De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 58]
| |
Dr. G. Dykstra:
| |
[pagina 59]
| |
mei de sintugen waernimbers), in biskate sin (bitsjutting) lein wurdt. Symboalyske útdrukking bitsjut dus de útdrukking fan hwat geastliks troch sinlike tekens en bylden. It bigryp ‘symboal’ komt oarspronklik inkeld yn de religieuze sfear foar en is letter oerdroegen op oare gebieten, yn it bisûnder op de kunst. Goethe hat dêryn it foarbyld jown. Doe't er 75 jier wie, sei er tsjin Eckermann: ‘Ich habe all mein Wirken und Leisten mein Leben lang nur symbolisch angesehen.’ Yn de rin fan de tiid binne der hiele wrâlden fan tekens en bylden ûntstien troch de spontane en aktive wurking fan it minsklike biwustwêzen, dy't tusken de dingen en de minske ynlizze en de forbining tusken beide ta stân bringe. Dy bimiddeling komt ta stân troch klanktekens yn de tael, troch foarmen en bylden yn de mythe en de kunst en troch yntellektuéle tekens en symboalen fan de wittenskip. Oeral hawwe wy dêrby to meitsjen mei produkten fan de geast, dy't de waernimmingsynhâlden omskept ta symboalyske ynhâlden. It symboal drukt dus it mienskiplike út fan de ûnderskate kultuerfunksjes lyk as tael, mythe ensf. Mar men kin it boppedat ek sjen as it karakteristike forskil tusken minske en dier. De minske allinne brûkt symboalen, d.w.s. hy fettet tekens op as dragers fan objektive bitsjuttingen. De forneamde biolooch Uexküll seit, dat alle dieren oan- en ynpast binne oan har milieu; hja kenne in ‘Merknetz’ en in ‘Wirknetz’, d.w.s. hja krije prikels fan bûten en réagearje dêrop. Binnen de ‘Funktionskreis’ fan it dier is der in evenwicht tusken beide. Hoewol deselde biologyske regels ek jilde foar de minske, hat hy dochs in oare methoade foun om him oan to passen; hy hat in tredde skeakel ûntwikkele, to witten it symboalsysteem. Der is in dúdlik forskil tusken de organyske réaksjes fan it dier en de antwurden fan de minske. De earste folgje daliks op de prikel fan bûten, de twadde kinne útsteld of ûnderbrutsen wurde troch in stadich tinkproses. Rousseau achtet dat gjin foardiel, hwant neffens him is ‘l'homme, qui médite, un animal dépravé!’ De minske libbet net allinnich yn in fysyske, mar ek yn in symboalyske wrâld, men kin him mei mear rjocht in ‘animal symbolicum’ neame as in ‘animal rationale’. Men nimt yn de regel wol oan, dat dieren ek in tael hawwe, mar hja drukke dêr allinnich har gefoelens, har emoasjes yn út, har lilkens, binaudens, boartlikens, wanhoop of fortriet. Der ûntbrekt in elemint yn, dat karakteristyk is foar de minske, hja kenne gjin tekens, dy't in objektive bitsjutting hawwe. De dieretael is alhiel subjektyf en kin nea hwat objektyf biskriuwe. De grinsskieding tusken dier en minske leit tusken de ‘emotional language’ fan it dier en de ‘propositional language’ fan de minskeGa naar voetnoot1). Dieren réagearje tige goed op tekens. As ik moarns mei in mês op in bakje mei iten slaen, dan haw ik yn in tel tritich mosken om my hinne, wylst der earst gjinien to sjen wie. Dr. Portielje fortelde ris fan in houn, dy't altiten krekt op 'e tiid út de koer nei de foardoar gyng om syn baes op to heljen, hoewol dy op tige ûngeregelde tiden thúskaem, mar hy sei | |
[pagina 60]
| |
altiten troch de telefoan tsjin syn frou, dat er klear wie en dat hja it iten mar op 'e tafel sette moast en dan bigoun syn frou mei de itenspannen to rammeljen, blykber it teken foar de houn om út de koer en nei de doar to gean. Dit wol noch net sizze, dat dieren ek symboalen forsteane. In teken of signael is in diel fan de fysyske wrâld, in symboal heart ta de minsklike wrâld fan de sin (bitsjutting). ‘Symbols are vehicles for the conception of objects. It is the conceptions, not the things, that symbols directly “mean”.’Ga naar voetnoot1). Jin in biwuste foarstelling foarmje fan in ding of situaesje, is hwat oars as der op réagearje. De minske is net boun oan situaesje en milieu, lyk as it dier; hy kin him it forline, it takomstige en it ôfwêzige foarstelle en de taelsymboalen binne dêrby foar him in greate stipeGa naar voetnoot2). Dat blykt bygelyks út de geastlike ûntjowing fan twa stommedôve blinen, Helen Keller en Laura Bridgman. Fan de greatste bitsjutting foar har wie de oergong fan it gebrûk fan tekens nei dat fan wurden. Helens ûnderwizer skriuwt: ‘Ik moat Jo skriuwe, dat der hjoed hwat tige wichtichs bard is. Helen hat leard, dat alle dingen in namme hawwe en dat it manuale alfabet de kaei is foar alles, hwat hja witte wol.’ Hja bigrypt, dat de symboalyske taelfunksje algemien tapast wurde kin en in nije en wide hoarizon giet foar har iepen. Sa is it ek by de bern, as hja ûntdekke, dat wurden symboalen binne, dat in klankkompleks in ding symboalysk útdrukt, dan bitsjut dat ‘in revolúsje fan har tinkwize’. De ‘nammehonger’ bigjint, hwant nammen binne nedich om de foarstellingen fan de dingen fêst to lizzen. It is net sa, dat it bern dy foarstellingen al folslein foarme hat en der dan in etiketsje, de namme, op plakt, mar de tael is in essinsieel middel, in wichtich ynstrumint om de objektive wrâld op to bouwen. Dat der in nau forbân bistiet tusken de funksje fan de tael en dy fan it objektive foarstellen, blykt fierders ek út psychopathologyske forskynsels lyk as de aphasy en amnesy op it stik fan kleuren en nammen. Dêrby is net allinne it soune taelgebrûk oantaest, mar ek tagelyk de hiele foarstellings- en skôgingswize fan de pasjint op typyske wize foroare. By de opbou fan de tael kin men neffens Cassirer trije ûntwikkelingstreppen ûnderskiede. Foarst: It taelteken slút him sa nau mooglik oan by dat, hwat it oantsjutte wol. Hoe fierder wy yn de skiednis fan de tael weromgeane, hoe riker hja wurdt oan onomatopéën, d.w.s. wurden, dy't it iene of oare neibauwe wolle. De lju hawwe lang miend, dat dêr de oarsprong fan de tael to sykjen wie en wy fine dy théory al by de Stoa. It neidwaenwollen yn klanken is in faktor, dy't oeral meiwurket, foaral yn de tael fan de primitive folken en yn de bernetael. Bygelyks is de Ewetael (Afrika) tige ryk oan middels om in yndruk dy't men fan bûten ôf krigen hat, yn klanken wer to jaen, hja hat 33 wurden foar it verbum gean, elk jowt in bisûndere wize fan gean wer. Sûnder it Frysk in primitive tael neame to wollen, leau ik, dat men ek yn ús tael in hiele rige wurden hat om nuân- | |
[pagina 61]
| |
searringen fan it gean út to drukken, bygelyks peazgje, wâdzje, teantsje, baeije, trêdzje, batse, ensfh. Yn alle kultuertalen is dy ‘Lautmalerei’ biwarre bleaun. Hermann Paul neamt yn syn Prinzipien der Sprachgeschichte bls. 160, sa'n 200 Dútske onomatopéën op. De twadde trep foarmet de analogyske útdrukkingswize. Hja makket har njonkelytsen frij fan de ynhâld fan de sinlike yndruk. It giet der nou net mear om de eigenskippen fan de dingen yn klanken wer to jaen, mar ûnderskiedingen, dy't men yn it tinken makket, út to drukken. Sa kinne yn talen mei muzikale toan deselde syllaben troch stigende of fallende toan hiel forskillende bitsjutting krije. Ek kin men troch allinne toanforoaring ûntkenning útdrukke. Reduplikaesje is yn ûnderskate talen in klankmiddel, dat de mannichfâldichste relaesjes útdrukke kin, bygelyks de wikseljende foarmen, dêr't in hanneling yn bart, of in meartal, of de forgreatingstreppen of tiidsforskillen. Der binne talen, dêr't de reduplikaesje de hiele bou bihearsket. It komt der nou net mear op oan de wrâld ôf to byldzjen, mar de funksje fan de bitsjutting wurdt hwat langer hwat mear selsstannich. De tael makket har frij fan de ynhâlden fan de sinlike oanskôging. De tredde trep is dy fan de symboalyske útdrukking. De tael stribbet der nou net mear nei in gelikenis mei de dingwrâld to birikken. Hja lit de foarstellingen, dy't hja oarspronklik troch oanskôging krige, farre en komt njonkelytsen yn de sfear fan it suvere tinken. Dêrby moatte wy bygelyks tinke oan de symboaletael fan logika, wiskunde en natuerwittenskippen. Lyk as de tael in systeem fan klanktekens is, kunst en mythe in wrâld fan bylden foarmje, sa skept ek de natuerwittenskip in eigen ‘tael’, in eigen tekensysteem. De natuerkundige Heinrich Hertz sprekt fan it tiid-, romte-, massa-, krêftbigryp as fan ‘freie Scheinbilder’, dy't de wittenskip ûntwerpt om de sintúchlike ûnderfining to bihearskjen. It eksakte tinken birêst dus ek op in apart soarte fan symbolyk. Alle natuerwetten fine har útdrukking yn in formule, dy't werjown wurdt troch in forbining fan tekens. Yn in Delfter dissertaesje oer fleanmasinebou foun ik gjin wurden, allinnich in oanienskeakeling fan formules, dus tekens, dy't neat mear to meitsjen hawwe mei it werjaen fan ús sinlike wrâld. Deselde ûntjowing kin men ek weromfine yn de kunst, yn de opbou fan de aesthétyske wrâld. Goethe ûnderskiedt dêrby bygelyks ek deselde trije treppen: 1) einfache Nachamung der Natur (de geast jowt passyf de yndrukken fan bûten trou wer); 2) die Manier (de kunstner siket in eigen foarmetael); 3) der Stil (de heechste foarm fan de frij skeppende geast fan de kunstner). Yn alle trije gebieten, de tael, de kunst en de wittenskip kin men in analoge wetmjittichheit yn de ûntjowing fêststelle, to witten dy fan it allinne neibauwen fan de objektive werklikheit nei it suvere symboal. It romte-, tiid- en getalbigryp binne yn har en ek yn de mythyske wrâld konstitutive faktoaren foar har opbou. It sintrale tinkbyld fan dizze opfetting is, dat de minsklike kultuer net in passyf werjaen of ôfbyldzjen fan de objektive werklikheit is, mar in skeppen fan nije gebieten fan symboalen. |
|