- Hwerom soe ik der oars oer tinke as heit, as dou? sei er.
- En as mem. Mem kin net om 'e jonges, mar oars...
- Hwerom twingt se ús dan?
- Mem hat ús allegearre droegen. Ta it libben, Nathan, net ta hokker earfolle dea. Mar stil, ik hear it stekje... hoe is 't mooglik! Is mem der nou al wer?
De doar sloech hurder ticht as oars en doe't frou Mesker de keamer yn kaem like hja sa lilk as in spin. De âlde fizel, ien fan 'e dingen dêr't hja mei fuortset wie, hie se noch ûnder de earm.
- Hwat nou, wie dy fizel him net goedernôch?! rôp Thamar.
- Goedernôch? Och dy fizel, haw ik dy wer meinommen? Nou, ik bring him der net wer hinne!
- Hwat is der yn 'e goedichheit bard, hwat docht mem nuver! Hat er mem misledige?
- Misledige? Ruth, sei er, Ruth. Krekt as wie 'k syn húshâldster... it like wol dat ik gjin klean oan hie, niis.
- Mar siz dan hwat der bard is, mem! rôp Thamar.
- Aenstouns. Lit Nathan earst dy fizel toplak bringe, oars tinkt dy âld keardel ek noch... In sjael omdwaen, Nathan, 't is fiersto kâld sa.
Doe't Nathan de bûtedoar efter him yn 't slot loek, draefde frou Mesker de gong yn en seach troch it rútsje. Mar hy wie al fordwoun yn de tsjustere strjitte. Earne lofts klonk it izerbislach fan soldatelearzens. Dy gean de oare kant op, mompele hja. Doe kaem hja hastich de keamer wer yn, foel har dochter om 'e hals en barstte yn gûlen út.
- O Almachtige..., wie alles hwat Thamar forstean koe. Hja fette har mem by de skouders en frege hwat der bard wie, mar der kaem oars gjin antwurd as in forheftich snokken. Ynienen stelde Thamar mei forbjustering fêst dat har mem net allinnich skriemde, mar ek lake. Har wyld hinne en wer skodzjend rôp hja: - Hwat skeelt mem, siz op, hwat is der yn 'e goedichheit bard?!
- Nathan! O Almachtige...
- Hwat is der mei Nathan?!
- Hy is der hinne fanke, der hinne, der hinne...
Thamar wist net hwat hja der fan tinke moast. - Yn fredesnamme, rôp hja, hwa is hjir gek? Hwat is der mei Nathan, hwer is er hinne?!
- Net nei Westerbork, net nei Westerbork...
Nei't it frou Mesker dúdlik wurden wie, dat hja op it punt stie ek har beide âldste bern to forliezen, hie hja ynienen út 'e rie west. Heinsius, genôch hawwend oan in heal wurd, skreau har de to spyljen rol foar en soarge sels foar it oare. Dyselde nacht noch waerd Nathan, mei gewelt oermastere en fêstboun op in brankard, yn in sike-auto nei it Oertsjongerske forfierd, ûnderweis biwekke fan in kreaze faem yn forpleechstersklean, dy't har as suster Anne bikend makke en de hiele reis chloroform en watten réhoud om him yn 'e sûs to bringen foar it gefal de S.D. of Jan Hagel de wein oanhâlde mocht. Yn 'e sûs hat er hwat mear fan in pasjint, hie Heinsius sein; en boppedat is it in jonge dwaes, hwa't de dea mear talaket as it libben, dat nim gjin risiko. De chloroform hoegde lyk-