens jowt him soms in masterlik puntdicht yn 'e pinne en ek it epigram (Gelove en Noch djûrder) wit er mei feardigens to hantearjen.
Yn it twadde tiidrek fan syn dichterskip (1883-'87) hawwe syn lyryske dichten in twingender, in ynliker, in hertstochtliker toan as yn syn earste perioade. De ‘blom’ dy't yn syn Grinzer tiid op syn paed bloeit, is net in ‘gewoane’ blom - it is in ‘wûnderblom’. Dizze forskining - hy rekket der bidwelme fan!
Wunderblom
Ik rin alhiel forwêzen om
En bin net mear my selme;
De swietrook fan in wûnderblom
Hat my alhiel bidwelme.
Nou sjong en floitsje 'k yn 'e moarn
En laitsje tsjin 'e sinne.
O wûnderbliere hertesoan,
Dou blide jonge minne!
Hwa wie dy ‘wûnderblom’? Is it ûnbiskieden, om nei al dy jierren nei dy swietrokige forskining op 'e sneup to gean en mei in namme, sels mei in portret, foar it ljocht to kommen? My tinkt fan net. Piter Jelles sèls hat ús in tried yn 'e hannen jown. En dat wy dy nou - yn it jier dat wy him en syn wurksumheit as dichter mei tankberens bitinke - fierder spinne, soks kin earder bigryplik en nijsgjirrich neamd wurde, om't de Fryske literatuerskiednis dêr bilang by hawwe kin. Yn syn GedenkschriftenGa naar eind7) forhellet ús dichter, dat er yn syn earste stúdzjejier to Grins mei in faem yn 'e kunde kommen wie:... ‘een wees, reeds op haar 18e jaar staande aan het hoofd van het boerenbedrijf, door haar broeder beheerd. Het was een meisje van deftige boerenfamilie.’ Dy jongfaem wie Fokje Frânses Pasma fan Westermar by De Jouwer. Dat hja in ‘wees’ wie, dêr hat Piter Jelles mis mei west. Har heit, Frâns Hindriks Pasma, dy't yn de jierren 1859-1879 boer to Westermar, dêrnei | |
[pagina 52]
| |
boer op in modelbuorkerij fan de Stêd Kampen op it Kamper Eilân west hieGa naar eind8), wie dêrre yn 1880 forstoarn. Fokje' mem, Antje SpeerstraGa naar eind9), wie mei har bern troch har skoanheit Hindrik Frânses Pasma nei Fryslân weromhelle, en wol nei in pleats fan sines to Nijebrêge. Fokje en har broer Hindrik wiene op de pleats to Westermar bleaun, doe't harren âlden nei it Kamper Eilân forfearn wiene. Broer en suster bistjûrden dus togearre dat spul en it sprekt fansels dat Fokje de tsjernerij, it bûter- en tsiismeitsjen op har noed hie. Hwer't de dichter en Fokje inoar foar it earst moete hawwe, is net mear út to meitsjen. Hat dat west ‘oan 'e kant fan 'e mar’, dêr't de dichter sà fan sjongt: ‘Dêr metten wy elkoar foar 't earst / Dêr naemstou my foar kar’? It kin ek wêze, dat Fokje yn 'e tiid, dat hja by guon fan har sibben to Grins útfanhûze, de dichter dêrre foar it earst troffen hat. Op 'e âlderlike pleats to Westermar - in hierd spul - moat Fokje har ta in tige tsiismakster ûntjown ha. Ut en troch stjûrde hja har feint to Grins in priuwke fan har eigenmakke waren. Dat net allinne de dichter, mar ek syn maten happich wiene op de tsyskes út Westermar, blykt út syn meidieling, dat hy ris ‘een “kaasfuif” op mijn kamer’ hâlden hat! Wol moat it de dichter tinken west ha mei dizze Fokje! Hja is de iennichste faem, dy't er as boarne fan syn dichterlike ynspiraesje yn de Gedenkschriften neamt. ‘In verschillende gedichten in mijn Frieschen bundel opgenomen, kan men