en idéalen koe Brouwer mar raek dippe út syn persoanlike briefwikseling mei dizze ‘bodder’. Diskear hat de skriuwer syn stoffe opnij ûntliend oan in brievesamling, mar nou út de neilittenskip fan prof. Hermann Möller, dy't yn Aarhus biwarre blykt to wurden. De briefkerij jierrenlang fan de kenner fan eilanner tael en seden, de út it folk opkommen ûnderwiisman Boy P. Möller mei de heechlearaer yn de germanistyk to Kopenhagen, beide Sylters fan komôf dy't har gelyk skreauwen, makket dus de grounslach út fan dit kreas útjowne boekje. Lyk as by Joast en Eeltsje Halbertsma ek it gefal west hat, liket dizze korrespondinsje mar fan ien kant biwarre bleaun to wêzen; ntl. by de wittenskipsman, hwant fan Boy P.'s kant binne blykber gjin epistolaire dokuminten foar it ljocht kommen.
De ynhâld fan de biwarre brieven jowt in wakker libben forskaet. It giet dêryn almeast oer kwestjes dy't de Sylter tael en har fuortbistean reitsje, mar ek wurdt skreaun oer húslike omstannichheden, persoanlike konstitúsje, salarisdingen ensfh., bysaken grif as it om tael of literatuer giet, mar dy't it in blomlêzer-út-brieven dochs makliker meitsje al garjendewei in karakterbyld to krijen fan de man dy't biskreaun wurdt en dat byld op syn lêzers oer to dragen. Mei de lytse, fine pinsielstreken dy't him eigen binne wit prof. Brouwer in portret fan dizze Noardfryske ‘bodder’ en fan guon lju út syn formidden foar ús del to setten. Nijsgjirrich is ek hwat men hjir lêst oer de réaksje fan guon Noardfriezen op de bimuoijenissen fan P. de Clerq mei de Noardfryske saek en yn forbân dêrmei op it bisyk fan in jonge taelkundige, de ûnderwizer P. Sipma.
Wie dizze Boy P. Möller in profetyske figuer dy't mei kop en skouders boppe de minsken út syn formidden en tiid útriisde? Dat grif net. Prof. Brouwer seit op bls. 42 sèls fan him: ‘Boy P. Möller hat grif net in great man west, mar dochs sit der yn syn persoanlikheit en yn syn wurk genôch, dêr't men greate wurdearring foar hawwe kin. Grif ek in bodder yn 'e Fryske striid, in bodder dy't it net maklik hawn hat en dy't it net maklik makke is. In ienlike figuer, dy't al to koart de stimulearjende krêft fan in organisaesjeforbân ûndergiet, mar al to gau it fan eigen formogens hawwe moat.’
Mei it neamen en werjaen fan hiel hwat lytse tsierderijen oer staveringskwestjes en de opset fan in Sylter Wurdboek, dêr't yn de brieven de romte fan foarbylden fan to finen wiene, hâldt de wittenskiplike direkteur fan de Fryske Akademy syn Westerlauwerske lêzers sûnder mis in spegel foar. Tusken de rigels troch giet in warskôgjende finger omheech nei meistriders dy't hjoed-de-dei yn krekt sokke kwestjes de solidariteit opofferje wolle oan it trochdriuwen fan eigen sin. In konsekwinsje dy't laet nei de divel fan de twaspjalt.
Prof. Brouwer's boekje is bihalven in meinimmend libbensforhael fan in Frysk strider ek in relaes fan hwat Jan Piebenga neamd hawwe soe ‘Fryske tragyk’. In forslach fan ‘kriich’, fan trochsetten, mar ek fan gâns ‘kreauwerij’, fan barrikadegefjochten en konkurrinsjeniid tusken Fryske taelmannen, en dat towyl it objekt fan har stúdzje en leafde, it Syltersk, allinken ûnder harren weisakket en stadich degenerearret. Fryske tragyk, yndied!
Is it hjirom faeks dat Brouwer's titel net sûnder irony keazen wêze moat? Hwat is op 't lêst in ‘drama yn duodecimo’ óárs as in stoarm yn in glês wetter, as ‘much ado about nothing’? It stomprinnen fan goede ynisiativen op steech partikularisme, it tokoart oan teamgeast en it net op 'e tiid bondeljen fan kostbere krêften is ek in Noardfrysk forskynsel. Dit boekje forhellet der fan. B.g. op bls. 8: ‘It is in byld fan Fryske biweging, lyk as dat him sa faek foardien hat: der bigjint hwat to risseljen, mei gauwens liket it op to tillen fan libben en biweech; der binne fikse krêften oanwêzich, dy't stik foar stik gâns wurk forsette kinne en offers foar it doel oer hawwe, mar teamgeast is der net of to min - alles arbeidet nêst of trochinoar hinne, faek oan itselde objekt, de iene gunt de oare syn sukses net en sa wurde tiid en krêft formuozze en sakket hwat safolle ûnthjit mei gauwens wer yninoar.’
D.A. TAMMINGA