De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 42] [p. 42] A. Jousma: Dit lyts lan Dit lân is lyts: ien inkelde minút en 't gounzjend munster, opstiigd út syn hert, sjit fluitsjend ta syn smelle swetten út: it kin der rêste, mar der libje net. Flak is dit lân, igael en griis en grien ûnder de skierens fan syn lege loft. Nei Switserlân binn' kloften auto's gien: hja woll' derút, de hichte yn foar in skoft. Ik wit in plak, dêr ha de kimen boud ien greate rounte, fan forwulf oertein. In heale bol stiet fol fan grien en goud mei blau oerbôge en der is gjin ein. En út dy djipte rize bergen op, wyt, woast en wyld. In lêste sinnestriel biskynt in machtich grize goadekop en Walhal skimert fier yn reade priel. Dit lân is lyts - dit lân is sûnder grinzen. Dit lân is flak - dochs berchlân as gjin oar. It komt jin as in nuver riedling foar en libbenslang hâldt jin dit riedling finzen. Men kin it sykje heech yn Switserlân, of swalkje oer it eineleaze wetter, neat makket dit ûnwennich langjen better en altyd fierder wykt de kimebân. [pagina 43] [p. 43] Troch de poarte Hy moat it sein ha: ‘Hielendal allinne silstû troch dizze reade poarte yn gean.’ Sûnt moast ik wiken, moannen, jierren rinne: hwant hwa sil dat hwat hy ús seit wjerstean? En hwa soe dit wreed lân fan mylde sinne oer groulik leed en djippe fal forstean? Hwer't pine en eangstme pearje oan de minne en dy tognidzje en sels nea forgean? Mar alle wegen, skadich faeks of soel, fan tsjusternis of grienblau rom oerbôge, hja liede - ik wit it wis - nei 'tselde doel: de poarte, dy't der wachtet oan de ein. En as ik ienris de iensme reis foltôge, wachtet er dêr. My tinkt, sa hat er 't sein. Vorige Volgende