uitingen vinden van de stemming, die zij op mijn dichterlijk gemoed uitoefende’, skriuwt er. Dat binne dan de fersen út it twadde tiidrek fan syn dichterskip, dy't de skriuwer fan Rispinge yn de ynhâld it sifer 2 joech. Binammen de earste fersen fan dy 2-rige komme yn 'e bineaming foar de ûnderstelling dat de dichter se makke hat, foreale op en tinkende oan Fokje Pasma. Yn de famylje Pasma - to sizzen yn de generaesje dy't nóú libbet - wurde bipaelde fersen út Rispinge neamd yn forbân mei de relaesje Piter Jelles - Fokje Pasma. Foarfêst wit ik it net, mar ik doar it wol weagje en wiis as sadanich de folgjende fersen oan: Hwerom?...; Hoe lokkich!; It Skynsel; Yn 'e Brânning; Ik jow de wyn myn suchten mei; Wy wiene togearre; Wûnderblom; Hwat de letters jin sizze; Ik naem dy op myn knibbelGa naar eind10). Hwat it foarste fers Hwerom?... oanbilanget, is it my net klear om hokfoar reden de dichter dat oan it bigjin fan de 2-rige set hat. It hie, tinkt my, oan de ein stean moatten, hwant dat fers makket tige dúdlik, dat de forhâlding tusken dichter en faem in knûk krige hie. Licht wie dy doe al tobrutsen, mar jit net mei in stilte bislein. De dichter woe der noch hwat fan sizze en doe waerd er bitter. Hy forwyt de faem, dy't syn muze wie, dat hja ‘nin hert’ hat! Ut de niisneamde fersen priuwt men, dat syn forealens de dichter yn 'e bisnijing hat. Dit fanke is yn syn eagen neat minder as in forskining op syn libbenswei. Hwannear't hja yn 'e spegel sjocht, kin hja mar laitsje tsjin harsels, sa dichtet er. Hwant... ‘dan kinst it moaiste pronkbyld fan de hiele skepping sjen’Ga naar eind11). Yn har eagen lêst er ‘in blide libbensmoarn’Ga naar eind12). Tonearsten binne feint en faem forbline troch de strielen fan it ljocht, dat de dichter oantsjut as ‘'t sinneljocht fan ús trou’; hja kinne gjin wurden fine foar ‘de silligens fan ús nocht’. Njonkelytsen fornimme | |
[pagina 53]
| |
hja hwat in wille harres waerd: ‘Nou geane w' as blide berntsjes / togearre it libbenspaed’. En de dichter forfettet:
Dêrstou, myn bêste, biste,
Dêr is myn sillichheit.
En dêr ik bin, dêr fielste
Dy lokkich as myn breid.
Ridlik gau komt der in krinkel yn 'e keat. Yn It Skynsel fornimt men in elemint fan driging. Yn neare nacht, as de stoarmwyn bilet, fljogge de tinzen fan de dichter nei Fryslân ta:
Dêr leit, yn 't deadske beamt' biskûle
Jimm' pleats...
Yn it ûnwarich bearen fornimt er in stim, as fan ‘in gonger yn 'e nacht’. Hy mient de warskôging to hearren: ‘Gean hjir wei! Hjir is dyn ûnk!’ Mar de njûre stimmen bringe him net fan syn stik. Hàr forlitte - hoe sòe er it kinne?
Myn leafde en hope en myn gelove,
Myn heechste sillichheit bistou,
Dy sil my d' ierde net ûntrove;
Yn stoarm en needwaer, 'k bliuw dy trou.
De skaden lykwols wike net. Yn it fers Wy wiene togearre oermasteret in needlottige tins beide, dichter en faem.
Mar dêr kaem de Earnst yn syn donkere klean
En wiizde yn 'e skymrige fierte...
Dou waerdste sa kjel; ek myn mûle bleau stean;
Wy koene it suchtsjen net litte.
Doe krûpten w'elkoarren sa nei oan it hert
En koene gjin wurden mear fine;
Mar 't reaunte om my hinne: ‘Hâld op, 't is to let’;
Ek dit wurdt in dream fan 't forline.
