De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 33] [p. 33] [Nummer 2] Sjoerd Spanninga: Simmerjoun Der binne stikken blinkend wetter en dan wer griene wâllen dêr't it gers it reid út rint in fruchtb're frede legert oer it fjild hwant groeisum stean' de stille stounen dy't ta simmernachten rypje der ropt miskien in lette fûgel troch de loft en soms heart men it sjongen fan in groetnis ûnder it foarbygean mar oars is alles rêstlik om jin hinne ek hat de wandeljende wyn de roken fan de risping ruiljend tsjin in skimich lok wol earne sliepsté socht inkeld de tiid dy giet syn wegen op de greate stjerreklok de wizers wurde weitsjend ljocht it ûrwurk fan it libben tikket aloan warber yn ús hert en lâns de autostrada flikkert it forkear in tûzenfâldich doel to mjitte. [pagina 34] [p. 34] Yllusia op ierde In ljochtslach toevjend yn de wieling fan miljoenen jierren bistou myn bern in lyts en triljend trefpunt stjerreskrift dat efkes opflitst ta in wymrjend witten fan dyn wêzen en dan wer weigloeit út 'e tiid om aenst fannijs yn oare foarmen to forrizen fjûr en flechtwurk stof en sied - dyn wet is stil en strieljend hjir de wierheit nei to gean en 't hert to hifkjen op it floeijend skynsel fan in nij bineamen oant hel en himel har gesichten yn dy hawwe de martelgongen fan it leed en 't hieljende geheim dat rûzet oer de balsembeammen - loftreiziger en djipsédûker tusken 't leauwe en de rede libbet wol yn ider mins it swerfske avontûr in sterk forhoalen driuw mar inkeld de ûntdekkers sjogge hwat de siel har seit de kymgong fan de geast - hja brekke har út âlde skema's los en jowe har de fielingen fan machtige ympulsen oer dat wy ús oarsprong net forjitte it skeppend neat hwer't eltse twiveling yn rêst - de weagens komme har breedskoudere to mjitte en falle foar har del men is net bleat in boartersding it wikseljend biwegen mear mar sels in kosmysk elemint en hearsker oer syn skaedbyld wurden... [pagina 35] [p. 35] Liet Sont ik de triennen fan myn lea biwarre is 't hurde hout yn my bigoun to bloeijen as stie it wiet fan dauwe sêft to soeijen doe liet hja njonken my dit teken witte in wige foar de sinne en de fierte sa flochten har de twigen troch it gea - nou wurde wer de wylgetakken rea allyk de skonken fan de earrebarre... Op 'e drift Astou mar lokkich wurdste bern dan is my alles goed ik ha dy woun en wer forlern mar stean noch fan dy noed salang astou gjin taflecht hast in skûle foar de nacht al bin ik sels in swankebast dy't nearne anker slacht. Groei Soms komt der samar in stik ivichheit en jowt de tiid de tsjust're machten fan ús bloed ynstreamingen fan ljocht dan hat de dei in gouden helm op set en sylt de nacht fan sulver de beammen hawwe noch de stjerren oan har falskerm hingjen hwant de bitovering lit har net los hja groeije fan de ierde wer de himel ta en libje wol út greate greate iensumheden dy't har geheimen stil forhoalen hâlde. [pagina 36] [p. 36] Unmacht De iene is jin altyd tichteby hja hat hwat oer har dat de hannen tinken docht streelt men oer it ljochte famkeshier yn jins gedachten en hellet men har oan de achteleaze dan hoedet men har leaf en lyts hja suvert elts bigearen ta in blide lust de eagen wurde nea net broeisk bislein of geil fan gloede mar ha in helder wêzen yn in boartlik fjûr de fuotten fearje licht har paed en 't bloed dat dounset yn in toversirkel - de oare myld fan geast en fan natûre gol en goed wol helte greater oanlein mei har sterke wil en 't wûnderwide fan har libben hja bliuwt jin altyd like fier en just dat máchteleaze driuwt jin soms de triennen nei de eagen... Vorige Volgende