Meidielingen
Mei yngean fan dizze jiergong is der hwat foroaring kommen yn de redaksje fan it tydskrift. Troch syn wurk oan de radio achte Marten Sikkema him net langer yn steat in sit yn de redaksje waer to nimmen. Foar him yn it plak is kommen Durk van der Ploeg, de lêzers fan De Tsjerne foaral as dichter net ûnbikend.
Wy sizze - sa't wy forwachtsje út namme fan alle abonné's - Marten Sikkema tige tank foar de smite wurk dy't hy tolve jier lang as redakteur foar De Tsjerne forset hat. Wy binne bliid him alteast as fêste meiwurker to bihâlden.
Oan Durk van der Ploeg, dy't syn jonge en farske krêft yn tsjinst stelle woe fan dit tydskrift, hjirby in gol wurd fan wolkom.
DE REDAKSJE
By dit nûmer yn fine de lêzers in ynhâldsregister fan jiergong 1959.
Bannen foar dy jiergong, à f 1,75, kinne noch per brievekaert bisteld wurde by de administraesje.
It ûntwerp fan it nije omslach foar de kommende jiergong is fan de hân fan Meinte Walta.
Wolle de abonné's dy't dat noch net dien hawwe it lêzersjild dat nou f 12,50 is foar 1 febrewaris oermeitsje op postrekken 810027 fan Stichting ‘Je Maintiendrai-Friesland’ Ljouwert? De studinte-abonneminten à f 10, - jilde allinne as hja by foarútbitelling foldien wurde. In girobiljet wurdt dêrta by dit nûmer ynlein.
DE ADMINISTRAESJE