Hwat de dichter by syn ‘wûnderblom’ wei driuwt, hoe't it sa kaem dat it misbitearde mei dy twa, kin men yn moai saeklik proaza neilêze yn de Gedenkschriften. Dêr forhellet Piter Jelles - mar it sil mear de stim fan Mr. P.J. Troelstra wêze dy't men hjir fornimt - dat syn famylje... ‘bezwaren had tegen bedoeld meisje wegens de reputatie van haar overleden moeder’. Wèr is de skriuwer hjir mis! Fokje' mem libbe ommers noch! De feitlike tastân fan it jier 1883 sil yn 1925 de skriuwer, mei men foarfêst oannimme, net to skerp mear foarstien hawwe. Fokje en har broer wennen op 'e pleats to Westermar; harren mem (mei de oare bern) siet op pake' pleats to Nijebrêge. Piter Jelles syn omke Marten wie ryksûntfanger op De Jouwer. Hy wie goed bikend mei de Pasma's, hwant Fokje' âlden wiene syn tiidgenoaten. It forset fan de sibben fan Piter Jelles tsjin ‘de dochter fan Anna Speerstra’ makke, dat omke Marten nei Grins ôffurdige waerd, mei opdracht en foarnimmen, syn neef der ta to bringen, Fokje Pasma op to jaen. Hie de omke in missy - de omkesizzer Piter Jelles hie in troef! Hy soe it boatsje | |
[pagina 54]
| |
fan dy omke út De Jouwer moai yn it reid stjûre! Hwat die syn famylje har mei it gefal yn to litten? Hy hie bistek op Fokje en dêrneffens soe syn hâlden en dragen wêze. Sels hie er oangeande Fokje' mem by goekunde de hichte helle en doe hie him bliken dien, dat fan dy smelle praetsjes neat oerbleau: ‘Het lag voor de hand, dat ik er niet aan dacht de verhouding met haar te verbreken wegens de vermeende of werkelijke zonden van wijlen (!) hare moeder, temeer toen een informatie bij enkele mijner kennissen niets onbehoorlijks aan het licht bracht.’ Piter Jelles syn troef is dizze. By syn kommen to Grins wurdt Martenom fan de studinten - freonen fan Piter - mei gâns drokte en bombaerje ynhelle, op de ‘clubs’ mei konjak boarnd en grinzer koeke fuorre en mei in bineaming ta ‘Earelid’ peil. Dat troch it enoarme spektakel yn Mutua Fides forjit omke Marten tonearsten de saek, dêr't er foar oerkommen is, al komt er der letter wol mei op 'e proppen. Mar dan hellet syn missy al net folle mear út:... ‘en nadat hij en ik zeer kort over die aangelegenheid, die hem tot mij voerde, hadden gesproken, zonder tot een konklusie te komen, vergat hij deze zaak tot zijn vertrek met den ochtendtrein’. Dochs sit der in skuor yn it lekken. Piter Jelles pakt mei it gefal om en op it lêst mient er ljocht to sjen. Hy slacht Fokje foar, hja sille gearkomme by har pake oan hûs to Nijehaske. Dat giet oan. H.F. Pasma, lid fan de Fryske Steaten en wethâlder fan Haskerlân - koarts yn hiel Fryslân forneamd om syn rapport oer de reis fan de ‘Deenske kommisje’ - kriget de jongelju by him oer de flier. Us dichter fortelt him, dat hja nei alles hwat der bard is, mei de forkearing net yn it âlde sok fuortfarre kinne. It is tinkt him de baes, dat Fokje en hy inoar in jierlang net sjogge en ek net skriuwe. Soe nei forrin fan dat jier bliken dwaen, dat Fokje en hy noch likefolle sin oaninoar hawwe, dan sil hy, Piter Jelles, de forhâlding trochsette en foar gjin wjerstân wike. Pake Hindrik Frânses kin dêr yn meigean en it liket Fokje ek goed ta. Dêrmei giet it pear útinoar, en - foargoed! De Gedenkschriften sizze dit derfan: ‘Het jaar was nog niet om of de jeugdige schoone was al het slachtoffer geworden van de liefdesbetuigingen van iemandGa naar eind13), met wien zij dan ook spoedig is gehuwd’. Fjirtich jier letter sil de dichter bikenne, dat dit gefal him ‘een grooten schok’ op 'e lea stjûrd hat. It astrante dwaen fan har, dy't syn faem wie, dy't har alteast mei har wurd noch foar de tiid fan in jier oan him forboun hie, makke dat syn bitrouwen yn fammedeugd in knoei krige: ‘De moreele steun, wortelende in mijn onbedorven natuur, ontviel mij’. It sil yn dy snuorje west hawwe, dat Piter Jelles toloarsteld en forbittere it folgjende fers skreau:
Hwerom?...
