Filmkronyk:
Wir wunderkinder
In knappe satire fan Kurt Hoffmann op fjirtich jier Dútske skiednis, fan 1910 oant 1950. In filmkabaret dêr't men mei wille nei sjocht en ynsafier mei foldwaning, dat der ris wer Dútskers binne, dy't de bikende Deutschen Mensch op it harspit fan de spottende krityk nimme doare en dat mei talint. De wrâld is yn neamd tiidrek mear as pynlik mei dat fenomeen yn de kunde kommen, sa slim, dat it foar in bûtelanner net tafalt, om der allinne mar mei to spotten. Dat moatte Dútskers dwaen en as hja it goed dogge, is it de greatste tsjinst dy't hja har folk biwiizgje kinne. In skerp byld fan de mentaliteit fan de Dútske massa forklearret grif mear fan de resinte wrâldskiednis as in polityk-ekonomyske analyse. En in flitsend kabaret docht yn dit opsicht mear as in psychologysk standertwurk. Ien fan de essinsieelste kentekens fan de mentaliteit, dy't sa faei is foar massahysteary, is ommers, dat hja folslein ymmún is foar humor, lit stean foar selsspot. De humanist, binammen de satirikus, dy't dit skaei ûnmeilydsum op 'e hoarnen nimt, hat de funksje fan de chirurch, dy't yn it sike lichem snijt om it to genêzen. As men de troanjes fan de neo-fascisten, dy't op dit stuit blykber wer oan bod komme kinne, yn de kranten sjocht, bigrypt men, dat Dútsklân hjoed ta syn opfieding in skreauwend forlet hat fan de flymjende satire, dy't der ynfiket.
Hwat dat oangiet bliuwt Hoffmann syn film yn de tekening fan it nazisme ryklik oan de mylde kant, hoe geastich en raek as er faken ek typearret. De titel is in founst en in bêstenien. De idele kwast Wilhelm II mei al it ûnnoazele byzantinisme om him hinne, kriget yn de ynlieding syn gerak. De earste wrâldoarloch fornimt men net folle fan, it opkommende nazisme yn de republyk fan Weimar safollesto mear. Twa Dútskers wurde as standerttypen foarinoar oer set: de hwat al to rjochtskepene en to passive Hans Boeckel en de ivige profiteur Bruno Tiches, âld-skoalmaten fan it gymnasium. Mei harren giet men fragminten fan dit biskiedende tiidrek troch. Fan great bilang en fierwei it sterkste elemint yn de film is it kommentaer fan twa kabaretiers fan de forneamde Berlynske Stachelschweine, dy't yn bitende balladen en aforismen der op los spotte.
De ûnderwrâld fan it nazisme makket Hoffmann him fiersto maklik ôf. Doarst er hjir net ta de grouwélige réaliteit troch to stjitten, hat er gjin kâns sjoen, om de totale misdied to liif to gean mei it wapen fan de spot? Yn alle gefallen bliuwt er oan de uterste oerflakte, op it ûnhistoaryske ôf. De biersûpende, âljende skobberts, dy't er jin sjen lit, wurde yn it lyts himd set, mar der barde doe mear en hwat oars as sûpen en âljen. As Boeckel, doctor yn de filosofy, yn it iepenbier wegeret om de Hitlergroet to bringen en gjin partijlid wurde wol, kriget er in ûndergeskikte baen yn in boekhannel. Ja, leau it mar. De Genossen wisten doe wol oare wegen foar rekalsitranten. It antisemitisme wurdt yn in lytse flits efkes oantsjut, mear net. Dat ta in great histoarysk dokumint, dat tagelyk in document humain is, bringt dizze film mei al syn ynternasionale prizen it net.
Der stiet foar oer, dat de tiid nei 1945 raek en kostlik typearre wurdt. Bruno Tiches, dy't de oarloch oerlibbe hat, dûkt wer op, nou as profiteur fan it Wirtschaftswunder. Neat foroare, yn wêzen deselde smjunt. Dit to aksentuearjen is in greate fortsjinste fan de regisseur. Boeckel kriget nou ek markanter stal, as er syn eardere freon yn de krante ûntmaskeret. As Tiches driigjend en flokkend it redaksjeburo forlit, stapt er yn de lege liftkoker en fynt syn ein. It kommentaer fan de Stachelschweine is dan: der binne spitigernôch to min liften yn reparaesje, om harren allegear nei de wearlich to helpen.
Ek de bigraffenis fan Tiches is treflik. Alle Wunderkinder binne dêr wer byinoar, bispotlik as hja lyts hâlden wurde, gefaerlik as hja wer in kâns krije soene.
Hansjörg Felmy as Boeckel, Robert Graft as Tiches, Wolfgang Neuss en Wolfgang Müller as Stachelschweine en Johanna von Koczian (de Anne Frank fan it Dútske toaniel) as Boeckel syn frou, spylje allegearre sublym.
INNE DE JONG