Hwerom hest' fan dy donkerblauwe eagen,
Dêr ik ljochtende stjerren yn seach?
Hwerom heste sa'n blierlaitsjend mûlke,
Dat my 't hert nei de lippen ta teach?
Hwerom heste sa'n heldere stimme,
Dy my taklonk as himelmuzyk?
Hwerom is hy, dy leit yn dyn earmen,
Yn syn wille de kening to ryk?
| |
[pagina 55]
| |
Hwerom is foar dyn holle Gods namme
Mei de hearlikste skriuwtekens set?
Hwerom biste sa moai doch, leaf famke,
En hwerom - hwerom heste gjin hert?...
Hat de dichter Fokje syn gedicht tastjûrd? Grif al. Hy sil dat net ûnder him hâlde kinnen hawwe. Yn elk gefal, Fokje hat weet hawn fan de dichterlike klacht, dêr't hja faeks ek eat fan mislediging yn preaun hat. Ik mien to witten, dat it 75 jier frijwol ûnbikend bleaun is, dat Fokje Pasma dêr mei in tsjinfers op antwurde hatGa naar eind14). Tafallich mei hiel oar wurk dwaende, kaem ik pinfiskjendewei to witten, dat Fokje Pasma yn dichtfoarm in antwurd skreaun hie op Piter Jelles syn fers Hwerom?... En ek dat it jit yn ôfskrift bistie! It slagge my doe al gau, Fokje har biskie yn hannen to krijen, al wie it dan ek net yn har eigen hânskrift. Dy't my it ôfskrift bisoarge, sei tsjin my: ‘Hea, is dat foar Jo hwat nijs? Ik tocht dat oaren dat ek wol wisten’. It kin bêst wêze, dat guon yn de famylje Pasma en ek in biskate rounte fan oantrouden dêromhinne, mei de dichterlike réaksje fan Fokje Frânses Pasma op 'e hichte west hawwe. Algemien bikend sil dat lykwols net west hawwe. It antwurd fan Fokje, dat ik hjir folgje lit, liket my wichtich ta om mear as ien reden. It jowt ús in better bigryp oer de forhâlding tusken har en de dichter Piter Jelles en ek oer de reden hwerom't dy útskuord is. It jowt in krekter forstean fan de forealens fan de jonge dichter, dy't, yn syn ynmoedich sykjen nei ‘in fêste en trouwe hâld’, wylst it jonge dichterherte ‘blommen frissele om eltse tsjeppe fammeholle’Ga naar eind15), it fanke fan syn kar licht al to gau reutele hat fan ‘leafde en minne’, fan ‘trou dy't sterker as de dea wêze soe’. Dit wie it antwurd fan Piter Jelles' ‘wûnderblom’:
Hwerom?...
Hwêrom heste dost' just my mar koeste,
(Dy joun dy forjit ik grif nea!)
Daelk al fen ljeafde en minne my spritsen,
Dy ‘sterker scoe wêze as de dea’?
Hwêrom heste my 't jawird ôftwongen,
Dat ús, seist', foar ivich forboun?
Hwêrom heste fen trou my forhelle,
Fen trou, dy by dy ‘nea fordwoun’?
Hwêrom klagest nou, dat ik nin hert ha,
Wylst' dines (leau mar dit ik 't wit!)
Sels by stikjes en brokjes weijoechste
En mannich jongfaem om dy lit?...
Foarmoanne 1884. F.
Nou, wapene mei de kennis fan Fokje Pasma har tsjinfers, is it nijsgjirrich en learsum de lyryske dichten yn Rispinge op 'e nij to lêzen en ek it fragmint út Wording jitris nei to gean en it to hifkjen oan itjinge de skriuwer oer Fokje en syn forhâlding mei har, iepenbier makke hat. Mar ek oan itjinge hy nèt ûntbleate hatGa naar eind16). | |
[pagina 56]
| |
Ien en oar bringt jin dan wer yn it sin, dat tinkskriften - en yn it miene autobiografyen - op somlike punten it alderneiste net sizze. Dat hja, al of net mei opsetsin, eat forswije, dat dochs foar it bigripen fan de skriuwer syn wier aerd essinsiëel neamd wurde mei. Men kin soks Piter Jelles oars ek wol wer forjaen: hy hat syn mémoires ommers foar it greatste part net skreaun, mar... diktearre! |
|